It giet mei my nei de bedelte, wês myn Boarch
1Myn geast is brutsen, myn dagen rinne nei de ein,
allinne it grêf bliuwt noch oer.
2Gekoanstekkers en oars net, haw ik om my hinne.
Ik moat it mar oansjen, dat tsjiniggewearjen fan har.
3Och bring it dochs foarinoar: in boarch foar my by Jo.
Wa oars sil my de hân dêrop jaan?
4Jo hawwe ommers har hert it ynsjoch ûnthâlden,
dêrom sille Jo har hoanne gjin kening kraaie litte.
5Ien dy’t freonen ferret, om der better fan te wurden:
syn bern sille weikwine.
6Hy hat makke dat alleman de mûle oer my spielt;
ik moat ien wêze om yn it gesicht te spuien.
7Sa wurde de eagen my swak fan fertriet,
ik sjoch der út as in geast.
8Oprjochte lju lykas jim, binne ferheard fan wat my oerkomt;
de suvere besaut him oer de goddeleaze.
9Mar in rjochtfeardige as ik hâldt de foet by de kûle;
syn hannen binne skjin, hy komt al sterker te stean.
10Goed, begjin jim mar wer op ’e nij!
Kom mar op, in snoaden-ien fyn ik net ûnder jimme.
11It is dien mei myn dagen; wat ik beprakkesearre haw,
wat myn hert sa graach woe, is my by de hannen om ’t ôf brutsen.
12Dizze lju meitsje fan myn nacht in dei:
‘It ljocht is deunby, de tsjusternis jout him ôf!’
13Wat soe ik ferwachtsje kinne? It deaderyk is myn foarlân,
yn ’e tsjusternis moat ik my in bêd opmeitsje.
14Ik neam de grêfkûle myn thús,
de maitsen myn famylje.
15Wat haw ik dan noch te ferwachtsjen?
Ja, dy ferwachting fan my, wa sjocht der in skyn fan?
16Al myn ferwachtings geane del achter de skoattels fan it deaderyk.
Mar soenen se dêr wier rêst mei my fine yn it stof?