It ferbûn ferbrutsen
1It wurd dat de Heare Jeremia takomme liet: 2Harkje nei de betingsten fan dit ferbûn en bring se oer oan de mannen fan Juda en it folk fan Jeruzalem. 3Sis tsjin harren: Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Ferflokt is de man dy’t de betingsten fan dit ferbûn gjin acht slacht, 4sa’t Ik it jimme foarâlden foarskreaun haw, doe’t Ik har út Egypte weihelle, út dy izeroven. Ik haw doe sein: Jou om myn sizzen en doch krekt sa’t Ik jim sis; dan sille jimme myn folk wêze en Ik sil jimme God wêze. 5Dan sil Ik My oan de eed hâlde, dy’t Ik jimme foarâlden dien haw: dat Ik harren in lân jaan soe, dat oerrint fan molke en hunich, it lân dêr’t jimme no sitte. Amen, Heare! haw ik antwurde.
6Doe sei de Heare tsjin my: Rop al dy betingsten om yn ’e stêden fan Juda en yn ’e strjitten fan Jeruzalem. Sis dêr: Harkje nei de betingsten fan it ferbûn en kom dy nei. 7Want Ik haw jimme foarâlden warskôge, fan doe’t Ik har út Egypte hjirhinne komme liet oan hjoed-de-dei ta, ja der alles oan dien, dat se mar om myn sizzen jaan soenen. 8Mar se woenen net harkje en joegen it ear der net nei, mar se dienen, wat har yn ’t kwea behurde hert har ynjoech. Dêrom haw Ik fan dit ferbûn alle betingsten oan harren wiermakke, dy’t Ik har foarskreaun hie, mar dy’t se net neikommen binne.
9En de Heare sei fierder tsjin my: It hat bliken dien, dat de mannen fan Juda en it folk fan Jeruzalem in komplot tsjin My opset hawwe: 10se binne tebekfallen yn de ûngerjochtichheden fan har fiere foarâlden, dy’t ek al net nei myn wurden harkje woenen; se binne achter oare goaden oangien en tsjinje dy. It folk fan Israel en it folk fan Juda hawwe it ferbûn brutsen, dat Ik mei har foarâlden oangien wie. 11Dêrom hat de Heare dit te sizzen: No bring Ik in ramp oer harren, dy’t se net ûntrinne kinne. Dan kinne se wol om My roppe, mar Ik harkje net nei harren. 12Lit de stêden fan Juda en it folk fan Jeruzalem mar hinnegean en de goaden oanroppe, dy’t se rûkoffers brocht hawwe, mar dy sille har der wier net út helpe, as de need oan ’e man komt.
13Want safolle stêden asto hast,
safolle goaden hasto ek, Juda,
en safolle strjitten as Jeruzalem hat,
safolle alters ha jim delset foar de skandegod,
alters om Baäl offers te bringen.
14En do, bid net langer foar dit folk
en lit foar har gjin smeekbea opgean,
want as de ramp der is,
wol Ik har roppen net iens hearre.
De swartbrânde olivebeam
15Wat hat myn leafste yn myn hûs te meitsjen,
ien dy’t har sa min hâlden hat?
Soenen dyn tasizzings en dyn fleisoffers it ûnheil fan dy ôfhâlde kinne?
En dan mar wer fleurich sjonge?
16In griene olivebeam mei skoandere frucht,
sa hat de Heare dij eartiids neamd;
mar no set it fjoer mei lûd geknetter har blêden yn flam
en ferbrâne har tûken.
17Ja, de Heare Almachtich, dy’t dij plante, hat útsprutsen, dat der ûnheil oer dy komme soe fanwegen it kwea dat it folk fan Israel en it folk fan Juda útrjochte hawwe, doe’t se My grammoedich makken mei har rûkoffers oan ’e Baäl.
It libben fan ’e profeet wurdt bedrige
18aDe Heare hat it my te witten dien, dat ik hie der weet fan. 12:6 Ek dyn bruorren en jim heite folk, ek dy binne dy ûntrou wurden; achter dyn rêch om hawwe se wit-wat oer dy te sizzen; fertrou har net, al prate se noch sa moai mei dy om! 18bSa ha Jo my de eagen iepene foar har dwaan. 19Want ik wie krekt in ûnnoazel laam dat nei de slachter giet, en ik hie der gjin erch yn, wat se tsjin my yn ’t sin hienen en dat har sizzen wie: Lit ús de beam ferniele, dêr’t noch piid yn sit, en út it lân fan ’e libbenen weiroegje, dat der net mear oan syn namme tocht wurdt!
20Mar Jo, o Heare Almachtich, dy’t in rjochtfeardich rjochter binne,
dy’t it djipste fan ús hert hifkje,
lit my sjen, hoe’t Jo wraak op har nimme,
want Jo haw ik myn saak yn hannen jûn!
21Dêrom hat de Heare dit te sizzen oer de mannen fan Anatot, dy’t my nei ’t libben steane en dy’t sizze: Asto net ûnder ús hannen stjerre wolst, dan moatst ophâlde mei dat profetearjen út namme fan de Heare! 22Ja, dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Ik sil it op har ferhelje; har jongkeardels sille stjerre troch it swurd, har soannen en dochters fan ’e honger. 23Der sil neat fan harren oerbliuwe, want Ik sil de mannen fan Anatot yn ’t ûngelok stoarte, as it jier fan ’e ôfrekken komt.