Nehemia 4
Ferwar tsjin in driigjende oerfal
1Doe’t Sanballat, Tobía, de Arabieren, de Ammoniten en de Asjdoditen hearden, dat it mei it ferbetterjen fan ’e muorren fan Jeruzalem hurd einde en dat de skuorren aardich bykamen, waarden se poerlilk. 2Se spanden allegearre mei-inoar gear, om de striid tsjin Jeruzalem oan te gean en it dêrtroch op ’e doele te bringen. 3Mar wy bidden ta ús God, en foar har oer op ús iepenst, setten wy in wacht tsjin har út.
4Mar dochs seinen de lju fan Juda:
De sjouwer jout it oer,
sa’n sjou is it pún,
it sil ús net slagje
en bou de muorre ôf.
5De tsjinpartij sei: Se sille neat fernimme en neat sjen en dan binne wy al tusken har. En dan slagge wy har dea en sette it wurk stil! 6De Joaden by har út al dy plakken dêr’t men maklik by ús weromkomme koe, seinen it ús wol tsienris oan. 7Doe stelde ik it folk hielendal ûnder oan de muorre, op de keale stripen dêrachter, famylje by famylje, mei har swurden, spearen en bôgen. 8Ik naam de saak goed op, gong doe oerein en sei tsjin ’e eallju, de lieders en it oare folk: No net benaud foar har wêze. Tink oan ’e grutte Hear, dy’t te freezjen is. Striid om jimme bruorren, soannen en dochters, froulju en huzen.
9Doe’t de fijannen hearden, dat wy it te witten kommen wienen en dat God har plan mislearje litten hie, koenen wy allegearre werom gean nei de muorre, elk oan syn wurk. 10Sûnt dy deis wie de helte fan myn jongfolk oan it wurk en hâlde de oare helte de spearen, skylden en bôgen fêst, it harnas oan. De oersten stienen achter it hiele hûs fan Juda. 11Elk fan ’e bouwers fan ’e muorre dy’t de lêsten oploegen en oandroegen, hie de iene hân oan it wurk en mei de oare hâlde er in smytspear fêst. 12De bouwers hienen by it bouwen, elk it swurd oan ’e heupe en de hoarnblazer stie nêst my.
13Ik sei tsjin ’e hege hearen en de riedslju en it oare folk: Der is in soad wurk en it leit wiid útinoar, wylst elk fan uzes op ’e muorre in ein fan syn buorman ôf is; 14dêr’t jimme de hoarn hearre, dêr moatte jimme byinoar komme, by ús. Us God sil foar ús stride! 15Sa wienen wy oan it wurk: de helte hâlde de spearen fêst fan it rizen fan ’e dage ôf oan it trochkommen fan ’e stjerren ta. 16Op dat stuit sei ik ek noch tsjin it folk: Elk moat mei syn feint midden yn Jeruzalem oernachtsje. Nachts sille dy foar ús in wacht wêze en oerdeis it wurk dwaan. 17Myn bruorren en ik, it jongfolk en de manlju fan ’e wacht, wy kamen net út ’e klean. Elk hâlde ek it drinkwetter en it smytark by him.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap