De fromme wurdt segene
1Halleluja.
Hoe gelokkich is de man, dy’t ûntsach hat foar de Heare
en bliid is mei syn geboaden.
2Syn neiteam sil sterk wêze yn it lân,
it geslacht fan ’e frommen wurdt segene.
3Yn syn hûs is grutte rykdom
en syn gerjochtichheid giet altyd troch.
4Foar de fromme is der in ljocht yn it tsjuster:
genedich, barmhertich en rjocht.
5In goed minske wit fan jaan en útlienen
en hy be-oarderet syn saken sa’t it heart.
6Hy sil yn der ivichheid net wifkje
en de rjochtfeardige bliuwt yn oansjen.
7Kwealaster is er net bang foar,
syn hert is wis yn ’t fertrouwen op ’e Heare.
8Hy bliuwt himsels en ferblikt net
oant er op syn tsjinstanners delsjen mei.
9Goederjousk dielt er mei oan ’e earmen
en syn gerjochtichheid giet altyd troch,
syn eare en macht winne hieltyd oan.
10De ferkearde sjocht it en fergunt it him,
hy knarst op ’e tosken en jout him ôf.
Wat sûnders begeare, komt neat fan terjochte.