Jeremia syn rede yn ’e timpel
1Yn it begjin fan it regear fan kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia, liet de Heare Jeremia dit wurd takomme: 2Dit hat de Heare te sizzen: Gean yn it foarhôf fan it hûs fan de Heare stean en sprek tsjin alle ynwenners fan ’e stêden fan Juda, dy’t dêr komme om te oanbidden; sis harren alle wurden sa’t Ik se dy opdraach; doch der gjin wurd ôf. 3It kin wêze, dat se harkje en dat elkenien weromkomt fan syn ferkearde dwaan en litten; dan sil it My begrutsje en sjoch Ik ôf fan it kwea dat Ik fan doel wie harren te dwaan fanwegen har kweade praktiken. 4Dêrom moatsto tsjin harren sizze: Dit hat de Heare te sizzen: As jimme net nei My harkje wolle, as jim myn wet, dy’t Ik jim jûn haw, net neikomme; 5as jimme net harkje wolle nei de wurden fan myn tsjinners, de profeten, dy’t Ik altyd mar wer nei jim tastjoerd haw, alhoewol’t jim net harkje woenen, 6dan doch Ik mei dit hûs itselde dat Ik mei Sjilo dien haw, en meitsje Ik, dat alle naasjes fan ’e ierde dizze stêd ferflokke.
7De prysters, de profeten en al it folk hearden, dat Jeremia dizze wurden sei yn it hûs fan de Heare. 8Mar doe’t Jeremia útsprutsen wie en alles sein hie, wat de Heare him opdroegen hie it hiele folk te sizzen, doe griepen de prysters, de profeten en al it folk him oan en seinen: Dea silsto! 9Wêrom hasto yn ’e namme fan de Heare profetearre, dat dit hûs wurde sil as Sjilo en dizze stêd in ferfallen en ferlitten oarde? Sa kaam al it folk as ien man op Jeremia ôf yn it hûs fan de Heare.
Jeremia ferdigene en frijsprutsen
10Doe’t de hege hearen fan Juda hearden wat der geande wie, kamen se út it keninklik paleis nei it hûs fan de Heare ta en namen har sit yn by de yngong fan ’e nije timpelpoarte. 11Doe seinen de prysters en de profeten tsjin de hege hearen en al it folk: Dy man hat de deastraf fertsjinne! Hy hat tsjin dizze stêd profetearre, jim hawwe it mei eigen earen heard.
12Doe sei Jeremia tsjin de hege hearen en tsjin al it folk: De Heare hat my stjoerd om as profeet tsjin dit hûs en tsjin dizze stêd al de wurden te sizzen, dy’t jim heard hawwe. 13No stiet it sa: betterje jim dwaan en litten en jou om it sizzen fan de Heare jim God, dan sil it de Heare begrutsje en sil Er ôfsjen fan al it kwea dat Er jim oansein hat. 14Wat my oangiet, jim hawwe my yn hannen; doch mar mei my, wat jimme tinkt dat goed en rjochtfeardich is. 15Mar ien ding moatte jimme goed foar ’t ferstân hawwe: As jimme my deameitsje, dan bringe jim ûnskuldich bloed oer jimsels, oer dizze stêd en oer dy’t der wenje, want wier, de Heare hat my nei jim tastjoerd om al dizze wurden hearre te litten.
16Doe seinen de hege hearen en al it folk tsjin de prysters en de profeten: Nee, dizze man hat de deastraf net fertsjinne, út-noch-yn net, want hy hat ús tasprutsen yn ’e namme fan de Heare, ús God. 17Ek guon âldsten fan it lân kamen oerein en seinen tsjin al it folk sa’t it dêr gearkommen wie: 18‘Yn ’e dagen fan kening Hizkía fan Juda hat Micha fan Morêsjet as profeet stien en tsjin al it folk fan Juda sein:
Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Sion sil omploege wurde as in stik lân,
Jeruzalem sil in púnheap wurde,
de timpelberch in oergroeide hichte.
19Hawwe kening Hizkía en it folk fan Juda him soms deade? Nee, dy kening hat ûntsach foar de Heare hân en besocht de geunst fan de Heare te winnen, dat de Heare út begrutsjen ôfsjen soe fan it kwea dat Er harren oansein hie. En soenen wij ús dan sa’n grut kwea op ’e hals helje?
20Der hat nochris in man west, dy’t yn ’e namme fan de Heare stie te profetearjen: Oería, de soan fan Sjemaja, fan Kirjat-Jeärim; dy profetearre ek tsjin dizze stêd en tsjin dit lân en mei deselde wurden as Jeremia. 21Mar doe’t kening Jojakim mei syn liifwacht en syn hege hearen dy profeet syn wurden hearden, besocht de kening him de dea oan te dwaan en doe’t Oería dat hearde, waard er bang; hy makke dat er fuort kaam, en belâne yn Egypte. 22Doe stjoerde kening Jojakim Elnatan, de soan fan Akbor, mei in man of wat nei Egypte; 23dy hellen him út Egypte wei en brochten him nei kening Jojakim; dy liet him deaslaan en liet syn lyk yn it grutte earmegrêf smite.’
24It wie benammen Achikam, de soan fan Sjafan, dy’t Jeremia de hân boppe de holle hâlde en soarge, dat er net yn hannen foel fan it folk dat him dea ha woe.