1Wa soe leauwe kinne, wat wy heard hawwe?
Wa hat de machtige earm fan de Heare deryn sjen kinnen?
2Foar Gods eagen skeat er op as in nije leat,
as in sprút út toarre grûn.
Yn ús eagen hied er gjin oansjen of hearlikheid,
syn foarkommen wie foar ús neat gjin begearliks oan.
3Ferachte wied er, in ôfgriis foar minsken,
in man dy’t gjin lijen en gjin sykte besparre bleau,
ien dêr’t men it gesicht fan ôfkeart;
ja, wy ferachten him en woenen neat fan him witte.
4Lykwols, wat hy op him naam, dat wienen ús kwalen,
it wie ús lijen, dat hy te dragen krige;
mar wy, wy holden him foar ien dy’t kastijd waard,
troch God slein en fernedere.
5En dochs – om ús misstappen is hy delstutsen,
om ús ûngerjochtichheden tebrutsen.
De straf dy’t ús de frede bringt, hat hy droegen
en troch syn strimen mocht ús betterskip barre.
6Wy doarmen allegearre om as skiep,
elk fan uzen gong syn eigen paad;
mar de skuld fan ús allegearre
hat de Heare op him delkomme litten.
7Doe’t er kastijd waard, joech er him derûnder del
sûnder in wurd te sizzen;
as in laam liet er him nei de slachtbank bringe,
as in skiep dat stom bliuwt foar syn skearders,
sûnder in wurd te sizzen.
8Hy waard ynsletten, feroardiele,
út ’e wei romme.
Hat ek mar ien stilstien by syn lot,
hoe’t er weisnien waard út it lân fan ’e libbenen,
hoe’t de dea him trof om de misstappen fan syn folk?
9Se joegen him in grêf by de goddeleazen,
in grêfstee tusken misdiedigers,
al hied er neat gjin ferkeards dien
en noait in ûnwier wurd sein.
10Mar de Heare woe, dat er troch lijen brutsen waard.
Troch himsels as offer foar de sûnde te jaan
sil er neigeslacht sjen en in lang libben krije;
ja, wat de Heare wol, sil slagje troch syn hân.
11Nei al syn lêst en lijen krijt er no ljocht te sjen;
alles wurdt him klear en dúdlik:
myn rjochtfeardige tsjinstfeint
bringt mannichten frijspraak,
mei’t hy har ûngerjochtichheden op him nommen hat.
12Dêrom wiis Ik him gâns folk ta
en sil er machtigen ûnder him krije,
omdat er himsels oan ’e dea oerjûn hat
en ta de sûnders rekkene is,
doe’t er fan wit-hoefolle minsken de sûnden droech
en foar sûnders tuskenbeiden kaam.