Wêrom liet God syn folk foar skande stean?
1Foar de dirigint. In keunstich liet fan ’e Korachiten.
2God, wy hawwe it mei eigen earen heard,
ús foarfaars hawwe it ús ferteld,
it wurk dat Jo dienen yn har dagen,
de dagen fan alear, mei Jo eigen hân.
3Folken namen Jo it besit ôf, mar har ha Jo plante,
naasjes hawwe Jo ynkoarte, mar har útwreide.
4Want net troch it swurd wûnen se it lân
en har eigen krêft joech de útrêding net;
nee, jo rjochterhân en jo krêft
en it ljocht fan jo antlit.
Jo ommers hâlden it mei har.
5Jo, God, binne myn kening,
beskik Jakob útrêding!
6Mei Jo rame wy op ús fijannen yn,
yn jo namme fertraapje wy ús tsjinstanners.
7Nee, net op myn bôge fertrou ik,
myn swurd bringt my de útrêding net.
8Jo hawwe ús ommers fan ús fijannen rêden
en Jo brochten ús haters fan it stik.
9Wy ferhearlikje God al den dei
en loovje ivich jo namme.
10Mar dochs ha Jo ús ferwurpen en te skande makke,
Jo teagen net op mei ús legers.
11Wy moasten tebek foar de fijân
en ús haters koenen mar rôvje.
12Jo leveren ús út as slachtfee,
ferstruiden ús ûnder de folken,
13ferkochten jo folk suver foar neat
en makken gjin winst mei de priis.
14Jo setten ús foar skande by de buorfolken,
in smaad en hún foar de omwenners.
15In spotslach makken Jo ús by de folken,
de naasjes skodhollen om ús.
16Al den dei stiet de skande my foar eagen
en de skamte leit my op it gesicht
17by de taal fan ’e spotters en huners,
ûnder it each fan fijân en wreker.
18Dat is allegear oer ús kommen
en dochs hienen wy Jo net fergetten
en dochs wienen wy jo ferbûn net ûntrou.
19Us hert wie fan Jo net ôfwykt,
ús fuotstap net ôfbûgd fan jo paad.
20Net dêrom ha Jo ús brutsen yn dizze oarde fan ’e jakhalzen,
net dêrom ús dutsen mei tsjusternis.
21As wy no de namme fan ús God fergetten hienen
en ús hannen útstutsen nei frjemde goaden,
22soe God dat dan net murken hawwe?
Hy ken ommers de djipten fan it hert.
23Nee, krekt om Jo wurde wy al mar wer deaslein,
behannele, as wienen wy slachtfee.
24Wurd wekker! Wêrom sliepe Jo, Hear?
Untweitsje en ferstjit ús net foargoed.
25Wêrom dochs keare Jo ús de rêch ta
en ferjitte Jo ús ellinde en benearing?
26Us bestean is delbûgd yn it stof
en ús lea klibbet fêst oan ’e grûn.
27Oerein, Heare, help ús!
Ferlos ús yn jo goedgeunstichheid.