It oardiel oer Edom
1Kom hjirhinne, heidenfolken, en harkje;
naasjes, lit jim neat ûntkomme!
Lit de hiele ierde mei alles wat derop is, tahearre,
de wrâld mei alles wat dy jout.
2Want de Heare is fergrime op alle heidenfolken
en syn grammoedigens hat him keard tsjin har allegearre.
Hy hat se ûnder de ban brocht
en foar de slacht ornearre.
3Har deaden sille fuortsmiten wurde,
har liken in ôfgrysliken stank ôfjaan
en har bloed yn streamen by de bergen delrinne.
4De dellingen sille spjalte,
de himel wurdt oprôle as in boek
en it hiele stjerreleger falt wei,
sa’t druveranken ôffalle
en de blêden fan ’e figebeam.
5‘Want oan ’e himel ferskynt myn swurd;
sjoch, dêr slacht it as in oardiel op Edom del,
op it folk dat Ik ûnder de ban brocht haw.’
6It swurd fan de Heare sit ûnder it bloed,
it bloed fan ’e lammen en de bokken;
it fet dript derôf,
it fet fan ’e longstâlen fan ’e rammen.
Want de Heare hâldt in offerdei te Bosra
en in grutte slachting yn Edom:
7de wylde oksen geane der mei oan,
interrierren sawol as bollen;
har lân driuwt fan it bloed,
de grûn is dêr stiif fan it fet.
8Want de Heare hâldt in dei fan wrake,
de Pleiter foar Sion in jier fan ôfrekkening.
9De beken fan Edom wurde yn pik feroare,
de grûn yn swevel,
it lân wurdt baarnend pik,
10dat by nacht noch by dei út te krijen is:
ivich sil de reek derfan omheech gean,
fan geslacht op geslacht sil it der woest hinne lizze
en gjin mins sil dêr yn der ivichheid in foet mear sette.
11Pelikaan en trapgoes hawwe dêr har thús,
it is in útsocht plak foar ûle en raaf.
Hy hat it mjitsnoer fan ’e ferwoesting deroer hinne spand,
en it sjitlead fan ’e ferwyldering derby lâns hâlden.
12Under de eallju sil gjinien mear ta kening útroppen wurde
en alle lju fan oansjen bliuwt gjinien fan oer.
13Yn ’e paleizen waakse toarnebosken,
brannettels en stikels yn ’e stinzen;
it wurdt in hoale foar jakhalzen,
in tahâld foar strúsfûgels.
14Hyëna’s en wylde hûnen komme inoar dêr tsjin,
satyrs treffe elkoar dêr;
de nachtduvel kin him dêr mar deljaan,
en in rêstplak fine.
15De pylksturt nestelet dêr en leit der syn aaien,
bret se út en hoedet syn team ûnder de fearren.
Dêr komme de gieren yn keppels gear;
dêr sykje se inoar op.
16Sjoch it boek fan de Heare der mar op nei,
net ien fan al dyen sil dêr misse,
net ien, of hy sil dêr syn maat fine,
want Hysels hat de útspraak dien
en it is syn wynpûst, dy’t har byinoar brocht hat.
17Hysels hat harren it lân talotte,
syn hân hat elk syn diel tametten,
foar altyd sille se it hâlde,
en dêr wenje fan âlder op âlder.