Fiif segenspreuken fan ’e wysheid
1Myn soan, asto myn wurden oannimst
en as myn geboaden dy oan it hert geane
2troch dyn ear nei de wysheid te hâlden
en dyn hert nei ferstannigens ta te bûgen,
3ja, asto lûd ropst om ynsjoch
en mei útset lûd om ferstân,
4asto dêr nei sikest as nei sulver,
asto dêr om graafst as om ferburgen skatten,
5dan silsto witte wat ûntsach foar de Heare is
en komme ta de kennis fan God.
6Want de Heare is it, dy’t wysheid jout,
út syn mûle komme kennis en ynsjoch;
7Hy stiet klear om de oprjochten te helpen,
en is in skyld foar earbere minsken.
8Hy hoedet de paden fan it rjocht
en befeiliget de wei fan syn geunstlingen.
9Dan silsto gerjochtichheid, rjocht en oprjochtens begripe
en altyd de goede wei hâlde,
10want wysheid komt yn dyn hert
en kennis silst ynlik bliid mei wêze,
11hoedenens sil de wacht oer dy hâlde
en ynsjoch sil dy bewarje.
12Dan silsto bewarre bliuwe foar de ferkearde wei,
foar de man dy’t gemiene dingen seit,
13foar minsken dy’t it rjochte paad ferlitte
en dy’t tsjustere wegen geane,
14dy’t nocht hawwe oan kweadwaan
en it útjubelje om falske streken,
15dy’t op kronkelpaden geane
en fan ’e rjochte wegen ôfwike.
16Dan silsto bewarre bliuwe foar de frjemde frou,
foar de ûnbekende mei har flaaikjende wurden,
17dy’t de man út har jonkheid ferlitten hat
en it ferbûn mei God fergetten,
18want har paad rint del nei de dea,
har wegen komme út by de skimen;
19nimmen dy’t nei har ta giet, komt oait werom,
en noait berikt er de paden fan it libben.
20Dan silsto de wei fan ’e goeden gean,
de paden fan ’e rjochtfeardigen hâlde,
21want de oprjochten sille yn it lân wenje
en de rjochtskepenen sille deryn bliuwe,
22mar de sûnders wurde út it lân útroege
en de trouweleazen derút weisleept.