De kening komt foar de Joaden op
1 Deselde deis joech kening Ahasfearos oan Ester it besit fan Haman, de fijân, wylst Mordekai tagong krige by de kening, want Ester hie fernijd, wat famylje hy fan har wie. 2 En de kening die de segelring ôf, dy’t er Haman ôfkrije litten hie, en joech him oan Mordekai. En Ester stelde Mordekai oan as behearder oer alles wat fan Haman west hie. 3 Ester prate nochris mei de kening. Se liet har flak foar syn fuotten delfalle en smeke him derom, dat er it gemiene plan fan Haman teneate meitsje woe, en alles wat er tsjin de Joaden ûndernommen hie. 4 De kening stiek Ester de gouden skepter ta en Ester kaam oerein en stie lyk foar de kening. 5 Ester sei: As it de kening goed taliket en as jo my tagedien binne, lit dan in skriuwen útgean, dat de brieven dy’t Haman ferstjoerd hat om de Joaden dy’t yn jo ryk binne út te roegjen, ynlutsen wurde. 6 Want hoe soe ik it ûnheil oansjen kinne, dat myn folk treffe sil, en hoe soe ik ûntkomme, as myn skaai ûndergiet?
7 Doe sei de kening tsjin Ester: No’t ik dy it hiele besit fan Haman presint jûn en himsels op ’e peal spytse litten haw, om’t er syn hân oan de Joaden slaan woe, wat wolst dan noch mear? 8 Jimsels meie út myn namme skriuwe wat jim goedtinkt en it mei myn segelring besegelje. Want alles, dat op befel fan ’e kening skreaun wurdt en mei de segelring fan ’e kening besegele is, dat kin net tsjinsprutsen wurde.
9 Doe waarden de skriuwers fan ’e kening roppen, yn ’e earste moanne, dat is Nisan, de trijeëntweintichste dei fan it jier en oan ’e Joaden waard skreaun wat opdroegen waard oan de steedhâlders, de lânfâden en foarsten fan India ôf oant Etiopië ta, hûndertsânentweintich provinsjes, oan elk lân yn syn eigen taal. 10 Se skreauwen út namme fan ’e kening en besegelen it mei syn segelring en ferstjoerden de brieven mei boaden, 11 dat er de Joaden opdroech, har wetten te hâlden yn alle stêden en har libben te rêden en mei har fijannen en tsjinstanners te dwaan sa’t se woenen, 12 op ien-en-deselde dei yn it hiele ryk fan kening Ahasfearos, op ’e trettjinde fan ’e tolfte, de moanne Adar.
EDe tekst fan it edikt
1 Hjirûnder folget de tekst fan dy brief. Keizer Ahasfearos winsket de steedhâlders fan ’e hûndertsânentweintich provinsjes fan ’e Indyske Oséaan oan Etiopië ta en de lju dy’t oan ús kant steane, heil! 2 Der binne gâns minsken, dy’t troch alle goedens fan har woldwaners ryklik folle eare krigen hawwe, en no grutsk wurden binne. 3 Se besykje net allinne ús ûnderdienen tenei te kommen, mar ek, omdat se de weelde net drage kinne, tsjin har eigen woldwaners gear te spannen. 4 Se ferspylje net allinne de tankberens fan ’e minsken, mar litte har ek troch it opsprekken fan dwaze lju ferliede om te tinken, dat se ûntkomme kinne oan it wreekjend oardiel fan God, dy’t alles sjocht. 5 It is gauris sa gien mei alderlei minsken op hege posten, dy’t it waarnimmen fan it bestjoer oan freonen tabetroud hienen: se lieten har troch dy freonen beprate en waarden sadwaande mandélich oan it fermoardzjen fan ûnskuldigen, en de rampen dy’t har oerkamen wie gjin kearensein oan. 6 Sa ferrifelen dy lju mei gemien bedroch de earlike goede bedoeling fan ’e foarsten. 7 Wy hoege net ienris de ferhalen út it ferline op te heljen, dy’t wy te boek stelle lieten, nee, jimme kinne it foar jimme eagen sjen. Gean mar nei watfoar slimme stikken dy smoarge ûnweardige regearders útheefd hawwe! 8 Wy moatte derfoar soargje, dat der tenei yn ús ryk rêst en frede foar alle minsken komt, 9 en dêrta de wet feroarje en wy moatte wat ús ûnder it each brocht wurdt, altyd mei de nedige ynskiklikheid beoardielje.
10 Sa waard ommers ek Haman, de soan fan Hammedata, in Masedoaniër, gastfrij opnommen, ek al wied er net fan Perzysk komôf en ek al miende er it lang sa goed net as wy. 11 Ja, ús minskeleafde dy’t foar alle folken jildt, rûn yn syn gefal sa fier, dat er de titel krige fan ‘ús heit’ en dat elk foar him op ’e knibbels falle moast, om’t er op ien nei heechste wie yn it ryk. 12 Mar hy koe syn grutskens net baas bliuwe, dat hy besocht ús fan ’e troan te stjitten en te fermoardzjen. 13 Ja, de man dy’t ús libben rêden hat en altyd sa goed foar ús west hat, en de frou sûnder lek en brek dy’t de keninklike weardichheid mei my dielt, Ester – fan harren en fan har hiele folk hat Haman mei fyn ynlein bedroch easke dat se útmoarde wurde soenen. 14 Troch dy mûklisten tocht er ús lytsman te meitsjen en sadwaande de Masedoaniërs oan ’e macht te helpen yn pleats fan ’e Perzen.
15 Mar wy binne fan oardiel, dat de Joaden dy’t dy trijedûbelde smjunt ferneatigje woe, gjin misdiedigers binne, mar dat se troch tige rjochtfeardige wetten bestjoerd wurde. 16 It binne bern fan ’e alderheechste, grutste, libbene God, dy’t ús en ús foarâlden it ryk yn sa’n fleurige tastân beskikt hat.
17 Jimme sille der dus goed oan dwaan, gjin rekken te hâlden mei de brieven dy’t Haman, de soan fan Hammedata, stjoerd hat. 18 Want de man, dy’t dy dingen be-oardere hat, is sels mei syn hiele famylje by de poarte fan Sûsan ophinge, omdat de God dy’t alles bestjoert, him mei hasten syn fertsjinne straf jûn hat. 19 Hingje rûnom yn ’t iepenbier in ôfskrift fan dizze brief op en stean de Joaden ta, har eigen wetten te hâlden. 20 Ja, stean se by om har te ferwarren tsjin elk dy’t har op it stuit fan ’e ferdrukking oanfalt, op ’e selde dei, de trettjinde fan ’e tolfte moanne, Adar. 21 Want de dei dat it útkarde folk útroege wurde soe, hat de almachtige God ynpleats foar harren ta in dei fan blydskip makke.
22 En jimme moatte dus, by jimme ferneamde feesten, ek in heechtiidsdei hâlde en dy mei feestmielen fiere; 23 dat der no en letter foar ús en de goedmienende Perzen heil wêze sil en foar har dy’t it op ús fersjoen hawwe, in oantinken oan ûndergong. 24 Mar elke stêd, of yn it algemien elke goa, dy’t dêr net neffens dwaan sil, moat te fjoer en te swurd sûnder begrutsjen ferwoeste wurde, ja ûntagonklik wurde net allinne foar de minsken, mar ek troch dieren en fûgels foar altyd mijd wurde.
813 In ôfskrift moast yn ’t publyk ophongen wurde yn it hiele ryk en de Joaden moasten foar dy dei ree wêze om tsjin har fijannen te striden. 14 De ruters setten mei sân hasten út ein om it befel fan ’e kening út te fieren. En de wet waard ek ophongen yn Sûsan.
15 En Mordekai kaam bûtendoar yn in keninklike mantel, in grutte gouden tulbân op en in holbân om fan linnen. En de ynwenners fan Sûsan ferbliden har doe’t se dat seagen. 16 De Joaden mocht ommers ljocht en blydskip barre. 17 En yn alle stêden en provinsjes, dêr’t it beslút fan ’e kening bekend makke waard en de proklamaasje ophinge waard, wie der by de Joaden blydskip en freugde, feestmiel en freugde. En hiel wat minsken út ’e heidenen lieten har besnije, want se hienen ûntsach foar de Joaden krige.