1Toe, rop no mar. Sil der wol ien wêze dy’t dy antwurdet?
En ta wa fan ’e hilligen silst dy keare?
2Wat oars, syn argewaasje docht in dommenien de dea
en in ûnnoazelenien syn wrotten en wramen.
3Ik haw ris sa’n sokses sjoen: hy wie in bewoartele beam.
Mar ik haw him daliks de ûndergong fan syn hûs oansein.
4It lok bleau fier fan syn bern,
hja waarden yn ’e poarte ferwâde, net ien dy’t har holp.
5Syn risping: in hongerlijer slokte it op,
hy helle it oant út ’e toarnen wei,
en in albegear luts in strûp om it besit fan syn bern.
6Tsjinslach komt net út it stof op
en swierrichheid sprút net samar út ’e grûn.
7Nee, de minske sels komt dêrfoar op ’e wrâld,
krektlyk as fjoerpylken net oars kinne as heech opspatte!
As God slacht, helpt Er ek wer
8Mar no de oare kant: ik soe de sterke God mar befreegje,
oan de hege God myn saak foarlizze.
9Hy docht sokke grutte dingen, wy kinne der net by.
Wûnderbaarlike dingen, der is gjin tellensein oan.
10Hy jout de rein oer de ierde,
Hy stjoert it wetter oer wegen en fjild.
11Hy tilt de lytsen ta in hege steat
en dy’t de moedfearren hingje litte,
komme der hielendal wer boppe op.
12Hy brekt de betinksels fan ’e slûchslimmen,
wat se by de ein hawwe, slagget har net.
13Hy fangt de tûke lju mei har eigen glûpskens
en it plan fan smjunten mislearret troch bluisterigens.
14Op ljochtskyndei rinne se yn it tsjuster
en middeis taaste se om har hinne as wie it nacht.
15Sa ferlost Hy in earme lijer
fan har skerpe tonge en har hurde fûst.
16In earmelytse mei wer hoopje,
mar in ferkearden-ien kin de mûle mar tichthâlde.
17Lokkich, jawis, in minske, dy’t troch God te plak set wurdt:
de skrobbearring fan de Almachtige meist net lytsachtsje.
18Hy docht wol sear, mar ferbynt ommers ek,
Hy slacht wûnen, mar deselde hân makket ek wer better.
19Yn seis neden sil er dy úthelpe
en by de sânde sil it dy noch net reitsje.
20By honger hellet er dy út it berik fan ’e dea
en yn oarloch út ’e macht fan it swurd.
21Foar de gisel fan ’e hûn bisto ferburgen
en hoechst net yn noed te sitten as ’t oan útroegjen ta is.
22Utroege wurde en honger lije? – do kinst derom laitsje!
En foar wylde bisten hoechst likemin bang te wêzen.
23Mei de stiennen op it lân silst ommers in ferbûn hawwe
en de wylde bisten sille frede mei dy slute.
24Do silst it fernimme: yn dyn tinte giet it mar bêst,
yn dyn wente fynst lek noch brek.
25Do silst it sjen: do krigest in protte bern,
dyn neiteam sjit út as it gers op it lân.
26Ald, mar net oanein, silst te hôf komme,
as in skeaf dy’t opladen wurdt as it tiid is.
27Sjoch, sa hawwe wy it befûn. Sa is it.
Ast mar goed harke hast, dan witst it no sels ek!