God, ús help nei de ferlerne slach
1Foar de dirigint. Op: Leelje fan it tsjûgenis. In gouden liet. Fan David. In leardicht.
2Doe’t er fochten hie tsjin Aram-Maharajim en Aram-Soba, en doe’t Joäb der nochris wer op losgong en Edom yn ’e Sâltflakte fersloech: 12.000 man.
3O God, Jo hawwe ús ferstjitten,
ús slachrigen tebrutsen;
Jo hawwe jo grime fiele litten,
meitsje it wer goed mei ús.
4Jo lieten de grûn skodzje en spjalte;
wol de brekken hielje, omdat it faai stiet.
5Jo lieten jo folk slimme dingen belibje,
Jo joegen ús dwelmwyn te drinken.
6Jou no jo ferearders in synjaal
om wer front te foarmjen tsjin de bôgesjitters,sela
7dat jo beminden rêden wurde;
help mei jo rjochterhân en jou ús antwurd.
8God hat dit yn syn hillichdom sprutsen:
Ik sil triomfearje en Sichem ferlotsje,
de flakte fan Sûkkot sil Ik ferparte.
9Gileäd is mines, Manasse is mines,
Efraïm is myn helm, Juda myn kommandostêf;
10Moäb brûk Ik as waskkom,
op Edoms grûn smyt Ik myn skoech,
oer Filistéa klinkt myn oerwinnersrop.
11Wa bringt my nei de fêste stêd,
wa liedt my oant yn Edom?
12Binne Jo it net, God, deselde dy’t ús ferstjitten hie?
Sille Jo, God, net mei ús legers de striid yngean?
13Bring ús help tsjin de fijân,
want minskehelp hat neat te betsjutten.
14Mei God sille wy heldedieden dwaan.
Hy sil ús fijannen ferwâdzje.