1Wa’t soks fan doel is, komt der raar foarwei!
By it sjen allinne al leit men langút oer ’e grûn!
It meunster is minske en bist de baas!
2Gjinien is sa domdryst, dat er him narje doar,
wa is it dan, dy’t him foar My opstelle kin?
3Wa hat My earst wat jûn, dat Ik it him fergoedzje moat?
Hy sels is ommers myn eigendom, wêr ek ûnder de hiele himel!
4Ik kin my net stilhâlde oer dat meunster syn lea:
hy is sa ûnbidige sterk en hat sa’n skoandere útris!
5Wa hat in skyltsje fan syn beklaaiing bleatlein,
wa doar in hân tusken syn rige dûbele tosken stekke?
6Wa hat de doarren yn syn troanje iependien?
Om syn tosken waret dêr de skrik.
7Steatlik binne de rigen fan syn skylden:
as stiif yndrukte segels slute se om him hinne.
8Se sitte sa ticht tsjin inoar oan,
der komt gjin sigentsje by troch.
9Se plakke oaninoar,
it hâldt stevich, se kinne net wer útinoar.
10As er mar prúst, spuitet de sinne ljocht,
de eagen fonkelje him as it moarnsrea.
11Walmjende fakkels fljogge him ta de bek út,
fjoerpylken meitsje har dêrút frij.
12It rikket him út ’e noasters
as by in pôt dy’t mei reid stookt wurdt.
13Syn azem set stienkoal yn gleone gloede,
in lôge slacht him út ’e bek.
14Syn sterke nekke stiet altyd ree,
fan kleare alteraasje springe se allegearre foar him út.
15Syn fleiskwabben sitte stiif oaninoar,
suver oan him fêstgetten, ûnferweechlik.
16Syn hert is smeiwurk, sa hurd as in stien,
spikerhurd as de ûnderste mûnestien.
17As hy omheech riist, wurde de sterksten kjel,
as hy oan it skuorren is, binne se alhiel fan ’e wize.
18Rekket it swurd him, it krijt gjin hâld,
krektsamin as spear, smytark of pylk.
19Izer is strie foar him,
koper net mear as fermôge hout.
20Gjin pylk kin him ferjeie,
slingerstiennen feroarje foar him yn stoppels.
21Kneppels binne foar him mar striekes,
hy gnysket om it gieren fan ’e lâns.
22It ûnderliif sit him fol mei skerpe potdiggels,
hy sleept it as in terskslide oer it slyk.
23Hy lit de ûndergrûnsee siede as in tsjettel,
hy reaget yn ’e see om as yn in salvepôt.
24Hy lit in ljochtsjend spoar achter,
it djippe wetter liket wol sulver.
25Under de stoflike wêzens hat er syn gelikens net,
hy is sa makke dat er fan gjin bangens wit.
26Op alles wat heech is, sjocht er del,
hy is kening oer alle grutske bisten.