1Dêrom myn leave bruorren, nei wa’t ik langst haw, jimme, myn blydskip en myn earekrânse, stean op dy wize test yn de Hear, myn freonen.
Lêste fermoannings
2Euodia en Syntuché beide fermoanje ik: wês ienriedich yn de Hear. 3Ja, ek dij, myn trouwe kammeraat freegje ik, help har, want se hawwe mei my striden foar it bliid boadskip, krekt as Klemens en myn oare meiwurkers, waans nammen yn it boek fan it libben steane. 4Wês bliid yn jimme mienskip mei de Hear, altiten. Ik sis it nochris: wês bliid. 5Wurd by alle minsken bekend om jimme freonlikens. De Hear is tichteby. 6Sit nearne oer yn noed, mar meitsje yn alles jimme winsken by God bekend, troch bidden en smeekjen, mar noait sûnder Him tank te bringen. 7En Gods frede, dêr’t wy mei al ús ferstân net by kinne, sil jimme herten en jimme tinken hoedzje en noedzje yn Kristus Jezus.
8By einsluten bruorren: al wat wier is, al wat earber is, wat rjocht is, wat rein is, wat leaflik is, wat in goede klank hat, alles wat deugd hjit en lof fertsjinnet, jou dêr jim omtinken oan. 9Bring yn praktyk wat jimme leard en trochjûn krige, heard en sjoen hawwe yn my. En God dy’t frede jout, sil mei jimme wêze.
Tank foar de jeften
10Wat hat it my as kristen goed dien, dat jimme my einlings werris betinke koenen. Jimme tochten dêr wol oan, mar jimme krigen de kâns net om dat te toanen. 11Ik sis dat net om’t ik oan ’e krapperein kaam, want ik haw leard om my yn alle omstannichheden te rêden. 12Ik wit wat it is om earmoed te lijen, likegoed wit ik ek wat it is om mear as genôch te hawwen. Ik bin yn alle dingen thús: yn sêd te krijen likegoed as yn honger te lijen, yn oerfloed likegoed as yn krapte. 13Alles bin ik treast troch Kristus dy’t my sterk makket.
14Yn alle gefal hawwe jimme der goed oan dien om sa mei te libjen yn myn swierrichheden. 15Jimme witte sels ek skoan, Filippiërs: doe’t ik út Masedoanië wei begûn mei de ferkundiging fan it bliid boadskip, wienen jimme de iennichste gemeente dy’t in rekken fan ynkomsten en útjeften mei my hie. 16Want ek doe’t ik yn Tessaloníka wie, hawwe jimme my mear as ienris stjoerd wêr’t ik ferlet fan hie. 17Net dat it my te rêden is om wat te krijen; nee, wat ik sykje, is, dat it tegoed op jimme rekken sadwaande oanwint. 18Ik haw alles bard en ik haw mear as genôch. Ik bin derûnder bedobbe, no’t Epafrodítus my jimme geskinken brocht hat. Dy binne in swietrook, in oannimlik offer foar God, dêr’t Hy nocht oan hat. 19Myn God no sil yn Kristus Jezus soargje foar alles dêr’t jimme ferlet fan hawwe sa ryk as Er is oan hearlikheid. 20Eare oan ús God en Heit yn alle ivichheid.
Groetenis
21Doch de groetenis oan elke hillige yn Kristus Jezus. De bruorren dy’t by my binne dogge jimme de groetenis. 22Ja, alle kristenen hjirre dogge jimme de groetenis, benammen de slaven fan ’e keizer.
23De genede fan de Hear Jezus Kristus wês mei jimme geast. Amen.