De kollekte foar Jeruzalem
1Wy wolle jimme fernije, bruorren, hokker genede God oan ’e gemeenten fan Masedoanië jûn hat. 2Tige hifke troch benearing, sieten se djip yn ’e earmoed, mar wienen dochs oermjitte bliid en har djippe earmoed hat him utere yn har rike myldens. 3Want nei fermogen – dêr stean ik foar yn – ja, boppe fermogen hawwe se jûn, en út harsels. 4Hja stienen der by ús tige op oan, dat har tastien wurde soe om mei te dwaan oan ’e tsjinst foar de hilligen. 5En it gong better as wy hoopje doarsten: se joegen harsels earst oan de Hear en doe oan ús, troch de wil fan God. 6En sa hawwe wy der by Titus op oanstien om dit leafdewurk, dêr’t er earder al mei begûn wie, ek te jimmes dien te meitsjen.
7Lykas jimme no yn alles ryk binne, yn leauwen, yn sprekken, yn kennisse, yn iver nei alle kanten en yn jimme leafde foar ús, soargje der sa foar, dat jimme ek yn dit leafdewurk ryk binne. 8Ik bedoel dat net as in befel, mar ik wol oan ’e iver fan oaren ek de echtens fan jimme leafde hifkje. 9Want jimme witte hoe’n genede ús Hear Jezus Kristus jimme bewiisd hat, dat Er om jimme earm wurden is, wylst Er ryk wie, om jimme troch syn earmoed ryk te meitsjen.
10Ik jou yn dit stik myn persoanlike miening, dy’t jimme te pas komme kin. Jimme binne ferline jier net allinne begûn mei it hâlden fan in kollekte, mar hawwe sûnt noch altyd goede foarnimmens. 11Meitsje dan no ek dien wurk, dat de opbringst strykt mei jimme reewilligens, neffens wat jimme barre mei. 12Want as de reewilligens der is, is se wolkom neffens wat jin barre mei, der wurdt net frege wat jin net barre mei. 13It is net de bedoeling, dat jimme in swiere sile lûke, om it oaren licht te meitsjen, mar om it yn it lyk te krijen. 14Op dit stuit komt jimme oerfloed har krapte tegoede. In oare kear kin dan har oerfloed jimme krapte wer te’n goede komme. 15Sa komt it yn it lyk, nei’t beskreaun stiet: Dy’t folle gearsocht hie, hie net oer, en dy’t in bytsje gearsocht hie, hie net te min.
Titus en syn maten
16Ik tankje God, dat Er Titus deselde iver foar jim ynjûn hat. 17Hy hat ús fersyk oannommen en syn iver wie sa grut, dat er út himsels ôfreizge is nei jimme ta. 18Mei him stjoere wy de broer – jim witte wol – dy’t om syn wurk foar it bliid boadskip by alle gemeenten prize wurdt. 19Boppedat is er troch de gemeenten oanwiisd as ús reisgenoat by dit leafdewurk, dat wy op ús nommen hawwe om God te earjen en om ús reewilligens sjen te litten. 20Wy hoopje sa foar te kommen, dat immen ús fertocht makket, no’t ús sa’n grutte opbringst troch de hannen giet. 21Want wy binne derop betocht wat foech jout, net allinne foar de Hear, mar ek foar de minsken. 22Wy stjoere mei harren noch in oare broer fan ús, waans iver ús yn allerhanne omstannichheden en wit-hoefaak bliken dien hat en dy’t no noch helte iveriger is, om’t er sa fêst op jimme betrout.
23Wat Titus oangiet: hy is myn maat, dy’t yn it wurd foar jimme myn meiwurker is. Wat dy oare bruorren oanbelanget: dy wurde troch de gemeenten stjoerd; se binne in ôfglâns fan Kristus.
24Leverje har dus, foar it each fan ’e gemeenten, dúdlik it bewiis fan jimme leafde en dat wy mei rjocht fan jim sprekke kinne.