1Dit hat de Heare te sizzen:
No lit Ik tsjin Babel en tsjin it folk fan Leb-Kamai
in stoarm opstekke, dy’t alles fernielt;
2en Ik stjoer guon op Babel ôf,
dy’t it lân wanje sille en leechskodzje;
want as de dei fan it ûnheil der is,
sille se har fan alle kanten ynslute.
3Lit de skutter dan de bôge spanne
en it harnas oandwaan.
Sparje har jongkeardels net,
lis har hiele leger ûnder de ban.
4Meitsje dat it lân fan ’e Chaldeeërs fol deaden komt te lizzen
en de strjitten fan Babel fol mei
dy’t delstutsen binne,
want har lân is ien stik skuld yn ’e eagen fan de Hillige fan Israel.
5Ommers, Israel en Juda sille troch har God, de Heare Almachtich,
net as widdo achterlitten wurde.
6Meitsje dat jim út Babel wei komme,
rêd jim der man foar man út,
dat jim net yn har ûngerjochtichheid omkomme!
Want dit is de oere dat de Heare wraak nimt
en har it folle lean útbetellet.
7Babel wie in gouden beker yn de Heare syn hân,
dêr’t de hiele ierde dronken fan waard;
de folken hawwe de wyn derút dronken
en binne der dwyl fan wurden.
8Ynienen falt Babel en is brutsen.
Gûl it út om har,
helje balsem foar har wûnen,
miskien kin se wer better.
9Wy woenen Babel wol better meitsje,
mar der is mei har gjin betterjen oan.
Gean derwei en lit ús fuortgean,
elk nei syn eigen lân,
want it oardiel oer har riist oan ’e himel ta,
it sjit oant yn ’e wolken omheech.
10De Heare hat ús goed rjocht yn ’t folle ljocht set.
Kom, lit ús op Sion fertelle,
wat de Heare, ús God, dien hat.
11De pylken skerp
en dêr de koker fol mei!
De Heare hat by de keningen fan Medië wat wekker roppen,
want syn opset tsjin Babel is om it ûndergean te litten.
Dat is de wraak fan de Heare,
de wraak om syn timpel.
12De striidflagge omheech tsjin Babels muorren,
fersterkje de wacht,
set wachtposten op
en foarposten út.
Want dêr’t de Heare it folk fan Babel mei drige hat,
dat docht Er alhiel neffens syn plannen.
13O do, sast dêr troanest oan brede rivieren
yn al dyn rykdom,
dyn ein is kommen,
de mjitte is fol.
14De Heare Almachtich hat sward by Himsels:
Al haw Ik dy fol minsken set, sa machtich as de sprinkhoannen,
dochs sille se jubelje, asto oerwûn wurdst.
15Hy hat de ierde makke mei syn krêft,
de wrâld grûndearre mei syn wysheid,
de himel útspand mei syn ferstân.
16Wannear’t Hy lûd jout,
begjint it wetter yn ’e loft te rûzjen;
dan lit Er dampen opkomme fan ’e úteinen fan ’e ierde,
Hy makket mei de wjerljocht it reinwetter los
en hellet de wyn út syn berchplakken.
17Dan binne alle minsken it ferstân bjuster, se kinne der net by;
de goudsmid skammet him om syn ôfgodsbyld,
want it byld dat er makke hat, is kleare bedroch,
der sit gjin bewyske fan libben yn.
18Dingen-fan-neat binne it, yn ien wurd bespotlik!
As de dei fan ’e ôfrekken komt, geane se deroan.
19De God dy’t Jakob krige hat, is folslein oars: Hy is it ommers, dy’t alles foarm jûn hat;
en Israel is it folk dêr’t Er rjocht fan eigendom op hat,
Heare Almachtich is syn namme.
20Do wiest in foarhammer foar My,
in oarlochswapen;
mei dij haw Ik folken stikken slein,
keninkriken haw Ik mei dij ferneatige.
21Mei dij haw Ik hynders en ruters fyn hammere,
weinen en beriders,
22manlju en froulju,
âlden en jongen,
feinten en fammen,
23hoeders mei har keppels,
ploegers mei har span,
lânfâden en steedhâlders.
24Mar Ik sil op Babel en op al it folk fan Chaldéa ferhelje
alle kwea dat se Sion foar jimme eagen oandien hawwe
– is de godsspraak fan de Heare.
25Ja, Ik sil dy oanpakke, berch fan fernielsucht – is de godsspraak fan de Heare –
fernieler fan de hiele wrâld.
Ik til de hân tsjin dy op
en lit dy by de rotsen delrûgelje
en meitsje in útbrânde fulkaan fan dij.
26Gjin stien fan dines sil as hoekstien brûkt wurde,
gjin stien as fûnemint;
mar in ivige pûnbult silst wurde
– is de godsspraak fan de Heare.
27De striidflagge heech oer de ierde,
blaas by de folken de hoarn,
meitsje de folken ree ta in hillige oarloch tsjin Babel,
rop se tsjin har op, de keninkriken Ararat, Minny en Asjkenaz;
stel in befelhawwer oan foar de striid tsjin har
en lit de hynders derop ôf ride as in swarte swarm sprinkhoannen.
28Meitsje de folken ree foar in hillige oarloch tsjin har,
de keningen fan Medië mei de lânfâden en steedhâlders
en it hiele lân dêr’t hja oer hearskje.
29Dan skoddet de ierde en krimpt yninoar fan ’e pine,
want it plan fan de Heare tsjin Babel giet troch:
Babyloanië wurdt in ferlittene oarde fan makke,
dêr’t gjin mins mear wennet.
30De striders fan Babel hawwe de striid oerjûn;
se sitte mar yn ’e festingen,
de kriich is derút;
se binne bang as froulju wurden,
har huzen binne yn ’e brân stutsen,
har skoattels stikken slein.
31De iene koerier rint de oare yn ’e mjitte
en de iene boadskipper de oare
om de kening fan Babel tynge te dwaan,
dat syn stêd oan alle kanten ynnommen is,
32de fearen oer de rivier beset binne,
de wachttuorren yn ’e brân stutsen
en de soldaten yn ûnstjoer.
33Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen:
Dochter Babel is as in terskflier, as dy fêsttrape wurdt;
noch in setsje en ’t is tiid fan rispjen.
34‘Kening Nebûkadnessar fan Babel hat my ferskuord en ferslynd,
hy hat my oan ’e kant skood as in lege skûtel,
hy hat my ferswolge sa’t in meunster docht;
hy hat de mage stoppe mei myn soppich fleis en my wer útspuid.
35Lit it geweld dêr’t se my mei skeind hawwe,
oer Babel sels komme!’ sil it folk fan Sion sizze.
‘Lit it bloed dat ik kwytrekke bin,
oer it folk fan Chaldéa komme!’ sil Jeruzalem sizze.
36Dêrom hat de Heare dit te sizzen:
No sil Ik dyn saak bepleitsje
en wraak foar dy nimme.
Ik sil har see droechlizze
en har wetterwellen útdroegje litte.
37Babel meitsje Ik in stienbult fan,
in honk foar jakhalzen,
in oarde dêr’t men fan griist en jin oer besaut,
dêr’t gjin mins mear wennet.
38Se âlje mei-inoar as liuwen,
as jonge liuwen grânzgje se.
39As se goed gleon binne, set Ik har drank foar;
Ik boarn har dronken, dat se har úttjirgje
en dan yn in ivige sliep falle
om noait wer wekker te wurden –
is de godsspraak fan de Heare.
40Ik lit har as lammen nei de slachtbank gean,
as bokken en rammen.
41Sjoch, hoe’t Sjesjak ynnommen is,
de rom fan hiel de wrâld ferovere!
Hoe’t Babel sa wurden is,
dat de folken derfan grize!
42De see is oer Babel hinne spield
en it is weiwurden yn ’e wylde weagen.
43De stêden binne in ferlittene oarde wurden,
toar en wyld,
in lân dêr’t gjin mins mear wennet
en dêr’t gjin minskebern syn wei lâns nimt.
44Ik sil Bel yn Babel wol fine
en him ta de mûle útkomme litte,
wat er ferswolge hat.
Folken sille tenei net mear yn mannichten op him tasette.
De muorren fan Babel binne fallen.
45Myn folk, meitsje dat jim hjirwei komme
en rêd jim man foar man derút
om oan de gleone grime fan de Heare te ûntkommen.
46Ferlies de moed net
en wurd net kjel fan ’e geroften
dy’t it lân troch geane
– it iene jier dit,
it oare jier dat –
as der geweld yn it lân is en de iene hearsker de oare oan kant skoot.
47Sjoch, de tiid komt,
dat Ik Babels ôfgodsbylden fine sil,
it hiele lân sil te skande stean
mei al syn deaden, sa’t se dêr lizze.
48Dan sille himel en ierde mei al wat deryn is,
de oerwinning op Babel bejubelje:
want út it noarden wei komme fernielers op har ôf
– is de godsspraak fan de Heare.
49Babel komt likegoed te fallen
foar de deaden fan Israel,
as de deaden oer de hiele wrâld foar Babel fallen binne.
50Jim dy’t oan har swurd ûntkommen binne,
jou jim ôf, sa gau as ’t kin;
tink ek om fierrens oan de Heare
en set it sin wer op Jeruzalem.
51‘Wy stienen beskamme, as wy de spotslaggen hearre moasten,
en de kleuren gongen ús op en ôf,
om’t frjemden ta de hillige sealen fan it hûs fan de Heare yn gien wienen.’
52Dêrom komt no de tiid – is de godsspraak fan de Heare –
dat Ik al har ôfgodsbylden fine sil,
en it hiele lân troch sille se it útjammerje, dy’t rekke binne.
53Al riist Babel oan ’e himel ta omheech,
al makket it syn hege stinzen ûntagonklik,
Ik lit der fernielers op ôf komme,
dy’t alles ferrinnewearje
– is de godsspraak fan de Heare.
54Hark, in needrop út Babel;
alles giet dêroan yn it lân fan ’e Chaldeeërs.
55Want de Heare is dwaande mei Babel te fernielen
en bringt it stedsgerûs ta swijen foar de opkommende floed,
dy’t as de see boldert en oangiet.
56Want de fernieler komt op Babel oan,
har soldaten wurde gefangen nommen,
har bôgen stikken brutsen,
want de Heare is in God dy’t werombetellet,
en Hy jout it folle pûn.
57Ik boarn har hege hearen en har wize mannen dronken,
har lânfâden en steedhâlders en har soldaten,
dat se yn in ivige sliep falle
om noait wer wekker te wurden
– is de godsspraak fan de Kening,
waans namme is Heare Almachtich.
58Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
De muorren fan Babel, sa breedút as se dêr lizze,
sille mei de grûn lyk makke wurde
en har poarten, sa heech as se oprize,
wurde platbrând.
Sa wrotte de folken har wurch foar neat
en skreppe de naasjes har út ’e liken, inkeld foar it fjoer.
It boek yn ’e Eufraat
59De opdracht dy’t profeet Jeremia joech oan Seraja, de soan fan Nearia, de soan fan Machséja, doe’t dy mei kening Sedekía fan Juda nei Babel gong yn it fjirde jier fan syn regear – Seraja wie kertiermaster. 60No hie Jeremia it ûnheil dat Babel oerkomme soe, allegear yn ien boek beskreaun – alles wat oer Babel beskreaun stiet. 61Hy sei tsjin Seraja: Sa gau as jo yn Babel kommen binne, moatte jo dit boek ynsjen en it allegear lêze 62en dan sizze: ‘Jo, o Heare, Jo hawwe sels oer dit stee de driging útsprutsen, dat Jo it ferdylgje soenen, dat der gjinien mear wenje sil, minske noch beest, mar dat it in ivige woestyn wêze sil.’ 63As jo dit boek hielendal út hawwe, byn der dan in stien oan, smyt it midden yn ’e Eufraat 64en sis: Krekt sa sil Babel weisinke en it komt it ûnheil dat Ik oer de stêd bring, noait wer te boppe. Oant safier de wurden fan Jeremia.