It liet fan ’e sterke stêd
1Dy deis sil yn Juda dit liet songen wurde:
In sterke stêd hawwe wy,
foar ús behâld hat God muorren
en foarwurken set.
2Doch de poarten iepen
om Gods folk deryn te litten,
it folk dat trou bleaun is.
3Wa’t inerlik fêst stiet,
jouwe Jo frede,
frede, om’t er op Jo fertrout.
4Ja, fertrou foar ivich op de Heare,
want God de Heare is in ivige rots.
5Dy’t op ’e hichte wennen, hat Er delsmiten,
it steile bolwurk
hat Er mei de grûn lykmakke,
platsmiten yn it stof,
6dêr’t de foet fan ’e lytse lju
en de trêd fan ’e earmen har mar ferwâdzje kinne.
Psalm fan fertrouwen
7It paad fan ’e rjochtfeardige rint rjochtút,
Jo sljochtsje foar de rjochtfeardige de wei.
8Ja, it paad dat jo rjochtsútspraken oanjouwe
hawwe wy ús ferwachting op set;
Jo ûnferjitlike namme
dêr giet ús hert nei út.
9Nachts giet myn hiele hert nei Jo út,
en as de moarntyd komt, sykje ik Jo mei ynmoed,
want jo rjochtsútspraken binne in grut gelok foar de ierde:
sa leart de wrâld wat gerjochtichheid is.
10As ferkearde lju sparre wurde,
dan leare se net wat gerjochtichheid is;
yn in lân dêr’t it rjocht yn eare is,
dogge se noch ûnrjocht
en de majesteit fan de Heare hawwe se gjin each foar.
11Jo hawwe de hân yn ’e hichte, Heare,
mar sij hawwe der gjin each foar.
Se sille beskamme stean, as se jo baarnende leafde foar it folk sjogge;
it fjoer fan jo grime sil jo fijannen fertarre.
12Heare, Jo jouwe ús frede,
ja, by alles wat wy folbringe, hawwe Jo it wurk foar ús dien.
13Heare ús God, soenen oaren bûten Jo hear en master oer ús wêze? Nee,
Jo allinne; jo namme roppe wy oan!
14Deaden libje net wer, ferstoarnen ferrize net wer,
sa stiet it: Jo hawwe mei har ôfrekkene en har ferneatige;
sels har oantinken hawwe Jo neat fan oerlitten.
15Jo hawwe dit folk oanwinne litten, Heare,
Jo hawwe it oanwinne litten en dêr eare mei behelle,
de grinzen fan it lân ha Jo fier útlein.
16Heare, doe’t se yn need sieten,
hawwe se Jo wer opsocht,
yn ’e benearing hawwe se jo kastijing beswarre wollen.
17Sa’t in frou dy’t swier is en oan ’t bernjen ta,
yninoar krimpt en it útraast yn har weeën,
sa leinen wy foar Jo, Heare:
18Wy wienen swier, wy krompen yninoar,
mar hawwe oars net as wyn en fearren te wrâld brocht.
Wat wy oandroegen dêr wie de ierde net mei holpen,
dêr kaam net ien by om de wrâld te bewenjen.
19Myn folk, dyn deaden sille wer libje,
dy liken dy’t Mines binne, sille ferrize.
Wurd wekker en jubelje, jim dy’t yn ’e ierde sliepe;
want dyn dauwe is in dauwe dy’t fûnkelet fan ljocht,
en it deaderyk sil de ferstoarnen wer te wrâld bringe.
20Kom, myn folk, gean de keamer yn,
doch de doar achter dij ticht,
hâld dy in skoftke beskûl,
salang dat de grime foarby is.
21Want sjoch, de Heare ferlit syn wenstee
om mei dy’t op ierde wenje har sûnden te ferrekkenjen.
Dan moat de ierde har bloedplakken sjen litte
en kin se de liken fan ’e fermoarden net langer bedutsen hâlde.