De grutte Jizreël-dei
1Dochs sille ienris Israels bern sa machtich yn tal wêze as it sân oan ’e see,
dêr’t gjin mjitten of tellen oan is.
Op it stee dêr’t tsjin harren sein is:
Jim binne myn folk net,
wurdt dan tsjin harren sein: Bern fan ’e libbene God!
2Dan sille Judeeërs en Israeliten wer byinoar brocht wurde,
se sille in mienskiplike liedsman kieze
en it lân yn beslach nimme,
want grut sil er wêze, dy dei fan Jizreël.
3Dan sille jimme wer tsjin jim bruorren sizze: ‘Myn eigen folk’
en tsjin jim susters: ‘Ik haw begrutsjen mei dy krige.’
Wat God mei Israel docht
4Klei jimme mem oan, Israeliten,
ja, klei har oan,
want hja is myn frou net
en Ik bin har man net.
Lit har de tekens fan har huorkerij fan ’t gesicht ôfdwaan
en de bewizen fan har oerhoer tusken har boarsten wei.
5Oars klaai Ik har poerneaken út
en set har del, sa’t se wie doe’t se berne waard;
Ik meitsje har as ien yn ’e woestyn,
Ik lit har wurde as ien yn toar lân
en lit har omkomme fan ’e toarst.
6Har bern sil Ik gjin begrutsjen mei hawwe,
om ’t it huorrebern binne.
7Want har mem hat huorke
en hja dy’t harren ienris droech,
hat skandalich libbe.
‘Want,’ sei se,
‘ik wol myn frijers neirinne,
de manlju dy’t my myn wiet en droech,
myn wolle en flaaks, myn oalje en drank jouwe.’
8Sjoch, dêrom sil Ik har wei mei stikels tichtsette
en har mei in muorre ynslute,
dat se har paden net mear fine kin.
9Hoe’t se ek achter har frijers oanrint, se treft se net;
hoe’t se ek om harren siket, se fynt se net.
Dan sil se sizze:
‘Ik gean werom, nei myn earste man ta,
want doe hie ik it better as no!’
10Hja hat der gjin weet fan, dat Ik it bin dy’t har it nôt, it druvesop en de olive-oalje jou,
en dy’t har mei rynske hân it sulver taskik
en it goud dat se foar de Baäl brûke;
11dêrom nim Ik yn ’e tiid fan ’t rispjen myn nôt werom
en myn druvesop, as it druvetiid is.
Ik nim har myn wolle en myn flaaks ôf dy’t har neakenens bedekke moasten.
12Dan lit Ik har skande iepen en bleat sjen foar de eagen fan har frijers
en gjinien sil har rêde út myn hân.
13Ik meitsje in ein oan al wat har wille joech,
har feesten, har nije moannen, har sabbatdagen,
ja, oan al har hjeldagen.
14Ik ferniel har wynstôk en har figebeam, dêr’t se fan sei:
‘Dat is de beleanning dy’t ik fan myn frijers krige haw.’
Dêr meitsje Ik wyldlân fan, dat de wylde bisten mar ôffrette kinne.
15Ik sil har de dagen yn rekken bringe,
dy’t se oan ’e Baäls wijd hat mei der rûkoffers oan te bringen,
doe’t se har optoaide mei ringen en halskeattings
en sa achter har frijers oanrûn,
mar My fergeat! – is de godsspraak fan de Heare.
16Likegoed bin Ik fan doel har mei te troaien;
Ik bring har de woestyn yn en sil har belêze.
17Dan jou Ik har har wynbergen wer en meitsje, dat de delling Achor in iepen doar nei de takomst wurdt.
Dan sil se dy leafde be-antwurdzje as yn har jongfammetiid,
as doe’t se út Egypte kaam.
18Dy deis – is de godsspraak fan de Heare –
sil se My neame: ‘Myn man’ en net mear: ‘Myn Baäl.’
19Ik sil har de nammen fan ’e Baäls út ’e mûle nimme,
dat dy net mear nei foaren brocht wurde.
20Dy deis slút Ik foar de Israeliten in akkoart mei de wylde bisten en mei de fûgels yn ’e loft
en mei it krûpend guod op ’e grûn.
Bôge, swurd en oarlochsreau brek Ik út it lân,
dat se har feilich deljaan kinne.
21Ik byn dy oan My yn in ivich trouferbûn,
Ik byn dy oan My mei rjocht en gerjochtichheid,
mei leafde en barmhertichheid.
22Ik byn dy oan My mei fêste trou
en do silst witte wa’t de Heare is.
23Dyselde deis, dan sil Ik ja sizze – is de godsspraak fan de Heare –
Ik sis ja tsjin de himel,
dy sil ja sizze tsjin de ierde;
24de ierde sil ja sizze tsjin it sied,
it druvesop en de olive-oalje,
en dy sille ja sizze tsjin Jizreël.
25Foar Mysels sil ik har siedzje yn it lân
en My ûntfermje oer Lo-Rûchama;
tsjin Lo-Ammy sis Ik: ‘Myn folk bisto,’
en hy sil sizze: ‘Myn God.’