1 Samuël 27
David by de Filistinen
1David tocht by himsels: Dochs kom ik de ien of oare dei nochris om troch tadwaan fan Saul. Dat ik die mar better en wyk út nei it Filistynske lân. Dan sil Saul it wol oerjaan my noch langer te sykjen yn it hiele gebiet fan Israel en dan hat er gjin fet mear op my. 2Doe makke David him klear en hy rûn mei seishûndert man dy’t by him wienen, oer nei Akisj, de soan fan Maök, de kening fan Gat. 3Sa sette David him nei wenjen by Akisj yn Gat, hy en syn manlju, elk mei syn húshâlding: David mei syn beide froulju Achinoäm, de Jizreëlityske en Abigaïl, de frou fan Nabal, de Karmelityske. 4Doe’t Saul ferteld waard, dat David nei Gat útnaaid wie, socht er net langer om him.
5David sei tsjin Akisj: As jo it goed mei my miene, litte se my dan plak jaan yn ien fan ’e plattelânsstêden, dat ik dêr wenje kin. Wêrom soe jo tsjinstfeint by jo yn ’e residinsje wenje? 6Doe joech Akisj him dyselde deis Siklach. Dêrom is Siklach oant hjoed-de-dei ta besit fan ’e keningen fan Juda. 7David hat in jier en fjouwer moanne op it Filistynske plattelân wenne.
Davids strooptochten
8David gong derop út mei syn mannen en hja gongen op strooptocht tsjin ’e Gesjûriten, de Girziten en de Amelekiten. Dy bewenje ommers fan âlds it lân de kant út nei Sjûr, oan Egypte ta. 9As David dan op dat lân ynsloech, liet er man noch frou yn libben. Skiep, kij, ezels, kamielen en klean lykwols makke er bút. Dan kaam er werom by Akisj. 10As Akisj dan sei: Wêr hawwe jim hjoed in ynfal dien?, dan sei David: Yn ’e steppe fan Juda, of: yn ’e steppe fan ’e Jerachmeëliten, of: yn ’e steppe fan ’e Keniten. 11Mar David liet man noch frou libben yn Gat komme. Want, tocht er, hja soenen ris oer ús op ’e tekst komme kinne en sizze: Sa is David te wurk gien. Dat wie David wend te dwaan, salang’t er op it Filistynske plattelân wenne. 12En sadwaande fertroude Akisj David. Hy tocht: Hy hat him by syn eigen folk Israel folslein ûnmooglik makke, dat no is er foar altyd myn tsjinstfeint.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap