De wiere rjochter is ús God
1In psalm fan Asaf.
Godsels, de Heare, sprekt en ropt de ierde op
fan sinne’ opgong oant sinne’ ûndergong.
2Fan ’e Sion, berch fol fan pracht,
komt God no strieljend tefoare.
3Hy komt, ús God, en kin net mear swije.
Frettend fjoer giet foar Him út
en om Him hinne waait it in stoarm.
4Hy ropt de himel dêrboppe
mei de ierde, om syn folk te rjochtsjen:
5Rop no al myn geunstlingen gear,
dy’t by offers in ferbûn mei My sletten hawwe.
6De himel ferkundiget syn gerjochtichheid,
de wiere rjochter is ús God.
7Hark, myn folk, en Ik sil sprekke,
tsjin dy, o Israel, wol ik tsjûgje.
Ik bin God, dyn God allinne.
8Net om dyn slachtoffers meitsje Ik dy in ferwyt,
brânoffers krij Ik altyd wol fan dy.
9Ik sil gjin bolle út dyn stâl helje,
gjin bokken út dyn hokken,
10want fan My is al it wyld út ’e bosk,
de bisten op myn bergen by tûzenen.
11Ik ken alle fûgels yn ’e loft,
wat him rept yn it fjild, is mines.
12Krige Ik honger, Ik hoegde dy net te freegjen,
fan My is de wrâld mei wat deryn is.
13Soe Ik it fleis fan de bolle wol ite,
soe Ik it bloed fan bokken wol drinke?
14Bring God mar it offer fan lof,
kom dyn beloften oan ’e Heechste mar nei.
15Rop My oan yn tiden fan need,
dan meitsje Ik dy frij en do silst My ferhearlikje.
16Mar tsjin de ferkearden seit God:
Hoe doarsto myn ynsettingen te neamen
en myn ferbûn yn ’e mûle te nimmen,
17asto dochs de tucht hatest
en myn wurden fan dy smytst?
18Asto in dief sjochst, hâldst it mei him,
en mei troubrekkers giest op ’en paad,
19dyn mûle joust frij ta it ferkearde
en dyn tonge giet yn it span mei bedroch,
20do sitste dyn broer te berabjen,
op ’e soan fan dyn mem smytst in smet.
21Sa dochsto, en soe Ik no swije?
Do koest tinke, Ik bin krektlyk as do.
Mar Ik weef mei dy ôf
en stel it dy foar eagen:
22Betink jimme goed, ferjitters fan God!
Oars ferskuor Ik jim, en nimmen sil jim rêde.
23Wa’t it offer fan lof bringt, dy earet My,
en dy’t oprjocht is, him lit Ik Gods heil sjen.