2 Kroniken 19
Profetyske warskôging
1Doe’t Josjafat, de kening fan Juda, behâlden weromgong nei syn hûs yn Jeruzalem, 2kaam sjenner Jehû, de soan fan Chanany, him yn ’e mjitte en sei tsjin him: Wat dienen jo ek, ien dy’t ferkeard is, te helpen? Soenen jo it oanlizze mei guon dy’t de Heare haatsje? Dêrom komt no de grutte grime fan de Heare oer jo. 3Dochs is it net allegear like min by jo, want jo ha de wijpeallen út it lân roege en jo hawwe jo hert derop set om God te tsjinjen.
Josjafat beöarderet de rjochtspraak
4Nei’t Josjafat in skoft te Jeruzalem tahâlden hie, reizge er op ’e nij it folk bylâns fan Beër-Sjêba ôf oan it berchlân fan Efraïm ta en hy brocht harren wer nei de Heare ta, de God fan har foarfaars. 5Hy stelde foar en nei rjochters oer it lân oan yn alle festingstêden fan Juda. 6Hy sei tsjin dy rjochters: Tink derom wat jimme dogge; want as jimme rjochtsprekke, giet it net om ’e minsken, mar om de Heare en jimme fonnis is syn saak. 7Lit jim dus liede troch ûntsach foar de Heare. Pas op wat jim dogge, want by ús God, de Heare, bestiet gjin ferdraaierij of omkeaperij.
8Boppedat stelde Josjafat yn Jeruzalem leviten, prysters en haden fan Israels stamhuzen oan om oer de rjochtspraak fan de Heare en oer de pleitsaken fan Jeruzalems bewenners te gean; hja hienen har sit te Jeruzalem. 9Hy lei harren dit op: Sa moatte jimme dwaan yn earbied foar de Heare, yn goede trou en fan herten: 10watfoar saak jimme meirjochters út ’e stêden dêr’t se har sit hawwe, jimme ek foarlizze – oft it no om bloedskuld giet, om kwestjes fan wet of gebod, om ynsettings of rjochtsútspraken – skerpje harren goed yn, dat se har gjin skuld by de Heare op ’e hals helje en der sadwaande grutte grime oer jim en jim meirjochters komt. Doch sa en jimme sille net skuldich wurde. 11Amarja, de hegepryster, sjocht op jim ta yn alle saken fan godstsjinst en Sebadja, de soan fan Jisjmael, de foarman fan it folk fan Juda, yn alle saken fan regear; as amtslju steane de leviten ta jimme foldwaan. Gean moedich oan ’e slach en de Heare sil him bystean, dy’t syn wurk goed docht.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap