Oare offers
1Dit hat God de Heare te sizzen: De poarte fan it binnenste foarhôf, dy op it easten, moat op ’e seis wurkdagen ticht bliuwe, mar op sabbat en mei nije moanne moat er iepen. 2De foarst moat der dan fan bûtenôf troch it poarte-porteal ynkomme en by de poartestilen stean bliuwe; de prysters moatte dan syn brânoffer en syn frede-offer reemeitsje; op ’e drompel fan ’e poarte moat er djip delbûge en der dan wer útgean, mar de poarte mei net earder wer ticht as de jûns. 3It folk moat op sabbat en mei nije moanne by de yngong fan dy poarte djip foar de Heare delbûge. 4It brânoffer dat de foarst op sabbat de Heare bringt, sil bestean út seis geve skiep en in geve raam, 5en it moaloffer út in efa by elke raam en by de skiep in moaloffer sa grut as him barre mei; op elke efa moat der in hyn oalje by. 6Mei nije moanne moat der komme: in geve interbolle, seis skiep en in raam, ek allegearre geef: 7as moaloffer moat er soargje foar in efa by dy interbolle en by dy raam, en by de skiep al nei’t him barre mei; op elke efa moat der in hyn oalje by.
8As de foarst de timpel yngiet, moat er der troch it poarte-porteal ynkomme en der deselde wei lâns wer útgean. 9Mar op ’e fêste heechtiden, as it folk foar de Heare ferskynt, dan moat, wa’t der troch de noarderpoarte ynkommen is om te oanbidden, der troch de suderpoarte wer útgean; en wa’t der troch de suderpoarte ynkommen is, dy moat der troch de noarderpoarte wer útgean; hy mei net troch deselde poarte weromgean, dêr’t er troch ynkommen is, hy moat rjocht trochrinne en der sa wer útgean. 10De foarst moat by harren bliuwe; hy moat der mei harren ynkomme en der mei harren útgean.
11Ek op ’e feesten en op ’e fêste heechtiden moat it moaloffer by in interbolle en by in raam in efa wêze, en by de skiep al nei’t jin barre mei; op elke efa moat der in hyn oalje by. 12Mar as de foarst de Heare frijwillich in brânoffer of frede-offer bringe wol, dan moatte se de easterpoarte foar him iependwaan, dat er syn brânoffer en frede-offer bringe kin, sa’t er dat op sabbat wend is; en as hy der wer útgiet, moatte se de poarte achter him ticht dwaan.
13Hy moat de Heare alle dagen in geef touke as brânoffer bringe, ja alle moarnen moat er dat dwaan. 14As moaloffer moat er dêr alle moarnen in sechste part fan in efa en it tredde part fan in hyn oalje by dwaan om it fine moal mei oan te mingen – as moaloffer foar de Heare; dat is in regel dy’t foar altyd jildt. 15Alle moarnen weroan moatte se it touke en it moaloffer en de oalje bringe as fêst brânoffer.
De foarst en it lânbesit
16Dit hat God de Heare te sizzen: As de foarst ien fan syn soannen in stik lân jout fan syn erflik besit, dan is dat dy soan sines, dan is dat foar him erflik besit. 17Mar as er fan syn erflik besit ien fan syn tsjinners in stik lân jout, dan mei dy dat mar hâlde oan it frijlittingsjier ta; dan ferfalt it wer oan ’e foarst, want it erfskip komt allinne syn eigen soannen ta. 18De foarst mei it folk neat fan har erflik besit ôfnimme en harren har eigendom net ûntnaderje; allinne syn eigen grûnbesit mei er syn soannen neilitte; gjinien fan syn folk mei út syn eigendom stjitten wurde.
De keukens foar prysters en folk
19Doe naam er my troch de yngong oan ’e sydkant fan ’e poarte mei nei de hillige keamers foar de prysters, dy’t op it noarden útsjogge. Dêr blykte in romte te wêzen oan ’e achterkant, op it westen. 20Doe sei er tsjin my: Dat is it plak dêr’t de prysters it skuldoffer en it sûnde-offer siede kinne en it moaloffer bakke. Dan hoege se it net nei it bûtenste foarhôf te bringen, mei it gefaar dat se hillichheid op it folk oerbringe soenen. 21Dêrnei brocht er my nei bûten, op it bûtenste foarhôf, en dêr liet er my de fjouwer hoeken bylâns gean; yn elke hoeke fan it foarhôf wie noch wer in lyts foarhôf; 22dy fjouwer foarhofkes op ’e hoeken wienen oerdutsen; se wienen fjirtich jellen lang en tritich jellen breed, dus alle fjouwer krektlike grut. 23Om elk fan dy fjouwer rûn in muorke hinne; oeral wienen der oan ’e ûnderkant hurdsteden tsjinoan makke. 24Hy sei tsjin my: Dat binne de stookhutten dêr’t de timpeltsjinners de offers fan it folk siede kinne.