Opskrift
1Dit binne de foarskriften en de rjochtsregels dêr’t jimme om tinke moatte en kom se nei, salang’t jimme op ’e ierde libje sille, yn it lân dat de Heare, de God fan dyn foarfaars dy jûn hat om it yn besit te nimmen.
It plak fan ’e earetsjinst
2Jim moatte alle plakken dêr’t de folken, dy’t jimme ferjeie sille, har goaden tsjinne hawwe: op ’e hege bergen, op ’e heuvels en ûnder elke griene beam, foargoed útroegje. 3Har alters moatte jimme omsmite, har wijstiennen stikken slaan, har wijpeallen opbaarne, har goadebylden tegruzelje en fan dat plak har namme ferdwine litte. 4Jimme moatte sa net dwaan mei de Heare jimme God, 5mar allinne it plak, dat de Heare jimme God út alle stammen foar kar nimme sil om dêr syn namme te fêstigjen en om dêr te wenjen, dat moatte jimme opsykje en dêr moatsto hinnegean. 6Dêr moatte jimme jim brânoffers en fleisoffers hinne bringe, jim tsienden, jimme wijjeften, jimme gelofte-offers en jimme frijwillige jeften en ek de earstbernen fan jimme kij en skiep. 7Dêr moatte jimme ite yn it bywêzen fan de Heare, jimme God, en bliid wêze, jimme en jim húsgesinnen, oer al jim ûndernimmingen, dêr’t de Heare dyn God dy yn segene hat.
8Jimme meie dan net mear dwaan lykas wy it hjir tsjintwurdich dogge, dat in elk mar docht wat him goed tinkt. 9Want jimme binne oant no ta net oan ’e rêst en it erfdiel takommen dat de Heare jim God dy jout. 10As jimme dan de Jordaan lykwols oerstutsen binne en jimme wenje yn it lân dat de Heare jimme God jimme ervje litte sil, en as Hy jimme rêst jûn hat fan al jimme fijannen om jim hinne, sadat jimme feilich wenje kinne, 11dan komt de tiid, dat jimme nei it plak dat de Heare jimme God útkieze sil om syn namme dêr wenje te litten, dêrhinne alles bringe sille dat ik jimme oplis: jimme brânoffers en fleisoffers, jimme tsienden en jimme wijjeften, it bêste fan al jimme gelofte-offers, dy’t jimme de Heare ûnthjitten hawwe. 12En dan moatte jimme bliid wêze yn it bywêzen fan de Heare jim God; jimsels, jimme soannen en dochters, jimme slaven en slavinnen en de Levyt, dy’t by jimme tahâldt, want hy hat part noch erfdiel ûnder jimme.
13Hoedzje jimme der dan foar, dat jim jimme offers bringe soenen op elk plak dêr’t dyn each mar op falt. 14Mar op it plak dat de Heare útkieze sil yn ien fan dyn stammen, dêr moatsto dyn offers bringe en dêre moatsto alles dwaan wat ik dy oplis. 15Do meist lykwols yn al dyn stêden safolle slachtsje en fleis ite ast mar wolste, al neigeraden de Heare dyn God dy segen jûn hat. De reine en de ûnreine meie sawol fan in gazelle as fan in hart ite. 16It bloed lykwols meie jimme neat fan hawwe. Dat moatst oer de grûn jitte as wetter. 17Mar yn dyn stêden meist neat ite fan de tsienden fan dyn nôt, dyn druvesop of dyn oalje, noch fan ’e earstelingen fan dyn kij of skiep en fan al dyn gelofte-offers, dysto ûnthjitten hast, noch fan dyn frijwillige jeften en wijjeften. 18Mar dy moatst ite yn it bywêzen fan de Heare dyn God op it plak dat Hy útkieze sil, do, dyn soan en dyn dochter, dyn slaaf en dyn slavinne en de Levyt dy’t by dy tahâldt. Dan moatst yn it bywêzen fan de Heare dyn God bliid wêze om alles datst beskrept hast. 19Tink der dan om, datst, salang ast yn dyn lân wennest, de Levyt net oan syn lot oerlitst.
20As de Heare dyn God dyn gerjochtichheid útwreide hat, lykas Er sein hat en ast dan tinkst: Lit my fleis ite, want ik haw dêr sin oan, dan meist fleis ite, safolle ast wolst. 21En as it plak dat de Heare dyn God útkieze sil om syn namme dêr te fêstigjen gâns in ein fan dy ôf leit, dan meist fan dyn kij en fan dyn lytsfee dat de Heare dy jûn hat, slachtsje, lykas ik dy oplein haw en do meist yn dyn stêden dêr safolle fan ite ast wolst. 22Mar lykas in gazelle en in hart iten wurde, sa moatst dêrfan ite. De ûnreine likegoed as de reine mei it ite. 23Hâld dy der lykwols oan, datst dan neat fan it bloed mei opytst, want it bloed is it libben en do meist it libben net ite mei it fleis. 24Yt it net! Jit it as wetter oer de grûn. 25Yt it net, dat it dy en dyn bern nei dy goed gean mei, omdatst dochst wat de Heare rjocht achtet. 26Mar de hillige jeften fan dines en de gelofte-offers moatsto meinimme en dêrmei komme op it plak dat de Heare útkieze sil. 27Fan dyn brânoffers moatsto it fleis en it bloed klearmeitsje op it alter fan de Heare dyn God, mar it bloed fan dyn fleisoffers moatst útjitte oer it alter fan de Heare dyn God, en it fleis dêrfan meist ite. 28Tink der dan om en harkje nei al dizze wurden dy’t ik dy foarhâld, dat it dy en letter dyn bern foar altyd goed gean mei, omdatst dien hast wat de Heare dyn God goed en rjocht achtet.
Tsjin de Kanaänityske godstsjinst
29As dan de Heare dyn God de folken dêrsto hinnegiest om se foar dy út te jeien, útroege hat, en ast har dan ferjage hast en do wennest yn har lân, 30tink der dan om datst dy net ferliede litst har foarbyld te folgjen, – nei’t hja foar dyn eigen eagen útroege binne. Sykje dan har goaden net mei de gedachte: Hoe soenen dy folken har goaden tsjinne hawwe? Lit my it ek sa dwaan. 31Doch soks de Heare dyn God net oan. Ommers al wat de Heare in grouwel fynt en dat Hy hatet, dogge hja foar har goaden. Ja, sels hawwe se har soannen en dochters foar har goaden ferbaarnd.