Oarlochswetten
1Asto derop útgiest om mei dyn fijannen yn ’e slach te gean en do sjochst hynders en weinen, en in folk machtiger as dosels, dan silst der net bang foar wêze, want de Heare dyn God dy’t dy út Egypte helle hat, dy is mei dy. 2As jimme dan oan ’e striid ta binne, dan moat de pryster nei foaren komme en it folk tasprekke. 3Hy moat tsjin har sizze: Harkje Israel, sa dêrmei sille jimme de striid oangean tsjin jimme fijannen. Ferlies de moed net, wês net bang en wurd net oerstjoer en wês net benaud foar har, 4want de Heare jimme God, giet mei jimme om mei jimme te striden tsjin jimme fijannen en om jim te ferlossen.
5Dan moatte de foarmannen tsjin it folk sizze: Hokker man hat in nij hûs set en it noch net ynwijd? Lit dy him ôfjaan en nei hûs weromgean. Oars soe er stjerre kinne yn ’e striid en in oaren-ien it ynwije. 6Wat man hat in druvehôf plante en dêr noch neat út makke? Lit dy him ôfjaan en nei hûs gean. Oars soe er stjerre kinne yn ’e striid en in oaren-ien it gemaak krije. 7En wat man is ferloofd, mar noch net troud? Lit dy him ôfjaan en nei hûs gean. Oars soed er yn ’e striid stjerre kinne en in oaren-ien soe mei har trouwe.
8Fierders moatte de foarmannen it folk tasprekke en sizze: Wat man is bang en lit de moed sakje? Lit dy him ôfjaan en nei hûs gean. Oars soed er, lykas it himsels te moede is, ek syn bruorren de moed ferlieze litte. 9En as dan de foarmannen oan ’e ein kommen binne fan har taspraak, dan moatte hja de legeroanfierders oer it folk oanstelle.
10Asto by in stêd komst om dêr tsjin te striden, dan moatst har de betingsten ta frede bekend meitsje. 11As dy stêd op dy betingsten yngiet en foar dy iependocht, dan sil al it folk dat dêryn oantroffen wurdt, dij skatplichtich wêze en dij tsjinje. 12As hja lykwols gjin frede mei dy wolle en hja geane de striid mei dy oan, dan moatst har belegerje. 13De Heare dyn God sil har dan oan dy oerleverje en do moatst al wat manlik is, slaan mei it bleate swurd. 14Allinne de froulju, de bern, it fee en alles wat yn ’e stêd wêze sil, de hiele bút dêrfan meist foar dysels hâlde en do meist ite fan ’e bút op dyn fijannen, dy’t de Heare dyn God dy jûn hat. 15Sa moatsto dwaan mei alle stêden dy’t tige fier fan dy ôflizze, dy’t net hearre by de stêden fan dizze folken hjirre.
16Fan ’e stêden fan dy folken lykwols, dy’t de Heare dyn God dy yn erfbesit jout, meist neat yn libben litte dat sykhellet, 17mar dy moatst folslein banne, de Hettiten, de Amoriten, de Kanaäniten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten, lykas de Heare dyn God dy hjitten hat. 18Oars soenen hja jimme leare kinne te dwaan neffens al de grouwélichheden, dy’t hja foar har goaden dogge en dan soenen jimme sûndigje tsjin de Heare jimme God.
19Asto yn de striid om har yn besit te nimmen, in stêd dagen lang belegerest, dan meisto har beammen net ferniele troch de bile der yn te slaan. Do meist der wol fan ite, mar se net omkapje. Want binne de beammen op it fjild faaks minsken, dat dy troch dy yn ’e belegering behelle wurde soenen? 20Allinne de beammen dêrst fan witst dat it gjin fruchtbeammen binne, dy meist ferniele en omkapje, om in bolwurk op te smiten tsjin ’e stêd dy’t mei dy yn oarloch is, krektsalang dat dy falt.