Abram ferslacht fjouwer keningen
1It wie yn ’e dagen fan Amrafel, de kening fan Sjineär, Arjok, de kening fan Ellasar, Kedorlaömer, de kening fan Elam en Tidal, de kening fan Gojim, 2dat dy de oarloch oangongen mei Bêra, de kening fan Sodom, Birsja, de kening fan Gomorra, Sjinab, de kening fan Adma, Sjeméber, de kening fan Seboïm en de kening fan Bêla, dat is Soär. 3Dy wienen allegearre byinoar kommen yn ’e delling fan Siddim, dat is no de Sâltsee. 4Tolve jier hienen se Kedorlaömer tsjinne en yn it trettjinde jier wienen se yn opstân kommen. 5Yn it fjirtjinde jier kaam Kedorlaömer mei de keningen dy’t er by him hie, op en hja fersloegen de Refaïten te Asjterot-Karnaïm, de Sûziten te Ham, de Emiten te Sjawé-Kirjataïm, 6en de Choariten yn har bergen te Séir oan El-Paran ta, dat by de woestyn leit. 7Doe kearden se werom en kamen by En-Misjpat, dat is Kadesj, en hja fersloegen it hiele gebiet fan ’e Amalekiten en ek de Amoriten dy’t yn Chaseson-Tamar wennen.
8Doe setten de keningen fan Sodom, Gomorra, Adma, Seboïm en Bêla, dat is Soär, dêr hinne en hja stelden har yn slachoarder op foar de striid yn ’e delling fan Siddim, 9tsjin Kedorlaömer, de kening fan Elam, Tidal, de kening fan Gojim, Amrafel, de kening fan Sjineär en tsjin Arjok, de kening fan Ellasar, fjouwer keningen tsjin fiif. 10No wie de delling fan Siddim ien en al pikputten en doe’t de kening fan Sodom en dy fan Gomorra op ’e flecht gongen, foelen party dêryn en dy’t oerbleauwen, flechten nei de bergen. 11Doe namen de fijannen alle besit fan Sodom en Gomorra mei en ek har iten en stieken ôf. 12Doe’t se fuortgongen namen se ek Lot, de soan fan Abrams broer mei en syn besit. Hy wenne nammentlik yn Sodom.
13Doe kaam der ien dy’t ûntkommen wie en fertelde it Abram, de Hebreeër. Dy wenne by de terebinten fan Mamré, de Amoryt, broer fan Esjkol en Aner. Dat wienen Abram syn bûnsmaten. 14Doe’t Abram hearde, dat se syn omkesizzer meinommen hienen, liet er de oefene mannen dy’t yn syn hûs berne wienen ôfstekke, trijehûndertachttjin man, en hy sette se achternei oan Dan ta. 15De nachts ferdielden hy en syn feinten har tsjin harren en hja fersloegen se en hy sette har achternei oan Choba ta, dat noard fan Damaskus leit. 16Hy brocht alle besit werom. Ek Lot, syn omkesizzer, brocht er werom mei dy syn besit en ek de froulju en it folk.
Abram en Melchisêdek
17Doe’t er weromkaam fan ’e slach mei Kedorlaömer en de keningen dy’t mei him wienen, triek de kening fan Sodom him yn ’e mjitte, yn ’e delling Sjawé, dat is de keningsdelling.
18En Melchisêdek, de kening fan Sjalem, brocht him brea en wyn. Hy wie in pryster fan ’e alderheechste God. 19Hy segene him en sei:
Segene mei Abram wêze troch de alderheechste God,
de Eigener fan himel en ierde,
20en heech te priizjen is de alderheechste God,
dy’t jo de tsjinstanners yn hannen jûn hat.
Abram joech him it tsiende fan alles.
21De kening fan Sodom sei tsjin Abram: Jou my de minsken en hâld de have mar foar josels. 22Mar Abram sei tsjin ’e kening fan Sodom: Ik haw de fingers opstutsen foar de Heare, de alderheechste God, de Eigener fan himel en ierde, 23dat ik neat, sels gjin tried en gjin skuonfiter nimme sil fan alles dat jowes is, dat jo noait sizze kinne: Ik haw Abram ryk makke. 24Foar my neat. Allinne wat de jonges oan iten hân hawwe en it part fan ’e mannen dy’t mei my gien binne: Aner, Esjkol en Mamré – dy sille elk har part nimme.