Wet of leauwen
1Unnoazele Galatiërs, dat jim binne! Wa hat jimme betsjoend? Jimme is Jezus Kristus dochs foar eagen tekene as de krusige Hear? 2Dit woe ik allinne fan jimme witte: Hawwe jimme de Geast krige om’t jimme dien hawwe wat de wet freget, of om’t jimme leaud hawwe yn it boadskip fan God? 3Binne jimme no wier sa ûnnoazel? Jimme binne begûn mei de Geast, besykje jimme no it foarinoar te krijen mei minskewurk? 4Hat dan alles wat jimme ûnderfûn hawwe fergees west? Nee, dat kin dochs hast net! 5Jout God jimme de Geast en docht Er wûnders by jimme om’t jimme dien hawwe wat de wet freget, of om’t jimme leaud hawwe yn it boadskip fan God? 6Sa’t de Skrift seit: Abraham hat yn God leaud en it is him as gerjochtichheid oanrekkene.
7Dit moatte jim no goed begripe; sy dy’t út it leauwen libje, binne de wiere bern fan Abraham. 8De Skrift hat al fan te foaren sjoen dat God de heidenfolken frijsprekke soe troch it leauwen, en hat fan te foaren it bliid boadskip oan Abraham brocht: Yn dij sille alle folken segene wurde. 9Dy’t út it leauwen libje, wurde dus segene mei Abraham dy’t leaud hat. 10Want alle minsken dy’t it allinne sykje yn it folbringen fan ’e wet, falle ûnder de flok. De Skrift seit ommers: De flok oer elk dy’t him net hâldt oan alle foarskriften fan it boek fan ’e wet om dy nei te kommen. 11It is dúdlik dat net ien foar God frijsprutsen wurdt troch it neikommen fan ’e wet, want de Skrift seit: De rjochtfeardige sil troch it leauwen libje.
12It is de wet net te rêden om leauwen, mar dêr jildt: Wa’t dat docht sil dêrtroch libje. 13Kristus hat ús frijkocht fan ’e flok dy’t de wet meibringt, troch sels foar ús in flok te wurden, want der stiet beskreaun: de flok oer elk dy’t oan it hout hinget. 14God hat dat dien, want Hy woe, dat yn ’e persoan fan Kristus Jezus de segen fan Abraham oan ’e heidenen tafalle soe en dat wy troch it leauwen de Geast krije mochten, dy’t ús tasein is.
De wet en de belofte
15Bruorren, ik jou jimme in foarbyld út it deistich libben. Sels in testamint fan in minske dat de goede foarm hat, kin troch net ien oan ’e kant skood wurde en gjinien kin der wat oan tafoegje. 16No binne Gods beloften oan Abraham dien en oan syn ôfstammeling. De Skrift seit net: en oan syn ôfstammelingen, as gong it oer in mannichte. Nee, it giet oer ien: en dyn ôfstammeling. Dat is Kristus. 17Dêr bedoel ik dit mei: God hie fan te foaren in testamint fêststeld en de wet dy’t fjouwerhûnderttritich jier letter kommen is, koe dat net bûten wurking sette en Gods belofte te neate dwaan. 18Want as wat God tasein hat, fan ’e wet ôfhingje soe, dan hong it net langer fan ’e belofte ôf. Mar God hat Abraham syn genede bewiisd op grûn fan in belofte.
19Wat hat de wet dan te betsjutten? Dy waard der letter oan tafoege om de misslaggen, oant de ôfstammeling fan Abraham komme soe oan wa’t de belofte dien wie. De wet is troch ingels jûn yn hannen fan in tuskenpersoan. 20No hoecht der gjin tuskenpersoan te wêzen as der mar ien persoan is, en God is ien.
Slaven en soannen
21Giet de wet dan tsjin ’e beloften [fan God] yn? Ut-noch-yn net. Want as der in wet jûn wie dy’t libben meitsje koe, dan soe de frijspraak yndied fuortkomme út ’e wet. 22Mar de Skrift hat alles ûnder de macht fan ’e sûnde besletten, mei de bedoeling dat de belofte op grûn fan it leauwen yn Jezus Kristus jûn wurde soe oan har dy’t leauwe.
23Ear’t it leauwen kaam, sieten wy opsletten ûnder de twang fan ’e wet oan de tiid ta, dat it leauwen iepenbiere wurde soe. 24Sadwaande hat de wet ús oppasser west oant Kristus kaam. Wy soenen op grûn fan it leauwen frijsprutsen wurde. 25Mar no’t it leauwen kommen is, steane wy net mear ûnder de oppasser.
26Want allegearre binne jimme bern fan God om’t jim troch it leauwen mei Jezus Kristus ferbûn binne. 27Jimme allegearre dy’t yn Kristus doopt binne, hawwe Kristus (as in mantel) oandien. 28Joad of Gryk, slaaf of frije, man of frou, dat makket dan neat út. Want jimme binne allegearre mei-inoar in ienheid yn Kristus Jezus. 29As jimme fan Kristus binne, dan binne jimme ôfstammelingen fan Abraham en erfgenamten neffens de belofte.