Petrus en Johannes wurde opbrocht en ferheard
1Se wienen noch tsjin de minsken oan it wurd, doe kamen harren de prysters, de timpelopsichter en de Sadduseeërs oer it mad, 2min te sprekken omdat se it folk ûnderrjochten en yn ’e persoan fan Jezus de ferrizenis út ’e dea ferkundigen. 3Dy brochten har op en setten har fêst oan ’e oare deis ta; want it wie al jûn. 4Dochs kamen der gâns lju dy’t de taspraak heard hienen ta it leauwen, en it tal fan har dy’t leauden wûn oan ta sa’n fiiftûzen man.
5De oare deis kamen har foarmannen, âldsten en skriftgelearden yn Jeruzalem gear, 6mei de hegepryster Hannas en Kajafas, Johannes en Alexander en alle oaren dy’t út ’e hegeprysterfamylje wienen. 7Se lieten harren foarkomme en fregen harren út: Wa hat minsken as jimme de macht jûn om soks te dwaan? 8Doe sei Petrus, fol mei de hillige Geast, tsjin harren: 9Foarmannen fan it folk en âldsten, no’t wy hjoed ûnderfrege wurde om wat goeds, dat wy in siik man oandien hawwe, dêr’t er better fan wurden is; 10no moatte jimme allegearre en it hiele folk fan Israel witte, dat troch de namme fan Jezus Kristus de Nazoreeër, dy’t jimme krusige hawwe en dy’t God út ’e dea opwekke hat – dat troch dy namme dizze man sûn foar jimme stiet. 11Dat is: de stien, dy’t jimme as boumasters derút smiten hawwe, dy is no de hoekstien wurden. 12En by gjinien oars is der behâld; want der is gjin oare namme op ’e hiele wrâld oan ’e minsken jûn dêr’t wy ús behâld by fine kinne.
13Doe’t se Petrus en Johannes sa frij-út praten hearden, wylst se dochs ek wol foar ’t ferstân hienen dat it mar ûnbelêzen en sljochtwei minsken wienen, stienen se fersteld; se koenen har der fan, dat se mei Jezus west hienen, 14en se seagen de man dy’t better wurden wie, by harren stean, dat sadwaande koenen se der neat tsjin ynbringe. 15Se stjoerden harren út ’e riedseal wei en leinen mei-inoar oer: 16Hoe moatte wy mei dy lju oan? Want it is dúdlik dat der in wûnderteken troch harren bard is; dat witte alle ynwenners fan Jeruzalem en wy kinne it net ûntstride. 17Mar om te kearen dat der noch mear praat fan komt ûnder it folk, soenen wy har mei drigeminten ferbiede kinne om, tsjin wa ek, wer yn dy namme te sprekken. 18Doe lieten se har der wer ynkomme en ferbeaën har, hoe dan ek te sprekken of te ûnderwizen yn ’e namme fan Jezus. 19Mar Petrus en Johannes joegen har dit beskie: Meitsje jimme sels mar út, oft it foar God oer te ferantwurdzjen is, om mear nei jimme te harkjen as nei God. 20Wy teminsten kinne ús net stilhâlde oer wat wy sjoen en heard hawwe. 21Mar se kamen wer mei drigeminten en doe lieten se harren los, om’t se net wisten hoe’t se har straffe soenen, om it folk, want alleman ferhearlike God om wat der foarfallen wie. 22Want de man dy’t troch dat wûnder better wurden wie, wie al oer de fjirtich jier.
De gemeente bidt
23Doe’t se frij wienen, gongen se nei har eigen minsken en fertelden, wat de hegeprysters en de âldsten allegearre tsjin harren sein hienen. 24Doe’t dy it hearden, rôpen se ienriedich God oan mei de wurden: O Hear, Jo, dy’t himel, ierde en see makke hawwe mei alles wat dêryn is, 25Jo hawwe ús foarfaar David, jo feint, troch de hillige Geast dizze wurden ynjûn:
Wêrom setten de folken it krop sa heech,
en hienen de naasjes ûnnutte dingen yn’t sin?
26De keningen fan it ierdryk binne opsetten kommen
en de foarsten hawwe har ferbûn
tsjin de Hear en tsjin syn Messias.
27Sa hawwe se har no wier yn dizze stêd ferbûn tsjin jo hillige Tsjinstfeint Jezus, dy’t Jo salve hawwe: Herodes, Pontius Pilatus mei de frjemde folken en mei de stammen fan Israel, 28om te folbringen wat jo machtige wil foarút beskikt hat dat barre soe. 29Dêrom Hear, tink om har drigeminten, en jou jo tsjinstfeinten de moed om frij-út jo boadskip te bringen. 30Stek jo hân út dat siken wer better wurde en dat der wûndertekens barre troch de namme fanjo hillige Tsjinstfeint Jezus.
31Doe’t se dien hienen mei bidden, begûn it plak dêr’t se gear wienen, te skodzjen; se waarden allegearre fol mei de hillige Geast, en ferkundigen Gods boadskip mei frijmoedichheid.
Mienskiplik besit
32De minsken, dy’t ta it leauwen kommen wienen, wienen allegearre ien fan hert en siel; der wie ek net ien fan har dy’t in ding fan sines foar himsels hâlde woe, nee, it wie allegearre harres mei-inoar. 33Mei grutte nocht joegen de apostels getugenis fan ’e ferrizenis fan de Heare Jezus, en se wienen allegear fol fan Gods genede. 34Der wie ek net ien fan harren dy’t it krap hie; want elk dy’t stikken lân of huzen yn eigendom hie, ferkocht dy en kaam mei de opbringst fan ’e ferkeap 35om dy foar de apostels del te lizzen; en elk krige taparte al nei’t er ferlet hie. 36Joazef, dy’t de apostels de bynamme jûn hienen Barnabas (dat betsjut de man dy’t moed ynsprekt), in Levyt dy’t fan Cyprus kaam 37hie ek in stik lân; dat ferkocht er, kaam mei it jild en lei it foar de apostels del.