De libbene stien en it hillich folk
1Dêrom fuort mei alle gemienens en bedroch, mei alle huchelderij, oergeunst en rabberij. 2Lytse poppen binne slij nei molke. Sa moatte jimme slij wêze nei de echte geastlike molke, dy’t net oanlinge is, om dêrtroch grutter te wurden en dêrmei tichter by it behâld te kommen. 3Jimme hawwe ommers al preaun dat de Hear goed is. 4Jou jim dan by Him, de libbene stien, dy’t troch de minsken wol ôfkard is, mar earste keur is by God. 5Lit jimme sels ek as libbene stiennen foegje yn in geastlike timpel. Wurd sa in hillich prysterfolk om geastlike offers te bringen, dy’t God graach oannimt troch Jezus Kristus. 6Want der stiet yn in tekst:
Sjoch, Ik lis yn Sion in earste-keur stien,
in kostbere hoekstien.
Wa’t dêrop betrout,
sil wiswier net beskamme weikomme.
7Kostber is dy stien foar jimme dy’t leauwe. Mar foar har dy’t net leauwe jildt: De stien dy’t de bouwers der útsmiten hawwe, dy is in hoekstien wurden. 8En: In stien dêr’t se oer stroffelje en in rots dêr’t se oer falle. Se stroffelje deroer, om’t se net nei Gods wurd harkje wolle. Dêr wienen se ek foar ornearre.
9Mar jimme binne in útsocht skaai, in keninklik prysterfolk, in hillige naasje, in folk dat God as sines oannommen hat, om de grutte dieden te ferkundigjen fan Him dy’t jimme út it tsjuster yn syn wûnderbaarlik ljocht roppen hat. 10Jimme dy’t ienris net syn folk wienen, mar no Gods folk binne; dy’t ienris gjin weet hienen fan Gods barmhertichheid, mar dy’t dy barmhertichheid no krige hawwe.
Libje as tsjinstfeinten fan God
11Béête freonen, ik stean der by jimme op oan, dat jimme as frjemden en tydlike bewenners jimme fier hâlde fan ’e sûndige begearten. Want dy stride aloan tsjin jim wiere libben. 12Lit jimme hâlden en dragen ûnder de heidenen goed wêze. Dan sille se, ek al berabje se jimme as kweadoggers, as se jimme goede dieden sjogge, dochs God priizje de deis dat Hy komt.
13Wit jim plak foar alle minsklike ynstellings oer, om’t de Hear it sa wol. Wês de keizer hearrich, dy’t de heechste macht hat, 14mar de gouverneurs likegoed, dy’t troch him stjoerd binne, om har dy’t kwea dogge te straffen en har dy’t it goede dogge te priizjen. 15Want dat is de wil fan God: dat jimme, troch it goede te dwaan, it dom praat fan dwaze minsken it swijen oplizze. 16Hâld en draach jimme as frije minsken: brûk de frijheid net om jimme ferkeardens goed te praten, mar om God te tsjinjen. 17Haw earbied foar alle minsken, haw jimme kristenbruorren leaf, freezje God en earje de keizer.
It foarbyld fan Kristus’ lijen
18Hússlaven, wit mei alle earbied jim plak foar jimme masters oer; net allinnich foar de goede en noflike, mar ek foar de minne. 19Want sa wint ien Gods geunst: as er, om’t er mei God rekken hâldt, lijen ferneare moat dat er net fertsjinne hat. 20As jimme jim geduldich slaan litte om’t jimme ferkeard dien hawwe, is dat neat besûnders. Mar as jimme it goede dogge en dan lije moatte, dat jout geunst by God. 21Dêr binne jimme ommers ta roppen. Want ek Kristus hat foar jimme lit. Hy hat jim in foarbyld jûn, dat jimme yn syn fuotstappen gean soenen.
22Hy hat gjin sûnde dien
en net ien dy’t oait in ûnoprjocht wurd fan him heard hat.
23As Er útskolden waard, die Er it net werom. As Er mishannele waard, kaam Er net mei drigeminten fanwegen, mar joech it oer oan God dy’t rjochtfeardich oardielet. 24Hy hat persoanlik ús sûnden yn syn lichem it krús op droegen. Sa woe Er ús frijmeitsje fan ’e sûnden en ús libje litte foar de gerjochtichheid. De striemen dy’t hy krige, binne jimme sûn fan wurden. 25Jimme wienen as skiep it paad bjuster rekke, mar no hawwe jim de wei wer fûn nei de Hoeder en Fersoarger fan jimme libben.