Ferbûn tusken David en Jonatan
1Neidat David wer útnaaid wie út Najot by Rama wei, kaam er by Jonatan oan en sei tsjin him: Wat haw ik dochs útheefd? Wat haw ik misdien en wêr bin ik yn tekoart sketten foar jim heit, dat er my op it libben giet? 2Mar hy sei tsjin him: Hoe dan ek, do silst net stjerre! Sjoch, ús heit docht gjin ding, wichtich of net, of hy hat it der mei my oer. Wêrom soe heit dit dan foar my stil hâlde? Gjin sprake fan! 3Mar David befêstige it nochris mei in eed. Hy sei: Jim heit wit tige goed datst my graach lije meist. Dat hy hat tocht: Hjir moat Jonatan neat fan witte. Hy soe it him ris te bot oanlûke kinne. Mar dochs, sa wier as de Heare libbet en asto libbest – der is mar ien trêd tusken my en de dea.
4Jonatan sei tsjin David: Wat soest wolle dat ik foar dy doch? 5Doe sei David tsjin Jonatan: Sjochris: moarn is it nije moanne. Dan moat ik yn alle gefallen mei de kening oanskikke om te iten. Jou my no ferlof, dan sil ik my yn it fjild ferskûlje oant oaremoarntejûn ta. 6Mocht jim heit my dan wier misse, dan moatst sizze: David hat der by my tige op oanstien om sa gau mooglik nei syn wenplak Betlehem te gean. Syn hiele famylje hâldt dêr nammentlik it jierliks offerfeest. 7Seit er dan: It is bêst, dan stiet it der goed foar mei dyn tsjinstfeint. Mar makket er him tige lilk, dan witst dat er fêst fan doel is dat kwea te dwaan. 8Bliuw trou oan dyn tsjinstfeint. Do bist ommers by de Heare in ferbûn mei dyn tsjinstfeint oangien. Mocht ik lykwols skuld ha, meitsje do my dan sels dea, mar leverje my yn gjin gefal út oan jim heit. 9Mar Jonatan sei: Hoe komst der by! As ik der wis fan wie, dat ús heit fêst fan doel wie dat kwea oer dy komme te litten, dan hie ik it dy ommers wol ferteld. 10David sei tsjin Jonatan: Wie der mar ien, dy’t it my oerbringe koe as jim heit dy der faaks hurd oer fallen is. 11Doe sei Jonatan tsjin David: Kom mei it fjild yn. En se gongen tegearre it fjild yn.
12Jonatan sei dêrop tsjin David: By de Heare, de God fan Israel: mar moarn om dizze tiid hinne of oaremoarn sil ik ús heit útharkje. Mocht it der dan goed foar dy útsjen, soe ik dy dan gjin boadskip stjoere en it dy yn betrouwen meidiele? 13De Heare mei Jonatan wit-wat dwaan en noch helte mear, mar as ús heit it yn it sin hat dy kwea te dwaan, dan sil ik dy dat yn betrouwen meidiele. Ik jou dy dan ferlof, dan kinst feilich fuortkomme. Mei de Heare dan mei dy wêze, lykas Er mei ús heit west hat. 14Mocht ik dan noch yn libben wêze, och doch my dan om ’e wille fan de Heare de geunst dat ik net hoech te stjerren. 15Lûk dan dyn geunst noait fan myn húshâlding ôf. Ek net, as de Heare Davids fijannen ien foar ien fan ’e ierde útroeget. 16En mocht Jonatan mei it hûs fan David útroege wurde, dan sil de Heare it wreke oan Davids fijannen. 17En nochris liet Jonatan David swarre by syn leafde foar him, want hy hâlde likefolle fan him as fan himsels.
18Jonatan sei tsjin him: Moarn is it nije moanne. Se sille dy dan misse, mei’t dyn plak leech is. 19Hâld dy dan trije dagen lang goed achterôf en kom op ’e earste wurkdei nei it plak dêrst ferside sitten hast en gean dan njonken dy stien dêre sitten. 20Ik sil dêr dan trije pylken lâns sjitte, krekt as skeat ik op in doel. 21Dêrop sil ik de jonge derop út stjoere: Gean hinne, sykje de pylken op. Rop ik dan tsjin de jonge: De pylken lizze dêr net, mar tichterby; krij se op – dan kinst wol komme, want dan is it feilich foar dy. Sa wier as de Heare libbet, dan is der neat te rêden. 22Mar sis ik tsjin ’e feint: De pylken lizze dêr net, mar fierderop – gean dan fuort, want de Heare stjoert dy fuort. 23Wat de saak oangiet dêr’t do en ik oer praat ha: Sjoch, de Heare hâldt foar altyd it each oer dy en my.
David moat útnaaie
24Sa ferskûle David him yn it fjild. Doe’t it nije moanne wurden wie, gong de kening oan tafel om te iten. 25No siet de kening op syn eigen plak, lykas altyd it plak by de muorre. Jonatan siet foar him oer, wylst Abner njonken Saul siet. It plak fan David lykwols bleau leech. 26Dy deis sei Saul der neat fan, want hy tocht: Der sil him wat oerkommen wêze, dat makket dat er net rein is. Ja, hy is grif net rein.
27Mar de deis nei nije moanne, de twadde deis, wie Davids plak wer leech. Doe sei Saul tsjin syn soan Jonatan: Wêrom is de soan fan Isai sawol juster as hjoed net oan tafel kommen? 28Jonatan antwurde Saul: David hat der tige by my op oanstien om nei Betlehem ta. 29Hy sei: Jou my dochs ferlof, want wy hawwe in offerfeest fan ’e famylje yn ’e stêd. Myn broer sels hat my oproppen. No dan, ast it goed mei my mienste, jou my dan frij om myn bruorren te treffen. Dêrom is er net by de kening oan tafel kommen.
30Doe waard Saul tige lilk op Jonatan. Hy sei tsjin him: Do dwerskoppige dogeneat! Hie ik it net tocht, datsto ta dyn eigen skande en ta skande fan dyn memme skamte, it hâldst mei de soan fan Isai? 31Salang’t ommers dy soan fan Isai op ierde omrint, bist net wis fan dysels en ek net fan dyn keningskip. Bring him no mar by my, want stjerre sil er!
32Jonatan lykwols joech syn heit Saul antwurd. Hy sei tsjin him: Wêrom moat er stjerre? Wat hat er dien? 33Mar Saul smiet de spear nei him ta om him te reitsjen. Doe wist Jonatan dat syn heit fêst fan doel wie David te deadzjen. 34Dat Jonatan gong gleon fan lilkens by tafel wei. Hy krige de twadde deis fan nije moanne gjin iten, want hy hie it der tige mei te dwaan, dat syn heit David sa misledige hie.
David en Jonatan nimme ôfskied
35De oare moarns gong Jonatan it fjild yn om David neffens ôfspraak te treffen. Hy hie in lytse jonge by him. 36Hy sei tsjin ’e jonge: Meitsje oan, helje de pylken op, dy’t ik fuortsjit. De jonge rûn fuort en hy skeat in pylk oer him hinne. 37Doe’t de jonge oankaam by it plak dêr’t Jonatan de pylk hinne sketten hie, rôp Jonatan de jonge nei: Leit de pylk net fierderop? 38Jonatan rôp him noch nei: Meitsje oan, sjit op, bliuw net stean! De jonge naam de pylk op en kaam by syn hear. 39De jonge wist hielendal fan neat. Allinne Jonatan en David wisten fan ’e saak ôf. 40Doe joech Jonatan syn sjitark oan ’e jonge dy’t er by him hie, en hy sei tsjin him: Gean mar fuort, bring it nei de stêd.
41Doe’t de jonge fuortgien wie, kaam David oerein njonken de stien wei. Hy liet him foaroer oer de grûn falle en bûgde him trije kear. Doe tuten se inoar en hja skriemden tegearre oant David it suver te bot makke. 42Dêrop sei Jonatan tsjin David: Gean yn frede. Wy hawwe ommers by de namme fan de Heare sward: do en ik, dyn neigeslacht en mines, wy sille ús altyd yn ’e Heare oan elkoar ferbûn fiele.