2 Kroniken 8
Fierdere bouwurken fan Salomo
1Salomo hie tweintich jier wurk om it hûs fan de Heare en syn eigen hûs te bouwen. 2Yn dy tiid boude er de stêden dy’t Chûram him jûn hie, ek wer op en liet der Israeliten yn wenje. 3Dêrnei teach Salomo út nei Hamat-Soba en naam it mei geweld. 4Hy boude Tadmor-yn-’e-woestyn en alle opslachstêden dy’t er yn Hamat boud hie, wer op. 5Fierders boude er Heech Bet-Choaron en Leech Bet-Choaron wer op en makke der festingstêden fan mei muorren en poarten mei skoattels; 6Salomo boude ek Baälat en al syn opslachstêden en alle weinstêden en ruterstêden; ja, alles wat Salomo bouwe woe te Jeruzalem, op ’e Libanon en yn syn hiele ryksgebiet. 7Al it folk dat oerbleaun wie fan ’e Hetiten, de Amoriten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten, folken dy’t net by it folk Israel hearden, 8dy har bern, dy’t nei har yn it lân oerbleaun wienen en dy’t de Israeliten net útroege hienen, dy liet Salomo opkomme om hearetsjinst te dwaan, en dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta. 9Mar fan ’e Israeliten naam Salomo gjin slaven foar syn wurk, want dy wienen soldaten, offisieren fan syn kartroepen en oanfierders fan syn striidweinen en fan syn ruters. 10Dêr helle kening Salomo ek de heechste foarmannen út, dy’t er hie, twahûndertenfyftich man; dy hienen it oer it folk te sizzen.
11Salomo brocht Farao’s dochter út ’e Davidsstêd nei it hûs dat er foar har bouwe litten hie, want – sei er – gjin frou mei langer wenje yn it hûs fan David, de kening fan Israel, om’t de plakken dêr’t de arke fan de Heare west hat, hillich binne.
Salomo syn noed foar de timpel
12Doedestiids brocht Salomo de Heare brânoffers op it alter fan de Heare, dat er foar it foarhûs bouwe litten hie. 13Dêr moasten se neffens it gebod fan Mozes brânoffers op bringe sa’t de dei it sei: op sabbat, mei nije moanne en op ’e hjeldagen, dêr’t alle jierren trije fan binne: te witten it feest fan it ûnsuorre brea, it feest fan ’e wiken en it feest fan ’e hutten. 14Hy stelde it reglemint fan syn heit David yn wurking troch de wurkferbannen fan ’e prysters har tsjinst oan te wizen, en de leviten har amtsplichten. Hja moasten njonken de prysters tsjinst dwaan en lofsjonge, al nei’t de dei frege. Ek de poartewachters ferdielde er yn wurkferbannen oer alle poarten, want sa hie David, de godsman, it hjitten. 15Yn gjin inkeld ding, sels net op it stik fan ’e skatkeamers, gongen se bûten it bestel fan ’e kening. 16Sa kaam it hiele wurk fan Salomo ta stân fan ’e dei ôf dat de fûneminten fan it hûs fan de Heare lein waarden oan it dienmeitsjen ta. No wie it hûs fan de Heare hielendal klear.
Salomo syn skipfeart
17Doe gong Salomo nei Esjon-Gêber by Elot oan ’e seekant yn it lân Edom. 18Chûram stjoerde him skippen ûnder kommando fan syn eigen offisieren en mei betûfte farrenslju. Dy gongen mei Salomo syn tsjinstfolk nei Ofir en hellen dêr 450 talinten goud wei, dat se by kening Salomo brochten.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap