1Ek Saulus wie it der wakker mei iens, dat Stefanus fermoarde waard. Dyselde deis noch begûnen se de gemeente yn Jeruzalem danich te ferfolgjen; de gemeenteleden rekken allegearre fersille oer it plattelân fan Judéa en Samaria, op ’e apostels nei. 2Fromme mannen brochten Stefanus ûnder lûd roubeklach yn it grêf. 3Underwilens besocht Saulus, de gemeente út te roegjen; hy gong hûs yn, hûs út, sleepte manlju en froulju mei en liet se yn ’e gefangenis sette.
Samaria nimt it evangeelje oan
4Mar de lju dy’t fersille rekke wienen, brochten rûnom dêr’t se kamen, it evangeelje. 5Sa kaam Filippus yn ’e haadstêd fan Samaria en ferkundige de lju dêr de Messias. 6Doe’t de minsken Filippus hearden en de wûnders seagen dy’t er die, hongen se him allegearre oan ’e lippen. 7Want út hiel wat minsken dy’t ûnreine geasten hienen, gongen dy ûnder lûd roppen wei en der waarden ek gâns lammen en kreupelen better makke. 8Sa kaam der grutte blydskip yn dy stêd.
Simon de tsjoender; is Gods geskink te keap?
9No hâlde der al in set in man yn dy stêd ta, dy’t Simon hiet; dy pielde mei swarte keunst en makke it folk fan Samaria de holle oerstjoer. Hy sei fan himsels dat er wit wat bysûnders wie. 10Jong en âld, allegearre rûnen se fier mei him fuort; se seinen: dit is de man dy’t de grutte krêft fan God neamd wurde kin. 11Hy hie harren al in moai skoft de holle oerstjoer makke mei syn swarte keunst, dêr kaam it fan dat se sa fier mei him fuort rûnen. 12Mar doe’t Filippus harren it bliid boadskip brocht fan it ryk fan God en fan Jezus Kristus, leauden se him en lieten har dope, manlju en froulju, fan beiden. 13Ja, Simon naam sels it leauwen ek oan, en doe’t er ienkear doopt wie, wied er net by Filippus wei te slaan; hy stie ferbaasd fan de machtige tekens dy’t er te sjen krige.
14Doe’t de apostels yn Jeruzalem hearden dat Samaria it wurd fan God oannommen hie, stjoerden se Petrus en Johannes nei harren ta. 15Dy kamen en dienen in gebed foar harren, dat se de hillige Geast krije mochten; 16want dy wie noch op net ien fan harren delkommen, se wienen allinnich mar doopt yn ’e namme fan ’e Heare Jezus. 17Doe leinen se harren de hannen op ’e holle, en se krigen de hillige Geast. 18Doe’t Simon seach dat harren de hillige Geast jûn waard troch de hânoplizzing fan ’e apostels, kaam er by harren mei jild en sei: 19‘Jou my dy macht ek, dat elk dy’t ik de hannen oplis, de hillige Geast krijt.’ 20Petrus sei tsjin him: ‘Rin nei de hel, do mei dyn jild: want do mienst dat wat God jout, foar jild te keap is. 21Do hast part noch diel oan dizze saak: want do stietst net earlik foar God oer. 22Kom werom fan dyn ferkeardens en bid ta de Hear, dat Er dy ferjaan mei watsto yn ’t sin hiest; 23want ik sjoch dat de ûngerjochtichheid dy yn ’e macht hat en dat sil dy soer opbrekke.’ 24Simon antwurde: ‘Bidde jimme foar my ta de Hear, dat my neat oerkomme mei fan wat jimme sein hawwe.’ 25Doe’t Petrus en Johannes dan it wurd fan ’e Hear mei ynmoed ferkundige hienen, gongen se werom nei Jeruzalem en brochten ûnderweis it evangeelje yn gâns Samaritaanske doarpen.
Filippus en de Etiopiër
26In ingel fan ’e Hear sei tsjin Filippus: Kom oerein en reizgje nei it suden oer de wei dy’t fan Jeruzalem delrint nei Gaza; it is dêr iensum. 27En hy gong op reis. Mar no wie der in Etiopiër, in eunúch, in hofamtner fan Kandakè, de keninginne fan Etiopië, dy’t it behear oer al har skatten hie; dy hie nei Jeruzalem west om te bidden. 28No wied erop ’e weromreisen siet op syn reiswein út ’e profeet Jesaja te lêzen. 29Doe sei de Geast tsjin Filippus: Gean der hinne en bliuw deun by dy wein. 30Filippus rûn der hinne en hearde dat er út ’e profeet Jesaja lies; hy sei: Begripe jo wol wat jo lêze? 31Hy sei: Hoe soe ik dat no kinne, as net ien my paadwiis makket? En hy fersocht Filippus om yn te stappen en nêst him sitten te gean. 32It Bibelstik dêr’t er mei oan it lêzen wie, rûn sa:
As in skiep waard er nei de slachtbank brocht,
en lykas in laam him stilhâldt ûnder it knippen, sa die er de mûle net iepen.
33Hy waard fernedere en it rjocht is him ûnthâlden,
wa sil ferhelje wat syn neiteam is?
want syn libben wurdt fan ’e ierde weinommen.
34De eunúch naam it wurd en frege: Sis my ris, oer wa hat de profeet it hjir? Oer himsels of oer in oar? 35Filippus begûn te fertellen; útgeande fan dat Skriftwurd ferkundige er him Jezus. 36Wylst se dy wei fierder delgongen, kamen se by in wetter; de eunúch sei: Sjoch, dêr is wetter; wat is der op tsjin dat ik doopt wurd? [ 37] 38En hy liet de wein hâlde; tegearre gongen se it wetter yn, Filippus en de eunúch, en Filippus doopte him. 39Doe’t se wer út it wetter wei kamen, naam de Geast fan ’e Hear Filippus wei, dat de eunúch seach him hielendal net mear; likegoed reizge er woltemoed fierder. 40Mar Filippus – sa die bliken – wie yn Asdod en hy reizge alle stêden bylâns en brocht rûnom it bliid boadskip, oant er op ’t lêst yn Cesaréa kaam.