1Samaria moat derfoar boetsje,
dat se it tsjin har God yn ’e kant set hawwe.
Sels sille se falle troch it swurd,
de lytse bern sille ferplettere wurde
en de froulju dy’t in bern ferwachtsje, iepensnien.
Bekearing en betterskip
2Kom dan werom, Israel, nei de Heare, dyn God,
want do bist stroffele oer dyn eigen ûngerjochtichheid.
3Nim wurden mei, as jim by de Heare weromkomme,
en sis tsjin Him:
‘Nim alle ûngerjochtichheid wei
en nim it goede oan:
de frucht fan ús lippen wolle wy offerje.
4Assyrië sil ús net mear ta help wêze,
hynsteride dogge wy ek net mear oan;
en wy sille net mear ús God neame,
wat wurk fan ús eigen hannen is;
want by Jo fynt de wees barmhertichheid.’
5Ik wol har fan har ôfkearigens ôfhelpe
en har fan herten leafhawwe,
as myn grime him fan har ôfkeart.
6Ik wol foar Israel wêze as de dauwe,
hy sil bloeie as in leelje,
hy sil woartels sette as de beammen op ’e Libanon.
7Syn nije leaten sille wiid wreidzje,
syn pracht sil wêze as fan ’e olivebeam,
hy sil rûke as de Libanon.
8Se sille wer yn syn skaad sitte,
se sille nôt bouwe;
se sille bloeie as de druvebeam,
dy’t like ferneamd wurde sil as wyn fan ’e Libanon.
9Dan sil Efraïm sizze: ‘Wat haw ik langer mei ôfgodsbylden te krijen?’
Ik bin it dy’t him ferheard haw en nei him omsjoch.
Ik sil wêze as in altyd griene sipres
en troch My sil der frucht foar dij te finen wêze.
Neiskrift
10Wa’t wiis is, lit him dizze dingen goed ferstean,
wa’t ferstannich is, lit him se goed witte!
Want rjocht binne de wegen fan de Heare;
dêrop geane dy’t it rjochte spoar hâlde,
mar de ôffalligen dy stroffelje derop.