It oandiel fan Simeön
1It twadde lot waard útbrocht foar Simeön foar de famyljes út ’e stam fan ’e Simeöniten. Har erfdiel lei midden yn dat fan ’e Judeeërs. 2Hja hienen yn har erfdiel: Beër-Sjêba, Sjeba, Molada, 3Chasar-Sjûal, Bala, Esem, 4Eltolad, Betûl, Chorma, 5Siklag, Bet-Hammarkabot, Chasar-Sûsa, 6Bet-Lebaöt en Sjarûchan; trettjin stêden mei har doarpen. 7Ajin, Rimmon, Eter en Asjan. Fjouwer stêden mei har doarpen. 8Boppedat alle doarpen, dy’t om dy stêden hinne leinen, oan Baälat Beëar, it súdlike Rama, ta. Dat is it erfdiel fan ’e famyljes út ’e stam fan ’e Simeöniten. 9It erfdiel fan ’e Simeöniten waard út dat fan ’e Judeeërs nommen, want it part fan ’e Judeeërs wie te grut foar harsels, dat de Simeöniten erfden midden yn har erfdiel.
It oandiel fan Sebûlon
10It tredde lot waard útbrocht foar de famyljes fan ’e Sebûloniten. De grins fan har erfdiel rûn oan Sarid ta, 11en dan giet de grins omheech it westen yn nei Marala en roert dan oan Dabbêsjet; dan roert dy oan ’e beek foar Jokneäm oer. 12Fan Sarid út draait er nei it easten, nei sinne-opgong oer it gebiet fan Kislot-Tabor, rint nei Dobrat en dan omheech nei Jafia. 13Dêrwei rint er it easten yn, nei sinne-opgong, nei Gat-Chefer, nei Et-Kasin en rint dan út op Rimmon, dat dat útleit nei Neä. 14Dan bochtet de grins dêromhinne noard fan Channaton, en rint dan út yn ’e delling fan Jiftach-El. 15Fierder Kattat, Nahalal, Sjimron, Jidale en Bet-Lêchem. Tolve stêden mei har doarpen. 16Dat is it erfdiel fan ’e famyljes út ’e stam fan ’e Sebûloniten; dy stêden mei har doarpen.
It oandiel fan Issaskar
17It fjirde lot wie foar Issaskar, foar de famyljes fan ’e soannen fan Issaskar. 18Har gebiet wie: Jizreël, Kesûlot, Sjûnem, 19Chafarajim, Sjion, Anacharat, 20Rabbit, Kisjon, Ebes, 21Rêmet, En-Gannim, En-Chadda en Bet-Passes. 22De grins roerde oan ’e Tabor, Sjachasima en Bet-Sjêmesj en rûn yn ’e Jordaan út. Sechstjin stêden mei har doarpen. 23Dat is it erfdiel fan ’e famyljes fan ’e soannen fan Issaskar; de stêden mei har doarpen.
It oandiel fan Azer
24It fyfte lot wie foar de famyljes út ’e stam fan ’e soannen fan Azer. 25Har gebiet wie Chelkat, Chaly, Bêten, Aksaf, 26Alammêlek, Amad en Misjal. 27It giet yn it westen roerend by de Karmel en by de stream Libnat lâns. 28Dan bûcht it nei it easten nei Bet-Dagon, en rekket Sebûlon en de delling Jiftach-El yn it noarden, dat út nei Bet-Emek en Neïel en komt links fan Kabûl út. 29Fierder Ebron, Rechob, Chamon en Kana oan Grut-Sidon ta. Dan bûcht de grins nei Rama oan ’e festingstêd Tyrus ta; dêrnei makket er in bocht nei Chosa, wylst er útrint yn ’e see, fan Chêbel nei Akzib. 30Fierder Oema, Afek en Rechob; twaëntweintich stêden mei har doarpen. 31Dat is it erfdiel fan ’e famyljes út ’e stam fan Azer syn soannen, dy stêden mei har doarpen.
It oandiel fan Naftaly
32It sechste lot wie foar de soannen fan Naftaly, foar de famyljes fan ’e soannen fan Naftaly. 33Har grins rûn fan Chelef, fan ’e iik yn Saänannim, Adamy-Nêkeb en Jabneël nei Lakkûm, wylst dy útrûn yn ’e Jordaan. 34Dan bûgde de grins it westen yn nei Asnot Tabor en rûn dêrwei troch nei Chûkok, en roerde yn it suden Sebûlon, Azer yn it westen en Juda, oan ’e Jordaan, yn it easten. 35De festingstêden wienen: Siddim, Ser, Chammat, Rakkat, Kinnêret. 36Adama, Rama, Chasor, 37Kêdesj, Edreï, En-Chasor, 38Jiron, Migda-El, Choarem, Bet-Anat en Bet-Sjêmesj. Njoggentjin stêden mei har doarpen. 39Dat is it erfdiel fan ’e famyljes út ’e stam fan ’e soannen fan Naftaly, de stêden mei har doarpen.
It oandiel fan Dan
40It sânde lot wie foar de famyljes fan ’e stam fan ’e Daniten. 41It gebiet fan har erfdiel wie: Soara, Esjtaöl, It-Sjêmesj, 42Sjaälabbin, Ajalon, Jitla, 43Elon, Timnata, Ekron, 44Elteké, Gibbeton, Baälat, 45Jehûd, Bené-Berak, Gat-Rimmon, 46Mé-Jarkon, Rakkon mei de krite foar Jafo oer. 47Doe’t lykwols it gebiet fan ’e Daniten foar har ferlern gong, trieken de Daniten op en strieden tsjin Lêsjem; hja namen it yn en fersloegen it mei it bleate swurd. Dêrop namen hja it yn besit en setten har dêr nei wenjen. Doe neamden hja Lêsjem: Dan, nei de namme fan har foarfaar Dan. 48Dat wie it erfdiel fan ’e famyljes út ’e stam fan ’e Daniten: dy stêden mei har doarpen.
It oandiel fan Jozua. Beslút
49Doe’t hja klear kommen wienen mei it lân gebiet foar gebiet yn besit te jaan, joegen de Israeliten Jozua, de soan fan Nûn, in erfdiel yn har fermidden. 50Op oarder fan de Heare joegen se him de stêd dêr’t er om frege hie: Timnat Sêrach yn it berchlân fan Efraïm. Hy boude de stêd op en sette him dêr nei wenjen.
51Dat binne de erfdielen, dy’t pryster Eleäzar, Jozua, de soan fan Nûn, en de famyljehaden yn Sjilo foar de eagen fan de Heare, by de yngong fan de tinte fan ’e moeting oan ’e stammen fan ’e Israeliten troch it lot yn besit joegen.