Jezus it paad nei God
1Wurd mar net oerstjoer; betrou op God, betrou ek op My. 2Yn myn Heite hûs binne gâns keamers; as dat net sa wie, soe Ik it jimme wol sein hawwe; Ik gean der hinne, om plak foar jimme klear te meitsjen. 3En as Ik der hinnegien bin en plak foar jimme klear makke haw, sil Ik weromkomme om jimme by My yn ’e hûs te nimmen, dat jimme ek wêze meie dêr’t Ik bin. 4En dêr’t Ik hinnegean, dêr witte jimme it paad hinne. 5Tomas frege Him: Hear, wy witte net wêr’t Jo hinne geane; hoe soenen wy dan it paad derhinne witte? 6Jezus antwurde: Ik bin de wei, de wierheid en it libben; net ien komt by myn Heit as troch My. 7As jimme My koenen, soenen jimme myn Heit ek kenne; tenei kenne jimme Him en hawwe Him sjoen.
8Filippus sei tsjin Him: Hear, lit ús jo Heit sjen, dan is it ús genôch. 9Jezus antwurde: Ik bin no al sa’n skoft by jimme en kenst My no noch net, Filippus? Dy’t My sjoen hat, dy hat de Heit ek sjoen. Hoe kinsto dan sizze: Lit ús de Heit sjen. 10Leausto net, dat Ik yn myn Heit bin en myn Heit yn My is? De wurden dy’t Ik tsjin jimme sis, sis Ik net út Mysels; dat is it wurk fan myn Heit, dy’t yn My wennet. 11Leau fan My, dat Ik yn myn Heit bin en dat myn Heit yn My is; of oars, leau it om dat wurk sels. 12Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: dy’t yn My leaut, sil de dingen ek dwaan dy’t Ik doch, ja noch grutter dingen as dy sil er dwaan, want Ik gean nei de Heit; 13en wat jimme ek freegje sille yn myn namme, dat sil Ik allegearre dwaan, dat de Heit yn de Soan ferhearlike wurde mei. 14As jimme My earne om freegje yn myn namme, Ik sil it dwaan.
De hillige Geast tasein
15As jimme My leafhawwe, sille jimme jim oan myn geboaden hâlde. 16En Ik sil it myn Heit freegje, dan sil Er jimme in oare Helper jaan, om foar ivich by jimme te bliuwen; 17dat is de Geast fan ’e wierheid; de wrâld kin dy net yn har opnimme, want hja sjocht Him net en ken Him net; jimme kenne Him, want Hy bliuwt by jimme en sil yn jimme wêze. 18Ik sil jimme net as wezen achterlitte; Ik kom wer by jimme. 19Noch mar in koart skoft en de wrâld sjocht My net mear, mar jimme sjogge My al, want Ik libje en jimme sille ek libje. 20Dy deis sille jimme begripe, dat Ik yn ’e Heit bin en jimme yn My, en Ik yn jimme.
21Dy’t myn geboaden krige hat en him deroan hâldt, dy is it dy’t My leafhat; en dy’t My leafhat, him sil myn Heit leafhawwe; Ik sil him ek leafhawwe en Ik sil My oan him bekend meitsje. 22Judas, – net Judas Iskariot – sei tsjin Him: En hoe komt it dan, Hear, dat Jo Jo al oan ús bekend meitsje sille en net oan ’e hiele wrâld? 23Jezus antwurde: As ien My leafhat, sil er him oan myn wurd hâlde en myn Heit sil him leafhawwe; Wy sille by him komme en Us by him nei wenjen sette. 24Dy’t My net leafhat, hâldt him net oan myn wurden; en it wurd dat jimme hearre, is Mines net, mar fan myn Heit dy’t My stjoerd hat.
25Dat haw Ik jimme sein, no’t Ik noch ûnder jimme tahâld; 26de Helper, de hillige Geast dy’t myn Heit yn myn namme stjoere sil, dy sil it jimme allegearre leare en jimme alles wer yn it sin bringe, wat Ik jimme sein haw.
27Frede lit Ik jimme nei, myn frede jou Ik jimme; net lykas de wrâld frede jout, jou Ik jimme dy. Wurd mar net oerstjoer en sit mar net yn noed; 28jimme hawwe heard, dat Ik tsjin jimme sein haw: Ik gean fuort en kom wer by jimme. As jimme My leafhienen, soenen jimme der bliid om wêze, dat Ik nei myn Heit ta gean, want myn Heit is mear as Ik. 29No dan, dit haw Ik jimme sein ear’t it komt, dan sille jimme leauwe as it komt. 30Ik kin net lang mear mei jimme prate, want de foarst fan ’e wrâld komt dêroan; hy hat wol gjin macht oer My, 31mar de wrâld moat witte, dat Ik myn Heit leafhaw en dat Ik krektsa doch as myn Heit My opdroegen hat. Kom oerein, lit ús hjirwei gean.