De dei fan de Heare komt
1Blaas de hoarn op ’e Sion,
slaan alarm op myn hillige berch!
Lit alle ynwenners fan it lân yn ûnstjoer reitsje,
want de dei fan de Heare is op kommende wei,
ja, hy is nei-oan.
2In dei fan neare tsjusternis,
in dei fan roetswarte wolken.
Sa’t it skaad oer de bergen skoot,
sa komt dat folk, manmachtich en sterk.
Syn gelikens hat der sûnt âlde tiden net west
en sil der letter net wer komme oant yn it fierste geslacht.
3Foar har út in frettend fjoer,
achter har oan in lôgjende flamme.
Foar har út is it lân as in hôf fan Eden,
mar achter harren is it ien deade wyldernis,
neat ûntkomt harren.
4It lykje wol hynders,
ja, as striidhynders stowe se deroer;
5mei in gerattel as fan weinen springe se de berchtoppen oer,
mei in geknetter as fan in fjoerlôge dy’t de stoppel fertart,
as in machtich folk, ree ta de striid.
6De folken krimpe yninoar, as se har sjogge,
alle gesichten wurde ynwyt.
7Se stowe foarút as helden
en beklimme de muorren as fjochters.
Elk giet der rjocht op oan sûnder ombochten.
8Se ferkringe inoar net,
elk hâldt syn eigen baan;
tusken de spearen troch stoarmje se fierder,
neat kin har rigen ferbrekke.
9Se dogge in raam op ’e stêd,
stowe tsjin ’e muorren op, klimme yn ’e huzen,
se slagje troch de finsters as dieven.
10Dêr’t se komme, rekket de ierde yn ûnstjoer,
bevet de himel,
fertsjusterje de sinne en de moanne
en hâlde de stjerren har glâns yn.
11Wilens lit de Heare syn lûd hearre foar syn kriichsmacht út,
want syn leger is ûnbidige grut
en machtich is wa’t syn wurd folbringt.
Ja, grut is de dei fan de Heare
en ûntsettend. Wa kin dy trochstean?
Oprop ta bekearing en boete
12Mar ek no noch jildt de godsspraak fan de Heare:
Kom by My werom mei jim hiele hert,
festjend en mei triennen en rouklachten!
13Skuor jim it hert en net de klean
en kom werom by de Heare, jimme God!
Ommers, Hy is ‘genedich, barmhertich,
sunich mei syn grime, rynsk yn syn trouwe leafde
en it deart Him oan om ûnheil te bringen.’
14Wa wit? As Hy der ris fan weromkaam?
As it Him ris oandearde?
As Hy nochris in segening achterliet?
Dan koenen jimme wer moal- en drankoffers bringe foar de Heare,
jimme God.
15Blaas de hoarn op ’e Sion,
skriuw in hillich festjen út,
rop op ta in plechtige gearsit,
16helje it folk byinoar,
hilligje de gemeente,
lit de âldsten gearkomme;
bring de lytse bern byinoar
ek dy’t noch oan ’t boarst binne;
lit de breugeman út syn keamer komme
en de breid út har sliepkeamer.
17Lit de prysters dy’t de tsjinst fan de Heare waarnimme, skrieme tusken it poartehûs en it alter
en lit har sizze: Sparje jo folk dochs, Heare,
en doch jo erfdiel net de skande oan,
dat de heidenen in spotliet op har sjonge.
Wêrom soe der ûnder de oare folken sein wurde:
“Wêr bliuwt dy God fan harres no?”
Nij libben troch it oanroppen fan de Heare
18Doe is de baarnende leafde fan de Heare foar syn lân fanwegen kommen
en Hy sparre syn folk.
19De Heare harke nei syn folk en sei:
Sjoch, Ik skik jimme nôt, druvesop en oalje ta,
dat jim dêr sêd oan krije kinne.
En Ik sil jimme net wer te skande sette ûnder de oare folken;
20mar Ik sil dy út it noarden fier fan jimme ôfhâlde
en him ferbalje nei in lân dat toar en wyld is,
syn foarhoede nei de eastlike see,
syn achterhoede nei de westlike see.
Der sil in stank fan opgean en in bedoarne lucht,
want hy hat wakker grut dien.
21Wês net bang mear, bougrûn, jubelje en wês bliid,
want de Heare hat grutte dingen dien.
22Wês net bang mear, wylde beesten,
want de weidplakken yn ’e woestyn wurde wer grien,
de beammen drage wer frucht,
de wynstok en de figebeam jouwe har folle opbringst wer.
23Folk fan Sion, jubelje,
wês bliid yn de Heare, jimme God;
want Hy sil jimme de maitydsrein jaan
sa’t it heart.
Hy lit de winterrein oer jimme delrûze,
de iere en de lette rein, lykas yn earder tiid.
24Dan is it op ’e terskflierren wer allegear nôt
en rinne de parskûpen oer fan druvesop en oalje.
25Sa fergoedzje Ik jimme de jierren dat de sprinkhoanne en de hipper alles ôffretten hawwe,
de kealfretter en de biter,
myn grutte legermacht, dy’t ik op jimme ôfstjoerd hie.
26Dan kinne jimme jim wer goed sêd ite
en de namme fan de Heare, jimme God, loovje,
om’t Er it sa wûndere goed mei jimme makket.
Myn folk sil noait wer te skande stean.
27Dan sille jimme witte, dat Ik yn Israels fermidden bin,
dat Ik, de Heare, jimme God bin,
en net ien oars;
en dat myn folk noait wer te skande stean sil.