Ienheid en skieding fan man en frou
1Doe’t Jezus dy taspraken hâlden hie, gong Er út Galiléa wei en nei de kontreien fan Judéa oare kant de Jordaan. 2Gâns minsken folgen Him en Hy makke harren allegear better. 3Dêr kamen ek Fariseeërs by Him. Om Him te hifkjen fregen dy: Mei in man syn frou fuortstjoere om watfoar reden dan ek? 4Hy antwurde: Hawwe jimme yn ’e Skrift net lêzen, dat de Skepper fan begjin ôf oan harren man en frou makke hat, 5en dat Er sein hat: Dêrom moat in man syn heit en mem ferlitte om himsels hielendal te binen oan syn frou en dy twa sille folslein ien wêze? 6It binne dus net mear twa, se binne ien wurden. No, wat God ferbûn hat, mei de minske net skiede. 7Se seinen: Wêrom hat Mozes dan foarskreaun om de frou in skiedelbrief mei te jaan, as se fuortstjoerd wurdt? 8Hy antwurde harren: It wie fanwegen jimme hurdens, dat Mozes jim tastien hat om jim frou fuort te stjoeren, mar yn it oanbegjin wie dat sa net. 9En Ik sis jimme: As ien syn frou fuortstjoert – behalven yn ’t gefal fan ûntucht – en hy trout mei in oaren, dan brekt sa’n ien de trou. 10De learlingen seinen: As de posysje fan ’e man sa is foar de frou oer, dan kin men better mar net trouwe. 11Hy sei tsjin harren: Dat wol net elkenien oan, allinne dy’t it jûn is. 12Guon binne fan bern ôf oan net yn steat om te trouwen; oaren hawwe de minsken sa makke, mar der binne ek guon, dy’t fan trouwen ôfsjogge om de saak fan it himelske ryk. Lit elk dy’t kin, dizze les ferstean.
Lytse bern wurde segene
13Yn deselde snuorje brochten se lytse bern by Him mei it doel dat Er har de hannen oplizze soe en foar har bidde. De learlingen stegeren har ôf. 14Mar Jezus sei: Lit dy bern dochs by My komme en kear se net, want oan sokken heart Gods ryk. 15Hy lei harren de hannen op en rûn doe fierder.
De rike jongeman
16Der kaam ris ien by Him dy sei: Master, wat foar goeds moat ik dwaan om ivich libben te krijen? 17Jezus sei tsjin him: Wêrom freegje jo My nei it goede? Der is mar Ien dy’t goed is. Mar as jo it libben yngean wolle, moatte jo de geboaden neikomme. 18Hy frege Him: Hokker geboaden? Jezus sei: Do silst gjin falsk getugenis jaan, 19hâld jimme heit en mem yn eare, en: do silst dyn neiste leafhawwe sast dysels leafhast. 20De jonge man sei: Dêr haw ik my altyd oan hâlden. Wat mankeart der by my noch oan? 21Jezus sei tsjin him: As jo it hielendal goed dwaan wolle, meitsje dan jo hiele hawwen en hâlden oan jild en jou dat oan ’e earmen. Sadwaande sille jo in kaptaal hawwe yn ’e himel. Kom dan wer by My en gean mei My. 22Doe’t de jonge man dat hearde, gong er mismoedich fuort, want hy wie tige ryk.
23Tsjin syn learlingen sei Jezus doe: Ja, Ik sis jimme: Foar ien dy’t ryk is, is it in swier stik om it himelske ryk yn te kommen. 24Ja, Ik sil it jim noch oars sizze: It is makliker foar in kamiel om troch it each fan in nuddel hinne te kommen as foar in riken-ien om Gods ryk yn te kommen. 25Doe’t se dat hearden, wienen de learlingen derôf en seinen: Wa kin dan noch behâlden wurde? 26Jezus seach harren oan en sei: By de minsken kin dat net, nee, mar by God is alles mooglik.
27Doe antwurde Petrus Him: Sjoch, wy hawwe ôfstân dien fan alles wat wy hienen om ús by Jo oan te sluten. Wat krije wy dêrfoar? 28Jezus sei tsjin harren: Hjir kinne jimme wis fan wêze: As alles wer op ’e nij begjint en de Minskesoan sit op ’e troan fan syn hearlikheid, dan sille jimme dy’t My folge binne, op de tolve troanen sitte as rjochters oer de tolve stammen fan Israel. 29Elkenien dy’t om My ôfstân docht fan hûs, bruorren, susters, heit, mem, bern of lân sil hûndert kear safolle werom krije en it ivich libben. 30Foarliken sille gauris lêst en neikommers earst wêze.