De marteldea fan de sân bruorren
1Der waarden ek sân bruorren oppakt, tagelyk mei har mem. De kening woe harren twinge it ferbeane bargefleis te priuwen. Hy tamtearre har mei swipen en stringen. 2Ien die it wurd foar allegearre en sei: Wat wolle jo mei jo fragen fan ús te witten komme? Wy binne ree om te stjerren, leaver as ús net te hâlden oan ’e wetten fan ús foarâlden. 3De kening waard razend en joech oarder om pannen en tsjettels te fjoer te setten. 4Sa gau’t dy gleonhjit wienen, liet er de wurdfierder de tonge útsnije. Doe liet er him skalpearje, lykas se dat by de Skiten dogge, en him hannen en fuotten ôfkapje. De bruorren en de mem moasten it oansjen. 5Doe’t er sa hielendal machteleas wie, mar noch al sykhelle, joech de kening oarder him yn in fjoerpanne te smiten en te brieden. En doe’t de swiere damp fan ’e panne oeral hinne walme, moedigen de oare soannen en har mem inoar noch oan om mei eare te stjerren. Se seinen: 6God de Hear sjocht it. Hy sil Him sûnder mis oer ús ûntfermje, sa’t Mozes sein hat yn it liet wêrmei’t er rjocht tsjin it folk yn giet: En Hy sil Him oer syn tsjinners ûntfermje.
7Doe’t de earste sa syn ein fûn hie, brochten se de twadde nei it folterplak. Se skuorden him it fel mei it hier fan ’e holle en fregen: Soest net leaver ite as dat dyn lichem lid foar lid martele wurdt? 8Hy antwurde yn syn memmetaal: Nee. Doe ûndergong er achterinoar deselde martelingen as de earste. 9By de lêste sike sei er: Flokbringer datsto biste, do hellest ús wol út it libben fan no wei, mar de Kening fan ’e hiele wrâld sil ús, dy’t foar syn wetten de dea yngeane, ferrize litte foar in ivich libben.
10Nei him waard de tredde martele. Hy die, doe’t se it seinen, daliks de tonge út ’e mûle, stiek ûnferfeard de hannen nei foaren 11en sei frijmoedich: Fan ’e himel haw ik dizze lea krige. No jou ik se priis om Gods wetten trou te bliuwen. Ik fertrou derop, dat ik se fan Him weromkrij. 12Sels de kening en syn gefolch stienen fersteld oer de moed fan de jongfeint; al de pine telde by him foar neat.
13Doe’t dy ek dea wie, martelen se de fjirde krektsa. 14Flak foar’t er de lêste sike joech, sei er: It is in goed ding om it libben te ferliezen troch minskehannen yn ’e ferwachting dat God jin wer ferrize lit, mar foar jo sil der gjin ferrizenis ta it libben wêze.
15Fuort dêrop brochten se de fyfte en martelen dy. 16Hy seach de kening oan en sei: Jo hawwe macht oer minsken, al binne josels ek mar in minske. Jo dogge, wat jo wolle. Mar jo moatte net miene, dat God ús folk yn ’e steek litten hat. 17Wachtsje mar en sjoch mar goed, hoe’t syn geweldige macht jo en jo neiteam folterje sil.
18Nei him brochten se de sechste en mei syn lêste sike sei dy: Meitsje josels mar neat wiis. It is ús eigen skuld, dat wy sa lije moatte; wy hawwe sûndige tsjin ús eigen God. Dêrom komme dizze ûntsettende dingen ús oer. 19Mar jo, tink mar net dat jo der samar foarweikomme. Jo hawwe de striid tsjin God opnommen.
20De grutste bewûndering fertsjinne de mem. Har neitins heart yn eare te bliuwen. Yn ien dei tiid seach se it oan, dat har sân soannen ombrocht waarden. Se droech it moedich, omdat se har hoop op de Hear steld hie. 21Se spriek harren moed yn, de iene nei de oare, yn har eigen taal. Fêst oertsjûge fan wat goed is, brocht se har betinken as frou mei manlike moed nei foaren. Se sei: 22Ik wit net, hoe’t jimme yn myn skurte kommen binne. De azem en it libben haw ik jimme net jûn en ik haw it net west, dy’t jim omskot sa kreas yninoar sette. 23It is de Skepper fan ’e wrâld dy’t de minske by syn berte foarm jout, sa’t Er it begjin fan alles úttinkt. Yn syn genede sil Dy jim ek de azem en it libben weromjaan, no’t jimme jimsels net telle út leafde foar syn wetten. 24Antíochus miende, dat se him leechlei en dat der spot yn har wurden stiek. Dêrom besocht er de jongste, dy’t noch oer wie, net allinne mei moaie wurden om te praten, mar hy die der in eed op, dat er him ryk en gelokkich meitsje soe, as er fan ’e tradysjes fan syn foarâlden ôfstappe woe. As in freon soe er him oannimme en him hege funksjes tabetrouwe. 25De jonge sloech dy wurden hielendal gjin acht. Doe rôp de kening de mem derby en stie der by har op oan, dat se de jonge riede soe syn libben te rêden. 26Om’t de kening der tige op oanstie, naam se it op har, har soan te bepraten. 27Mar se ferrifele de wrede tiran. Se bûgde har oer har jonge hinne en sei yn har eigen taal: Bêste jonge, haw meilijen mei my. Ik haw dy njoggen moanne yn it liif droegen, trije jier lang it boarst jûn, ik haw dy grutbrocht oan hjoed-de-dei ta en dy altiten te iten jûn. 28No bid ik dy, jonge, sjoch nei de himel en de ierde, sjoch nei alles wat deryn, derop en dêroan is en begryp goed, dat God dat allegearre net makke hat fan dingen dy’t der al wienen. Ek foar it minskdom jildt dat. 29Wês mar net bang fan dy beul. Nim de dea foar kar. Lit sjen, datst net foar dyn bruorren ûnderdochst. Dan sil ik dy op ’e dei fan ’e barmhertichheid tagelyk mei dyn bruorren weromkrije.
30Se hie it lêste wurd noch mar kwalik útsprutsen of de jonge sei: Wêr wachtsje jimme op? Ik jou net om ’e kening syn befel, mar ik hear nei de wet dy’t Mozes ús foarâlden jûn hat. 31En do, útfiner fan alle kwea tsjin de Hebreeërs, do silst net oan Gods hân ûntkomme. 32Wy moatte no ús eigen sûnden belije. 33Al is de libbene Hear om ús te slaan en te straffen in skoftsje lilk, Hy sil wer goed wurde mei syn tsjinners. 34Mar do, smoarchste skurk fan allegearre, set it boarst mar net sa heech, dyn ferwachtings rinne op ’e non, want do slachst de hannen oan Gods folk. 35Do bist it oardiel fan de almachtige en alsjende God noch net ûntrûn. 36Neffens it ferbûn mei God binne myn bruorren nei in koart set fan lijen no opnommen yn ’e stream fan it ivige libben, mar do silst troch God oardiele wurde en de straf krije dysto foar dyn oermoed fertsjinnest. 37Lykas myn bruorren bin ik ree myn lichem en myn libben te jaan foar de wetten fan ús foarâlden. Ik bid God, dat Er ús folk wer gau goedgeunstich wêze mei en datsto der troch pinen en folteringen ta brocht wurdst ta te jaan, dat Hy allinne God is. 38Ik bid, dat de grime fan de Almachtige, dy’t mei rjocht oer ús hiele folk kommen is, by my en myn bruorren ophâlde mei.
39De kening wie bûten himsels. Hy koe dy hûn net langer ferneare en martele dizze jonge noch slimmer as de oaren. 40De jonge joech himsels hielendal oan de Hear oer en stoar yn folle suverens. 41As lêste, nei har soannen, joech de mem har libben.
42Hjirmei is wol genôch sein oer de offermielen en de ûntsettende martelingen.