Jona 4
In nidige profeet wurdt te plak set
1Dat sinnige Jona tige min en hy waard nidich. 2Doe bidde hy ta de Heare: Och Heare, hie ik it al net tocht, doe’t ik noch yn myn eigen lân wie? Dêrom haw ik doe mar gau makke dat ik fuortkaam nei Tarsjisj, want ik wist wol, dat Jo in God binne ‘fan genede en barmhertichheid, sunich mei syn grime, rynsk yn trouwe leafde, in God, dy’t it oandeart om ûnheil te bringen.’ 3No dan, Heare, nim myn libben mar, want ik gean leaver dea as dat ik sa libje moat. 4Mar de Heare frege him: Hasto wol it rjocht om sa nidich te wêzen?
God lêst Jona it leksum
5Jona wie de stêd útgien en hie in sitplak socht oan ’e eastkant fan ’e stêd. Dêr hied er him in skûle meitsje wollen en dêr hied er ûnder sitten gean wollen yn it skaad, om te sjen hoe’t it mei de stêd ôfrinne soe; 6mar de Heare hie in wûnderbeam opkomme litten en dy wie boppe Jona de hichte ynsketten om syn holle skaad te jaan en him te hoedzjen foar kwea dat him oerkomme soe. Jona hie tige yn ’t skik west mei dy wûnderbeam. 7Mar de oare deis, doe’t de dage oan ’e loft kaam, hie God in rûp komme litten, dy’t de wûnderbeam oanfriet, en dy wie ferdroege. 8En doe’t de sinne opgien wie, hie God in gleonhjitte eastewyn opkomme litten. De sinne hie Jona sa op ’e holle stutsen, dat er yn swym fallen wie. Doe woed er wol, dat er mar stoar en hy sei: Leaver dea as sa’n libben!
9Doe hie God oan Jona frege: Hasto wol it rjocht om sa nidich te wêzen om dy wûnderbeam? En hy hie antwurde: Jawis haw ik it rjocht om nidich te wêzen, om it te bestjerren, sa nidich! Mar de Heare hie sein: It begrutte dij al om dy wûnderbeam, dêrsto neat oan dien hast en dysto net groeie litten hast; dy’t der yn ien nacht kaam en yn ien nacht wer fuort wie. 11Soe it My dan net begrutsje om sa’n grutte stêd as Ninevé, dêr’t mear as hûnderttweintichtûzen minsken yn wenje, dy’t noch gjin ûnderskie witte tusken har rjochter en har linker hân, en dan noch al dat fee?
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap