Cornelius kriget in fizioen
1No wie der in man yn Cesaréa dy’t Cornelius hiet; hy wie kaptein by it bataljon dat it Italiaanske neamd wurdt. 2It wie in from man, dy’t God fereare mei syn hiele húshâlding; hy dielde gâns jild út ûnder it folk, en hy bidde oanienwei ta God. 3Op in middei om in oere as trije krige dy man in fizioen; hy seach dúdlik in ingel by him yn ’e hûs kommen, dy’t tsjin him sei: Cornelius! 4Cornelius stoarre him oan en sei bang: Wat is deroan, hear? Doe sei de ingel: Dyn gebeden en dyn jeften binne omheechgien nei God en Hy hat om dy tocht. 5No dan, stjoer mannen nei Joppe om in Simon te heljen, dy’t ek wol Petrus neamd wurdt. 6Dy útfanhûzet by in Simon, dy’t leartouwer is en syn hûs oan see hat. 7Doe’t de ingel dy’t tsjin him spriek, fuortgien wie, rôp er twa fan syn slaven en ien fan ’e soldaten dy’t altiten by him wienen, in godstsjinstich man. 8Hy lei harren alles út en stjoerde har nei Joppe.
Petrus hat ek in fizioen
9De oare deis, wylst dy mannen ûnderweis wienen en al moai ticht by de stêd kamen, gong Petrus om middei hinne nei boppen op it platdak om te bidden. 10Hy krige honger en woe graach wat ite; mar wylst der wat tamakke waard, rekke Petrus bûten himsels. 11Hy seach de himel iepenstean en der kaam in ding nei ûnderen, dat wol wat weihie fan in grut lekken; dat lieten se oan ’e fjouwer tippen op ’e grûn sakje 12en dêr sieten alderhanne fjouwerfuottige en krûpende dieren fan ’e ierde en alderhanne fûgels út ’e loft yn. 13Doe klonk der in stim dy’t tsjin him sei: Kom Petrus; slachtsje en yt mar. 14Mar Petrus sei: Ut-noch-yn net, Hear, want ik haw noch noait wat iten dat ûnhillich of ûnrein wie. 15Doe hearde er foar de twadde kear de stim: Wat God rein ferklearre hat, meisto net ûnhillich neame. 16Dat barde trije kear achter inoar en fuort dêrnei waard it lekken wer ophelle nei de himel ta. 17Petrus wie der glêd mei oan, wat dat fizioen dat er sjoen hie, wol betsjutte mocht, en fuort dêrnei stienen de mannen dy’t Cornelius derop útstjoerd hie al by de foardoar. Se hienen it paad frege nei it hûs fan Simon 18en besochten no lûd roppend gewaar te wurden, oft Simon Petrus dêr ek útfanhûze. 19Wylst Petrus noch oer it fizioen neiprakkesearre, sei de Geast tsjin him: Sjoch, dêr binne twa manlju om dij. 20Toe, gean gau nei ûnderen, en reizgje sûnder berie mei harren, want Ik haw se hjirhinne stjoerd. 21Petrus gong nei ûnderen en sei tsjin de manlju: Sjoch, ik bin de man dêr’t jimme om komme, wat is jimme boadskip? 22Doe seinen se: Kaptein Cornelius, in rjochtfeardich man dy’t God ferearet en by it hiele Joadske folk op in goede namme leit, hat fan in hillige ingel de opdracht krige om jo by him thús komme te litten en fan jo te hearren wat jo te sizzen hawwe. 23En hy noege de mannen yn ’e hûs en liet se dêr oernachtsje.
Petrus by Cornelius yn ’e hûs
De oare deis gong er mei harren op reis, en der gongen ek in stik of wat Kristenen út Joppe mei him. 24Wer in dei letter kaam er yn Cesaréa oan; Cornelius ferwachte harren al en hie syn hiele famylje en syn neiste freonen byinoar roppen. 25Doe’t Petrus yn ’e hûs gean woe, kaam Cornelius him al yn ’e mjitte, en foel yn earbied foar him op ’e knibbels. 26Mar Petrus helle him oerein mei de wurden: Gean stean, ik bin sels ek mar in minske. 27Wylst er mei him prate, gong er yn ’e hûs; dêr trof er gâns in selskip byinoar, 28en hy sei tsjin harren: Jimme witte wol dat in Joad neffens de wet net mei in net-Joad omgean of by him oan hûs komme mei; mar God hat my dúdlik makke, dat ik gjin inkeld minske ûnhillich of ûnrein neame mei. 29Sadwaande bin ik ek sûnder tsjinpraten kommen, doe’t jimme my dat fregen. No freegje ik dan: Om wat reden hawwe jimme my komme litten?
30Doe sei Cornelius: Fjouwer dagen lyn om dizze tiid, de middeis om trije oere, wie ik thús oan it bidden, en doe stie der ynienen in man foar my yn blinkend wite klean; 31dy sei: Cornelius, God hat dyn gebed ferheard en dyn jeften oan ’e earmen achtslein. 32Stjoer dan boadskip nei Joppe en lit Simon komme, dy’t ek wol Petrus neamd wurdt; dy útfanhûzet by Simon de leartouwer dy’t oan see wennet. 33Doe haw ik jo daliks boadskip stjoerd en jo hawwe sa freonlik west hjir te kommen. No binne wy hjir dan allegearre foar Gods each byinoar, om alles oan te hearren wat de Hear jo opdroegen hat.
34Petrus naam it wurd en sei: No begryp ik pas goed, dat God gjin ûnderskie makket, 35mar dat Er gefallichheid hat yn elk dy’t ûntsach foar Him hat en docht wat rjocht is, ta hokker folk er ek heart; 36neffens it wurd dat Er de Israeliten takomme liet, doe’t Er harren frede oansei troch Jezus Kristus; dy is Hear oer alle minsken. 37Jimme witte wat him ôfspile hat mei Jezus fan Nazaret, earst yn Galiléa, nei de doop dy’t Johannes ferkundige hat, en doe yn it hiele Joadske lân: 38God hat Him salve mei de hillige Geast en mei macht; Hy is it lân trochgien as ien dy’t goeddie, en alle minsken dy’t de duvel yn ’e macht hie, makke Er better, want God stie Him by. 39Wy binne getugen fan alles wat Er dien hat, op it Joadske plattelân en ek yn Jeruzalem; se hawwe Him ek noch fermoarde troch Him oan ’e krúsbalke op te hingjen. 40Him hat God de tredde deis út ’e dea opwekke, en Him ferskine litten, 41net oan it hiele folk, mar oan getugen dy’t God fan te foaren útkard hie: oan ús, dy’t nei syn ferrizenis út ’e dea mei Him iten en dronken hawwe. 42Hy hat ús opdroegen om as getugen oan it folk te ferkundigjen, dat Hy de man is, dy’t God as rjochter oer libbenen en deaden oanwiisd hat. 43Fan Him getuge alle profeten, dat elk dy’t yn Him leaut, troch Him ferjouwing fan sûnden krijt.
44Wylst Petrus dêrmei oan it fertellen wie, foel de hillige Geast op allegearre dy’t nei syn taspraak harken. 45De kristenjoaden dy’t mei Petrus kommen wienen, stienen der allegearre fersteld fan, dat de hillige Geast ek oan net-Joaden jûn en op harren útstoart wie. 46Want se hearden dat se frjemde talen sprieken en God ferhearliken. Petrus sei: 47Kin men de doop wegerje oan dy minsken dy’t de hillige Geast krige hawwe, krektlyk as wy? 48En hy joech opdracht om harren te dopen yn ’e namme fan Jezus Kristus. Doe bleau er dêr op har oanstean noch in deimannich.