Hannelingen 6
Der wurde sân mannen oansteld
1Yn dy tiid dat de learlingen wat langer wat machtiger waarden, begûnen op in stuit de Gryksktalige gemeenteleden op de Arameesktaligen te protteljen, omdat har widdowen by de deistige útdieling fan iten foarbypart waarden. 2De tolve apostels rôpen alle learlingen byinoar en seinen: It heart sa net, dat wy de ferkundiging fan Gods wurd fersleaukje om foar it útdielen fan iten soargje te kinnen. 3Sjoch dan, bruorren, om sân mannen út jimme fermidden, dêr’t in goede rop fan giet, dy’t ferstannich binne en fol fan ’e Geast, dat wy dy dit wurk opdrage kinne; 4dan sille wy trochgean mei it gebed en it betsjinjen fan it Wurd. 5Dat útstel foel der wakker yn by de hiele gearkomste; dat se keazen Stefanus, in tige leauwich man, fol fan ’e hillige Geast, en Filippus, Prochorus, Nikanor, Timon, Parmenas en Nikolaos, in man út Antiochië, dy’t Joad wurden wie; 6dy brochten se foar de apostels, en dy dienen in gebed en leinen harren de hannen op.
7It Wurd fan God naam fuortgong, it tal learlingen yn Jeruzalem wûn tige oan; ek in grut tal prysters joech him oer oan it leauwen.
Stefanus wurdt oppakt
8Stefanus, fol fan genede en krêft, die grutte wûndertekens ûnder it folk. 9Doe begûnen guon út ’e saneamde synagoge fan ’e Libertinen, Cyreneeërs en Alexandrinen en fan de lju út Cilicië en Asia te hottefyljen mei Stefanus, 10mar se koenen it net hâlde tsjin de wysheid en de Geast dy’t yn him oan it wurd kamen. 11Doe stokelen se mannen op om te sizzen: Wy hawwe him lastertaal útslaan heard tsjin Mozes en tsjin God. 12En se hisen it folk en de âldsten en skriftgelearden op; se oerfoelen him, sleepten him mei en brochten him foar de Hege Rie; 13se lieten falske getugen foarkomme dy’t seinen: Dy man giet yn syn taspraken oan ien tried wei te kear tsjin dit hillich stee en tsjin de Wet; 14wy hawwe him sizzen heard, dat Jezus de Nazoreeër dit plak ôfbrekke sil en de gebrûken feroarje, dy’t wy fan Mozes krige hawwe. 15Alle leden fan ’e Hege Rie seagen him strak oan; syn gesicht feroare foar har eagen yn dat fan in ingel.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap