2 Kroniken 15
De profesije fan Azarja
1Doe kaam Gods Geast oer Azarja, de soan fan Oded. 2Hy gong Asa yn ’e mjitte en sei tsjin him: Harkje nei my, Asa en hiele Juda en Benjamin: De Heare hâldt it mei jimme, as jimme it mei Him hâlde. En as jimme Him sykje, is Hy foar jim te finen, mar as jimme jim fan Him ôfkeare, keart Hy him ek fan jim ôf. 3Gâns in tiid hat Israel dêrhinne libbe sûnder de God-fan-trou en sûnder pryster dy’t ûnderrjocht joech yn ’e wet. 4Mar doe’t se har yn ’e benearing wer nei de Heare, de God fan Israel ta kearden, en Him sochten, wied Er foar har te finen. 5Yn dy tiden koe men net feilich reizgje, want alle bewenners fan dy lannen wienen yn ûnstjoer rekke; 6en se waarden slaande deilis mei-inoar, folk mei folk en stêd mei stêd, want God brocht har yn ûnstjoer troch allerhanne benearing. 7Wês jimme dan sterk en lit de hannen net slop hingje, want wat jim dogge sil beleanne wurde.
8Net sa gau hie Asa dy profetyske wurden fan profeet Azarja, de soan fan Oded, heard, of hy krige moed en makke in ein oan de ôfgryslike ôfgodstsjinst yn it hiele lân fan Juda en Benjamin en yn ’e stêden dy’t er ynnommen hie op it berchlân fan Efraïm; en it alter dat foar de foarseal fan de Heare syn timpel stie, brocht er wer yn ’e âlde steat. 9Doe rôp er hiele Juda en Benjamin byinoar en ek dy’t dêr tahâlden út Efraïm, Manasse en Simeön – want wit-hoe-machtich hienen se har út Israel by him oansletten, doe’t se murken dat syn God, de Heare, oan syn kant stie. 10Se kamen gear te Jeruzalem yn ’e tredde moanne fan it fyftjinde jier fan Asa syn regear, 11en se offeren dy deis fan ’e bút dy’t se meibrocht hienen: oan grutfee 700 bisten en oan lytsfee 7000. 12Se gongen in ferbûn mei de Heare oan, dat se Him, de God fan har foarfaars, mei hert en siel tsjinje soenen; 13en al wa’t de Heare, de God fan Israel, net tsjinje woe, dy soe deade wurde, lyts sa goed as grut, man sa goed as frou. 14Dat swarden se de Heare lûd en klear en ûnder gejubel by de klank fan trompetten en rammehoarnen. 15Hiele Juda wie bliid om dy eed; want fan herten hienen se dy sward en mei alle ynmoed hienen se Him socht en Hy wie foar har te finen. De Heare joech harren rûnom rêst. 16Sels syn mem Maäka waard troch kening Asa út har weardichheid fan hearskeresse set, om’t se in skandlik byld foar Asjeara makke hie. Dat skandlike byld fan har houde Asa om, sloech it fyn en ferbrânde it yn ’e delling fan ’e Kidron. 17Al waarden de offerhichten yn Israel net opromme, dochs wie Asa al syn libbensdagen de Heare folslein tawijd. 18Hy brocht de wijjeften fan syn heit en dy fan himsels nei de timpel: sulver, goud en allerhanne oar guod.
Asa syn striid mei Israel
19Oarloch hat der net west oant it fiifentritichste jier fan Asa syn regear.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap