Gebed fan in âldman
1By Jo, Heare, sykje ik myn taflecht,
lit my net ivich foar skande stean.
2Om jo gerjochtichheid, rêd en befeiligje my,
jou my it ear en help my.
3Wês my in beskermjende rots,
in festing, dêr’t Jo my feilichheid jouwe,
want Jo binne myn rots en myn stins.
4Myn God, rêd my út ’e macht fan ferkearde minsken,
út ’e greep fan dogeneaten en ferdrukkers.
5Want op Jo hoopje ik, Hear,
fan bern ôf binne Jo, Heare, myn betrouwen.
6Op Jo haw ik steund fan ’e berte ôf,
fan ’e memmeskurte ôf wienen Jo myn helper.
Foar Jo is myn lof foar altyd.
7Foar mannichien wie ik in ûnheilsteken,
mar Jo wienen myn sterke taflecht.
8Myn mûle is fol lof oer Jo,
fol ferhearliking de hiele dei.
9Ferstjit my net op myn âlde dei,
ferlit my net, no’t myn krêft it sitte lit.
10Want myn fijannen prate oer my,
dy’t it op myn libben fersjoen hawwe
binne it iens en sizze:
11God hat him ferlitten,
set him nei, gryp him, want gjinien helpt him.
12O God, bliuw net fier fan my,
kom mei hasten, myn God, om my te helpen.
13Lit fan skamte fergean,
dy’t it op myn libben fersjoen hawwe;
lit mei skande en skimp oerdutsen wurde,
dy’t it op myn ûndergong oanstjoere.
14Mar ik sil aloan op Jo wachtsje
en jo lof oanienwei grutter meitsje.
15Ja, ik sil jo gerjochtichheid ferhelje
en jo útrêding de hiele dei.
16Ik kom op jo heldedieden, Heare, myn Hear,
allinne oan jo gerjochtichheid wol ik tinke.
17O God, fan bern ôf oan hawwe Jo my ûnderrjochte
en ik ferkundigje oant no ta jo wûnders.
18Wol ek, no’t ik âld en griis wurd,
my net ferlitte, o God;
lit my dit geslacht fan jo sterke earm ferhelje
en elk geslacht dat komt, fan jo heldekrêft,
19en fan jo gerjochtichheid, God, dy’t heech as de himel is.
Jo, dy’t grutte dingen dien hawwe,
o God, wa is Jo gelyk?
20Jo, dy’t ús safolle slim ûnheil belibje lieten,
Jo sille my it libben weromjaan.
Ut ’e djipten fan ’e ierde
sille Jo my wer ferrize litte.
21Jo sille my ta heger eare bringe
en my op ’e nij fertreaste.
22Dan sil ik mei de harp Jo loovje
om jo trou, myn God.
Ik sil Jo by de liere psalmsjonge,
o Hillige fan Israel.
23Lûd sil ik jubelje, as ik foar Jo sjong en spylje
om myn libben, dat Jo de romte jûn hawwe.
24En myn tonge sil de hiele dei
jo gerjochtichheid ferkundigje,
omdat sij dy’t it op myn ferdjer oanstjoere,
beskamme en foar skande steane.