God, de boarne fan it libben
1Foar de dirigint. Fan David, de tsjinner fan de Heare.
2As de sûnde in ferkeardenien wat ynflústeret,
dan bliuwt der by him gjin ûntsach foar God oer.
3Want de sûnde flaiket tefolle mei him om,
dat er syn skuld sjen en haatsje soe.
4De wurden fan syn mûle binne leagen en bedroch;
wiis wêzen en goed dwaan is er mei ophâlden.
5Leagens betinkt er op syn sliepstee,
hy giet in wei op, dy’t net doocht,
en it ferkearde kart er net ôf.
6Jo geunst, Heare, is himelheech,
jo trou rikt oan ’e wolken ta,
7jo gerjochtichheid is as hege bergen,
jo oardielen as grutte oaseänen:
minske en beest fynt behâld by Jo.
8Hoe kostlik is jo geunst, Heare.
By Jo komme de minskebern
om har te bergjen yn it skaad fan jo wjokken.
9Se dogge har te goed oan ’e oerfloed fan jo hûs,
Jo litte har drinke út ’e stream fan jo geniet.
10By Jo is de boarne fan it libben;
troch jo ljocht sjogge wy it libbensljocht.
11Jou altyd wer geunst oan dy’t Jo kenne
en jo gerjochtichheid oan ’e oprjochten fan hert.
12Lit de foet fan ’e heechmoedige my net traapje
en de hân fan ’e ferkearde my net slaan.
13Lang-om-let binne de kweaminsken fallen,
delsmiten, sûnder dat se oerein komme.