1De sûnde fan Juda stiet beskreaun mei in izeren stift
en is mei in diamanten punt yn har stiennen hert ritst
en op ’e hoarnen fan har alters,
2as in oanklacht tsjin harren.
Har alters en har wijpeallen steane by elke griene beam, op ’e hichten en de heuvels 3yn it berchlân.
Dyn rykdom en al dyn skatten
sil Ik as bút priisjaan,
foar neat, fanwegen al dyn sûnden,
dyn hiele gebiet oer.
4It erfdiel dat Ik dy jûn hie,
silst út hannen jaan moatte,
en Ik meitsje datst dy ûnder fijannen deljaan moatst
yn in ûnbekend lân,
want myn grime is oplôge as in fjoer dat ivich baarne sil.
5Dit hat de Heare te sizzen:
Ferflokt is de man dy’t op ’e minske betrout,
syn stipe siket by in fergonklik skepsel
en syn hert fier fan de Heare ôfdwale lit.
6Hy is as in keale strûk yn ’e steppe
en hy sil it goede net kommen sjen;
hy hâldt ta yn ’e toarre oarden fan ’e woestyn,
in sâlt en ûnbewenber lân.
7Mar segene is de man dy’t op ’e Heare fertrout
en waans betrouwen syn grûn fynt yn de Heare.
8Hy is as in beam dy’t oan it wetter plante is,
dy’t syn woartels útstekt nei de wetterstream;
hy hoecht net bang te wêzen, as de hjitte tiid komt;
syn blêd bliuwt wol grien;
yn in jier fan droechte sit er net yn noed
en hâldt er net op fan fruchtdragen.
9Gjin ding sa fyn-ynlein as it minskehert,
en sa ferdoarn. Wa soe’t bedjipje kinne?
10Ik, de Heare, Ik hifkje it hert,
peilje it djipste inerlik ôf
en jou dan in elk neffens syn dwaan
en nei’t syn dieden fertsjinje.
11De man dy’t rykdommen byinoar
skuort, dêr’t er gjin rjocht op hat,
is as in patriis dy’t op aaien sit, dy’t er sels net lein hat.
Op ’e middeishichte fan syn libben moat er alles benefter litte;
as de ein komt, docht bliken hoe’n dwaas oft er wie.
Gebed fan Jeremia
12Troan fan hearlikheid, sa heech fan begjin ôf oan,
stee fan ús hillichdom,
13O Heare, Israels Ferwachting:
dy’t Jo ferlitte, reitsje allegear te skande;
en dy’t har fan Jo ôfkeare, dêr bliuwt sels gjin namme fan oer,
om’t se de welle dy’t altyd wetter jout, ferlitten hawwe.
14Meitsje Jo my better, Heare, en ik bin better;
rêd my, en ik bin rêden;
nei Jo giet myn lof út.
15Allegeduerigen sizze se tsjin my:
Wêr bliuwt dat wurd fan de Heare no? Lit it dan mar ris komme!
16Mar ik haw der net by Jo op oanstien in ramp te stjoeren,
en de dei fan ellinde haw ik net begeard.
Jo witte it wol: wat my oer de lippen kaam,
hie al foar Jo lâns west.
17Wês gjin ferskrikking foar my,
Jo dy’t myn taflecht binne op ’e ûnheilsdei.
18Lit myn ferfolgers beskamme stean, mar my net!
Lit har kjel wurde, mar my net!
Bring de ûnheilsdei oer harren,
ferniel har, ferniel harren, finaal!
Hâld de rêstdei yn eare
19Dit hie de Heare my te sizzen: Gean yn ’e Benjaminspoarte stean, dêr’t de keningen fan Juda ta út- en yngeane, en ek yn ’e oare poarten fan Jeruzalem 20en sis tsjin ’e minsken: Harkje nei it wurd fan de Heare, keningen fan Juda, alle man fan Juda en Jeruzalem dy’t troch dizze poarten komme. 21Dit hat de Heare te sizzen: Tink der goed om, dat jim op ’e sabbatdei net mei frachten omtôgje en dy troch de poarten fan Jeruzalem bringe. 22Jim meie op ’e sabbatdei ek gjin inkelde fracht it hûs úttôgje; nee, jim meie dan hielendal net arbeidzje, mar moatte de sabbatdei yn eare hâlde, sa’t Ik it jimme foarâlden foarskreaun haw. 23Se hawwe lykwols net harkje wollen en it ear der net nei set, nee, se hawwe de nekke stiif hâlden om it mar net te hearren; se woenen net oannimme. 24Mar, as jimme no wol nei My harkje en op ’e sabbatdei gjin frachten troch de poarten fan dizze stêd bringe, mar de sabbatdei yn eare hâlde en dy deis net arbeidzje, 25dan sille troch de poarten fan dizze stêd keningen komme, dy’t op Davids troane sitte. Op hynders en mei weinen sille se oanriden komme mei har offisieren en de mannen fan Juda en it folk fan Jeruzalem; en yn dizze stêd sille altyd-troch minsken wenje. 26Dan sille se komme út ’e stêden fan Juda, út ’e omkriten fan Jeruzalem, út it lân Benjamin, út it Leechlân, út it berchlân en út it Suderlân en se sille brânoffers, fleisoffers, moaloffers en wijreek meinimme en tankoffers nei it hûs fan de Heare. 27Mar as jimme net nei My harkje wolle en de sabbatdei net yn eare hâlde en op ’e sabbatdei wol mei frachten omtôgje en dy troch de poarten fan Jeruzalem bringe, dan slingerje Ik fjoer yn dy poarten, dat de stinzen fan Jeruzalem fertarre sil, in fjoer dat net út te krijen is.