1Hy meunstere 70.000 man as oandragers oan en 80.000 man om stiennen út ’e bergen te houwen en 3600 man as opsichters dêroer.
2Hy stjoerde kening Chûram fan Tyrus dit boadskip: Jo hawwe yndertiid ús heit David sederbeammen levere om himsels in hûs te setten dêr’t er yn wenje koe. Soenen Jo no itselde foar my dwaan wolle? 3Jo moatte witte, ik bin fan doel in hûs te setten foar de namme fan myn God, de Heare, en it Him ta te wijen, om dêr foar syn antlit swietrokige krûden te brânen, om dêr aloan toanbrea te bringen en om moarns en jûns, op sabbat en by nije moanne en op ’e hjeldagen de Heare ús God, brânoffers te bringen, sa’t it Israel foar altyd oplein is. 4It hûs dat ik bouwe wol, moat grut wêze, want ús God is grutter as alle goaden. 5Alhoewol, wa soe by steat wêze en set in hûs foar Him? De himel, sels de allerheechste himel, is te beheind foar Him. En wa bin ik, dat ik foar Him in hûs sette soe, as it net wie om foar syn antlit rûkoffers brâne te litten?
6Kinne jo my ek in keunstner beskikke om goud, sulver,brûns, izer en stoffen fan karmozyn, read en pears poarper te bewurkjen en dy’t ûnderlein is yn it gravearjen? Dy moat dan oparbeidzje mei de keunstners dy’t ik hjir yn Juda en Jeruzalem ta myn foldwaan haw; dêr hat ús heit David al foar soarge. 7Wolle jo my ek seder-, sypresse- en sandelhout fan ’e Libanon beskikke, want ik wit skoan, dat jo feinten op ’e Libanon tige beamkapje kinne. Myn feinten sille dan mei jowes oparbeidzje 8om in grutte partij hout foar my ree te meitsjen, want it hûs dat ik bouwe wol, moat in grut wûnder wurde. 9Foar de houtkappers dy’t de beammen omhouwe, sil ik jo jaan: 20.000 kor weet en 20.000 kor koarn, 20.000 bat wyn en 20.000 bat oalje. Dat is dan foar it ûnderhâld fan jo feinten.
10Doe stjoerde kening Chûram fan Tyrus Salomo in brief mei dit antwurd: Omdat de Heare syn folk leafhat, hat Er jo dêr as kening oer steld. 11Fierder skreau er: Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel, dy’t himel en ierde makke hat, dat Er kening David in wize soan jûn hat, ien mei ynsjoch en ferstân, dy’t no in timpel sette sil foar de Heare en foar himsels in keninklik paleis. 12Hjirmei stjoer ik jo dan in betûft man, ien mei ferstân fan saken, te witten Chûram-Aby, 13de soan fan in Danityske, mar syn heit komt út Tyrus. Hy is ûnderlein yn it bewurkjen fan goud, sulver, brûns, izer, stiennen en hout, read en pears poarper, fyn linnen en karmozyn en yn allerhanne gravearwurk. Wat him ek foarlein wurdt, hy wit der altyd út te kommen. Dy man sil dan oparbeidzje mei jo eigen faklju en dy fan jimme heit, myn hear David. 14Dat myn hear kin no de weet en it koarn, de oalje en de wyn dêr’t er it oer hie, mar stjoere. 15Wy fan ús kant sille dan beammen fan ’e Libanon kapje, sa folle as jo brûke moatte. Wy sille se jo oer see nei Jafo flotsje, dan kinne jo se dêrwei ophelje litte nei Jeruzalem ta.
It wurk oan ’e timpel
16Doe telde Salomo alle bûtenlanske manlju dy’t yn it lân Israel taholden. Syn heit David hie dat yndertiid ek al dien. It die bliken dat der 153.600 man wienen. 1770.000 fan harren sette er te wurk as oandragers, 80.000 as stienhouwers en 3600 as opsichters om it folk arbeidzje te litten.