1In goede namme giet boppe in slompe jild,
achting betsjut mear as sulver en goud.
2Ryk en earm komme elkoar tsjin,
de Heare is de Skepper fan beide.
3De skrandere sjocht it ûnheil en hâldt him beskûl,
mar de ûnnoazelen geane har gong en moatte bliede.
4In gefolch fan deemoed en ûntsach foar de Heare
is rykdom, eare en in lang libben.
5Stikels en strûpen binne der op ’e wei fan in skarlún,
dy’t op himsels past, bliuwt der fier fandinne.
6Belear de knaap by it begjin fan syn wei,
dan sil er by it âlderwurden der ek net ôfwike.
7De rike is baas oer de earme lju
en dy’t lient komt ûnder syn jildsjitter te sitten.
8Dy’t ûnrjocht sieddet, rispet ûnheil,
en syn oermoed is de stôk dy’t him slacht.
9Dy’t freonlik fan each is, wurdt segene,
om’t er fan syn brea oan ’e earme jout.
10Jei de spotter fuort en it tsieren is dien,
it is út mei it gekreau en geskimp.
11Wa’t hâldt fan in suver hert en freonlike lippen,
de kening is syn freon.
12De eagen fan de Heare hâlde wacht oer de kennis,
mar de wurden fan ’e trouweleaze lit Er op neat útrinne.
13De luiwammes seit: Der is in liuw bûtendoar,
midden op ’e wei kin ik wol deamakke wurde.
14De mûle fan in frjemd frommis is in djippe grêft,
de man dêr’t de Heare lilk op is, sil deryn falle.
15Sit de dwaasheid fêst yn it hert fan in knaap,
de stôk fan ’e tucht slacht it der wer út.
16Set de earme ûnder druk en jo meitsje him riker,
jou oan ’e rike, dan wurdt er earm.
Wurden fan wize minsken
17Hâld dyn ear iepen en harkje nei de wurden fan wizen
en jou omtinken oan myn wittenskip.
18Want leaflik is it, asto se fan binnen bewarrest
en asto se aloan op ’e lippen hast.
19Datsto dyn betrouwen op ’e Heare sette silst,
dêrom meitsje ik dy hjoed syn wegen bekend.
20Wol tritich spreuken haw ik foar dy opskreaun
fol wize rie en kennis.
21Sa bring ik dy yn ’e kunde mei betroubere wurden,
datsto goed antwurd joust oan ’e man, dy’t dy stjoerd hat.
22Beroovje de mindere man net om ’t er earm is
en fertraapje de stumper net yn ’e poarte,
23want de Heare giet foar har yn ’e pleit
en har berovers sil Hy fan it libben beroovje.
24Jou dy net ôf mei in hjithollich man
en haw gjin gedoente mei in driftkop,
25oars wenst oan syn paden
en setst dy sels in strûp.
26Wês net fan it soarte dat de hânslach jout
en boarch stiet foar oarmans skulden,
27want asto net betelje kinst,
helje se it bêd ûnder dy wei.
28Ferlis de oerâlde grinsstiennen net,
dy’t dyn foarfaars fêstset hawwe.
29Sjochst de man dy’t sa handich is yn syn wurk?
By keningen is er yn ’t wurk
en net mear by gewoane minsken.