Judit 3
1Dat sadwaande stjoerden se boaden nei him ta om frede. Dy moasten sizze: 2De grutte kening Nebûkadnessar is ús hear. Wy lizze foar jo yn it stof. Doch mar mei ús sa’t jo goedtinkt. 3Us huzings, ja ús hiele gerjochtichheid, al ús nôtfjilden, ús lyts- en ús grutfee en alle skieppekoaien by ús tintekampen, se binne ta jo foldwaan. Doch dermei, sa’t jo goedtinkt. 4Us stêden mei har ynwenners, jo kinne der frij oer beskikke. Kom en doch der mar mei sa’t jo wolle.
5Dy wurden brochten de boaden oan Holofernes oer. 6Dy triek doe mei in leger nei de kust ta en lei dêr yn alle fersterke stêden in besetting. De útblinkers ûnder de manlju liet er opkomme om tsjinst te dwaan by syn helptroepen. 7Mei krânsen, mei dûnsjen en mei rinkelbommen, sa hellen de stêden mei har omkriten him yn. 8Mar likegoed ferrinnewearre er al har hillichdommen en kappe er har hillige bosken. Want syn opdracht wie al de eigen goaden wei te dwaan. Dat alle folken inkeld Nebûkadnessar oanbidde soenen en alle taal en stam him oanroppe soe as har god. 9Sa kaam er by Esdrelon, tichteby Dotan, dat oan ’e foet fan it mânske berchlân fan Judéa leit. 10Syn kamp sloech er op tusken Geba en Skytopolis. Dêr bleau er in moanne oanien om de rêding en sa fan syn leger wer wat op oarder te bringen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap