De ûndergong fan Tyrus
1Yn it alfte jier, op ’e earste dei fan ’e earste moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, yn Tyrus hawwe se fan Jeruzalem sein:
‘Moai sa, wat earst de poarte fan ’e naasjes wie,
is no brutsen en stiet foar my iepen.
It leit yn pún en no kin ik myn trekken waarnimme.’
3Dêr hat God de Heare dit op te sizzen:
Pas op Tyrus, Ik sil dy fine!
Ik sil in macht folken tsjin dy opjeie,
sa’t de see syn weagen opjaget;
4dy sille de muorren fan Tyrus ferniele
en de tuorren delhelje.
Sels it pún fei Ik fuort:
Ik meitsje der in keale rots fan.
5In pôle om netten op te druien
wurdt it, midden yn ’e see,
want Ik haw sprutsen, is de godsspraak fan God de Heare;
de folken kinne it mar plonderje.
6De dochterstêden fan Tyrus, dy’t op ’e fêste wâl lizze,
wurde mei it swurd útmoarde,
en dan sille se witte,
dat Ik de Heare bin.
7Want dit hat God de Heare te sizzen: Sjoch, út it noarden wei stjoer Ik kening Nebûkadressar fan Babel op Tyrus ôf, de machtichste fan alle keningen, mei hynders en weinen en ruters en mei in macht folk.
8Dyn dochterstêden op ’e fêste wâl sil er mei it swurd útmoardzje.
Hy sil belegeringswurken oanlizze,
in wâl tsjin dy opsmite
en in dak fan skylden omheech bringe.
9Hy sil syn stoarmrammen op dy loslitte,
dyn muorren dermei bûkje
en dyn tuorren sil er mei syn brekizers ôfbrekke.
10Hy hat safolle hynders,
dat do komst ûnder de moude te sitten.
Syn ruters en de tsjillen fan syn striidweinen
meitsje sa’n lawaai,
dat de muorren skodzje derfan,
as er dyn poarten ynrydt,
sa’t men in stêd yngiet,
dy’t iepenbrutsen is.
11Mei de hoeven fan syn hynders stampt er al dyn strjitten fyn,
dyn folk bringt er om mei it swurd
en dyn mânske pylders geane tsjin ’e flakte.
12Dyn rykdom roovje se dy ôf,
dyn hannelswaar nimme se as bút mei,
dyn muorren helje se del,
dyn kostlike huzen brekke se ôf,
dyn stiennen, dyn balken en sels dyn pún smite se yn it wetter.
13It lûd fan dyn lieten meitsje Ik in ein oan,
de klank fan dyn lieren sil net mear heard wurde.
14Ik meitsje in keale rots fan dy,
in pôle om netten op te druien wurdsto; noait wurdst wer opboud,
want Ik, de Heare, haw sprutsen,
– is de godsspraak fan God de Heare.
15Dit hat God de Heare tsjin Tyrus te sizzen: Ja, de lannen oan ’e seekant sille trilje fan it dreunen fan dyn fal, as de ferwûnen lizze te kjirmjen, as it by dy op in moardzjen giet. 16Dan geane alle foarsten fan ’e seelannen fan har troan, se dogge de mantel ôf en lûke de ryk borduerde klean út; yn grutte ferbjustering sille se op ’e grûn sitte en oanienwei trilje fan konsternaasje om dyn lot. 17Dan sille se in kleiliet oer dy ynsette en sizze:
O, hoe bisto sa weiwurden en ferdwûn fan ’e seeën,
do stêd dêr’t elk de lof fan song;
dy’t machtich wie op see,
do en dyn folk;
dy’t de skrik deryn hie by allegearre dy’t der omhinne wennen.
18Mar no, de kustlannen trilje,
no’t de dei fan dyn fal der is;
ja, de lannen oan ’e see binne ferbjustere fan dyn fal.
19Ja, dit hat God de Heare te sizzen: Wannear’t Ik in ferlittene stêd fan dy meitsje – lykas de stêden dêr’t gjin mins mear wennet –; wannear’t Ik de ûndergrûnsee tsjin dy opjei en it wide wetter oer dy hinne giet, 20dan lit Ik dy weisinke mei harren dy’t yn ’e kûle weisonken binne by de lju út it fiere ferline; Ik sil dy wenje litte yn ’e ûnderwrâld tusken de púnfallen út it fiere ferline mei harren dy’t yn ’e kûle weisonken binne: noait silst wer bewenne wurde en wer dyn plak krije yn it lân fan ’e libbenen. 21Ik sil in skrikbyld fan dy meitsje, do bist wei. Der sil om dy socht wurde, mar fûn wurdst yn der ivichheid net, – is de godsspraak fan God de Heare.