De nije himel en de nije ierde
1Doe seach ik in nije himel en in nije ierde: want de earste himel en de earste ierde wienen foarby, en de see wie der net mear. 2En ik seach de hillige stêd, it nij Jeruzalem delkommen út ’e himel, by God wei, tarist as in breid, dy’t har moai makke hat foar har man. 3Ik hearde in lûde stimme dy’t by de troane wei rôp: No is Gods wente by de minsken, Hy sil by harren wenje, hja sille syn folk wêze en God sels sil by harren wêze. 4Hysels sil harren alle triennen út ’e eagen feie, en de dea sil der net mear wêze, likemin as rouwe, gegûl of pine; want al it âlde is foarby. 5Doe sei Hy dy’t op ’e troane sit: No meitsje ik alles nij. En Hy ferfette: Skriuw it op, want dizze wurden binne betrouber en wier. 6Doe sei Er tsjin my: Se binne al neikommen. Ik bin de A en de O, it begjin en de ein. Dy’t toarst hat sil Ik foar neat út ’e boarne fan it libbenswetter drinke litte. 7Dat is it lean fan him dy’t oerwint, en Ik sil syn God en hy sil myn soan wêze. 8Mar de lefferts, de ôffalligen, de ferdoarnen, de moardners, de huorrejagers, de tsjoenders, de ôfgodstsjinners en alle ligers har diel is yn ’e poel dy’t mei fjoer en swevel stookt wurdt; dat is de twadde dea.
It nij Jeruzalem
9Doe kaam ien fan ’e sân ingels mei de sân skalen, fol fan ’e lêste sân pleagen, en spriek my sa oan: Lit my dy de breid, de frou fan it Laam wize. 10En hy brocht my yn ’e geast op in grutte, hege berch, en liet my de hillige stêd Jeruzalem sjen, dy’t delkaam út ’e himel, by God wei, 11mei de gloarje fan God; de glâns dêrfan liket op in tige kostbere stien, in kristalkleare jaspis. 12Der wie in mânske, hege muorre om hinne, mei tolve poarten, en op dy poarten tolve ingels; dêr steane ek nammen op skreaun, dy binne fan de tolve stammen fan it folk Israel. 13Trije poarten oan ’e eastkant, trije oan ’e noardkant, trije oan ’e súdkant en trije oan ’e westkant. 14De muorre fan ’e stêd wie op tolve stiennen opset, dêr steane de tolve nammen op fan ’e tolve apostels fan it Laam.
15Dy’t mei my spriek hie in gouden mjitstok, om de stêd, har poarten en har muorre op te mjitten. 16De stêd lei dêr yn it fjouwerkant, de langte wie like grut as de breedte. Hy meat de stêd op mei syn stôk: tolve tûzen staadzjes; har langte en breedte en hichte wienen gelyk. 17Doe meat er har muorre op: hûndertfjouwerenfjirtich jelne, neffens de mjitte fan ’e minsken dy’t de ingel brûkte. 18De muorre is boud fan jaspisstien, en de stêd is fan suver goud, sa klear as glês. 19De grûnstiennen fan ’e muorre fan ’e stêd binne mei alderlei edelstiennen fersierd; de earste stien is jaspis, de twadde lazuerstien, de tredde chalsédon, de fjirde smaragd, 20de fyfte sardoniks, de sechste sardium, de sânde goudstien, de achtste beryl, de njoggende topaas, de tsiende chrisopraas, de alfte hiasint, de tolfte ametist. 21De tolve poarten binne tolve pearels; ja de poarten wienen stik foar stik út ien pearel. En de strjitte fan ’e stêd wie fan suver goud, trochskinend as glês.
22In timpel seach ik net yn dy stêd; want God de Hear, de Almachtige, is sels har timpel, en it Laam. 23De stêd hat der ek gjin ferlet fan dat sinne of moanne har beskine; want Gods gloarje ferljochtet har, en har lampe is it Laam. 24De heidenfolken sille har paad fine by it ljocht fan ’e stêd, en de keningen fan ’e ierde sille har skatten der ta yndrage. 25Har poarten geane de hiele dei net ticht, want nacht sil it dêr net mear wurde; 26en hja sille de skatten en de rykdom fan ’e folken dêr ta yndrage. 27Neat ûnsuvers, wat dan ek, sil yn dy stêd komme, net ien dy’t meidocht oan grouwel en leagen; oars net as dy’t opskreaun steane yn it libbensboek fan it Laam.