Noard-Kanaän ferovere; slach by Mearom
1Doe’t Jabin, de kening fan Hasor, dat hearde, stjoerde er berjocht nei Jobab, de kening fan Madon, nei de kening fan Sjimron, nei de kening fan Aksjaf, 2en nei de keningen op ’t berchlân yn it noarden, yn ’e flakte súd fan Kinarot, yn ’e leechflakte en yn ’t heuvellân fan Dor oan ’e see; 3de Kanaäniten yn it easten en it westen, de Amoriten, de Hetiten, de Perizziten en de Jebûsiten yn ’t berchlân en de Chiwwiten oan ’e foet fan ’e Hermon yn ’t lân fan Mispa. 4Hja teagen út, hjasels mei al har legers, in machtigen heap folk, sa machtich as de sânkerrels oan it seestrân, mei in hiele heap hynders en weinen. 5Dy keningen stapten allegearre byinoar. Hja kamen en legeren har by it wetter fan Mearom om tsjin Israel te striden.
6Doe sei de Heare tsjin Jozua: Wês net bang foar har, want Ik sil se moarn om dizze tiid allegearre ferslein foar Israel dellizze. Har hynders moatst de haksinen trochsnije en har oarlochsweinen ferbrâne. 7Doe kaam Jozua mei syn hiele leger, ûnferwachts op har ta by it wetter fan Mearom en hja oerfoelen har. 8En de Heare joech har yn ’e macht fan Israel, hja fersloegen har en sieten har achternei oant Grut-Sidon ta en oant Misrefot-Majim en de delling fan Mispa yn it easten ta. Hja fersloegen har, oant der net ien oer wie dy’t ûntkomme koe. 9Jozua die mei har lykas de Heare him sein hie: har hynders snie er de haksinen troch en har oarlochsweinen ferbrânde er.
10Yn dyselde tiid kearde Jozua om en naam Hasor yn; en syn kening sloech er dea mei it swurd. Hasor wie nammentlik eartiids it haad fan al dy keninkriken. 11Hy fersloech alles wat dêryn libbe; mei it bleate swurd fierde er de ban dêroan út; der bleau neat oer dat sykhelle, en Hasor ferbrânde er. 12Fierder naam Jozua alle stêden fan dy keningen yn mei al har keningen. Hy sloech har mei it bleate swurd en fierde de ban oan har út, lykas Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, hjitten hie. 13Gjinien fan al dy stêden dy’t allegearre apart op in heuvel stienen, ferbrânde Israel, behalven Hasor allinne dan, dat Jozua wol ferbrând hie. 14De hiele bút fan dy stêden lykwols en it fee hâlden de Israeliten foar harsels. Allinne alle minsken sloegen se mei it skerpe swurd oant se har ferdylge hienen. Hja lieten net ien oer dy’t sykhelle. 15Lykas de Heare syn tsjinstfeint Mozes hjitten hie, sa hie Mozes it Jozua hjitten en sa hat Jozua dien; hy sloech gjin ding oer fan alles wat de Heare Mozes hjitten hie.
Gearfetting fan ’e feroveringen
16Sa ferovere Jozua it hiele lân: it berchlân, it hiele Suderlân, it hiele lân Gosjen, it leechlân, de flakte en it hiele berchlân fan Israel mei syn dellingen, 17fan it Keale Berchlân dat oprint nei Seïr oan Baäl-Gad ta yn ’e delling fan ’e Libanon oan ’e foet fan ’e berch Hermon. Al har keningen krige er yn hannen en sloech er dea. 18Gâns in skoft hat Jozua oarloch fierd tsjin al dy keningen. 19Der wie gjin stêd dy’t frede mei de Israeliten makke, behalven de Chiwwiten dy’t te Gibeön wennen. Hja hawwe alles yn ’e oarloch ferovere. 20Want de Heare makke it sa, dat se de kop derfoar hâlden en Israel yn ’e mjitte kamen om te fjochtsjen. Dat sadwaande koe Israel sûnder har te sparjen, de ban oan har útfiere, ja, har folslein ferdylgje, lykas de Heare Mozes hjitten hie. 21Om dyselde tiid kaam Jozua en roege de Enakiten út fan it berchlân, fan Hebron, Debir, Anab, fan it hiele berchlân fan Juda en fan it hiele berchlân fan Israel. Jozua fierde de ban oan har en oan har stêden út. 22Der bleau net ien Enakyt yn it lân fan ’e Israeliten achter. Allinne yn Gaza, Gat en Asjdod bleauwen noch guon oer. 23Sa ferovere Jozua it hiele lân, krekt sa’t de Heare tsjin Mozes sein hie en Jozua joech it Israel yn erflik besit, alle stammen har part. Doe krige it lân rêst fan ’e striid.